Kendra Lust

Ut Wikipedy
Kendra Lust
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michelle Anne Mason
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 septimber 1978
berteplak Madison Heights (Michigan)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20112021
offisjele webside
kendralust.com

Kendra Lust, echte namme: Michelle Anne Mason (Madison Heights (Michigan), 18 septimber 1978), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Frânsk-Kanadeesk en Italjaansk etnysk komôf. Hja sette yn 2012 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, wêrby't hja gauris yn 'e rol fan 'e milf of cougar cast waard. Neffens har offisjele opjefte is Lust 1.62 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 34DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en iere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kendra Lust waard yn 1978 berne yn Madison Heights, yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Op 'e middelbere skoalle wie se lid fan sawol it softbal- as it basketbaltiim. Ein njoggentiger jierren wurke hja oardel jier as stripper yn stripklubs yn Detroit om har stúdzje te bekostjen. Lust waard diplomearre ferpleechkundige en wurke neitiid sân jier lang yn 'e sûnenssoarch. Neitiid fêstige hja fanôf ein 2011 har namme yn 'e Amerikaanske pornoyndustry mei webcamshows op har eigen webside.

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maart 2012 makke Lust har debút as aktrise yn 'e pornografyske film Peeping at the Keyhole, foar it Brazzers-label, yn in lesbyske sêne mei har kollega's Phoenix Marie en Rachel Starr. Har earste heteroseksuële sekssêne hie Lust mei akteur Manuel Ferrara, yn 'e film Legendary Players 2, dy't begjin 2015 útbrocht waard. Har earste ynterrasiale sekssêne hie Lust yn 'e film The Booty Movie, dy't yn novimber 2014 útkaam.

Yn maaie 2015 sleat Lust in kontrakt foar ien jier mei de lytse studio ArchAngel Productions om eksklusyf yn ynterrasiale sekssênes foar dat label te spyljen. De moanne dêrop tekene se by Zero Tolerance as in net-eksklusive kontraktaktrise. Dy oerienkomst bea har de mooglikheid om sels films te regissearjen en in kolleksje seksboartersguod op 'e merk te bringen dat foarme is nei har eigen lichem. Yn it neijier fan 2015 wurke Lust mei oan har earste anale sekssêne, mei akteur Mick Blue, yn 'e film Miss Tushy.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Kendra Lust sûnt maart 2012 yn totaal yn mear as 130 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Evil Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Digital Sin en New Sensations. Fierders hat se ek wol yn 't spier west foar wat minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Third Degree Films en Girlfriends Films. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Njonken har wurk as aktrise is Lust ek noch altyd aktyf as webcamgirl en teffens posearret se geregeldwei as neakenmodel foar in breed skala oan neakenblêden. Fierders is se ek wurksum as stripper, wêrby't se tsjintwurdich as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns reizget. Teffens runt se in eigen ympressariaat foar pornoakteurs, dat Society 15 hjit. Lust hat ferskate prizen en nominaasjes yn 'e wacht sleept foar har prestaasjes as pornoaktrise en stripper. Sa hat se sân kear nominearre west foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld). Yn 2015 wûn se de NightMoves Award foar bêste cougar/milf-artyste en dêropta de Xbiz Award foar milf-artyste fan it jier.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kendra Lust is troud mei in Amerikaanske plysjeman, mei wa't hja in dochter hat.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2013 NightMoves Award nominearre bêste sosjale media-stjer n.f.t.
Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Anikka Albrite, Brooklyn Chase, Jacky Joy, Christy Mack, Kelly Madison, Romi Rain en Ryan Madison) The Madison's Mad Mad Circus
nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
NightMoves Award nominearre bêste milf-artyste n.f.t.
Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
2015 AVN Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
nominearre bêste webside fan in pornostjer (foar KendraLust.com) n.f.t.
NightMoves Award nominearre bêste lichem n.f.t.
wûn bêste cougar/milf-artyste (kar fan de fans) n.f.t.
Xbiz Award wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2016 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Mick Blue) Miss Tushy
nominearre bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Sean Michaels en Prince Yahshua) True Lust
nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne yn in finjetpublikaasje (mei Nicole Aniston en Chad White) 2 Chicks Same Time Vol. 20
nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.