Rhylee Richards

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rhylee Richards
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Rhylee Richards (rj.) mei har styfsuster Rhyse Richards.
Rhylee Richards (rj.) mei har styfsuster Rhyse Richards.
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Rhylee Richardson,
Mrs. Richardson
echte namme Tiffany Jae Tyler
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 24 jannewaris 1980
berteplak Miami (Floarida)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
prostituee
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
gjint

Rhylee Richards, echte namme: Tiffany Jae Tyler (Miami, 24 jannewaris 1980), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Rhylee Richardson en Mrs. Richardson. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 36D, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Har âldere styfsuster Rhyse Richards wie foarhinne ek wurksum as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Richards waard yn 1980 berne yn Miami, yn it subtropyske suden fan 'e steat Floarida. Hja groeide op yn 'e oanbuorjende stêd Boca Raton. Mei 21 jier, yn 2001, ferfear se nei Kalifornje, dêr't se har nei wenjen sette yn San Diego. Hja wurke seis jier lang as in eskortdame, foar't se yn 2007, doe't se 27 jier wie, har debút makke yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Richards sûnt yn mear as 65 ûnderskate films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Gina Lynn Productions, New Sensations, Jules Jordan Video, Pure Play Media, Third Degree Films, Anabolic Video en Adam & Eve. Ek hat se in protte wurke foar pornosites op it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings en Brazzers.

Richards fertolket yn har wurk gauris de rol fan milf of cougar. Har âldere styfsuster Rhyse Richards wie foarhinne ek wurksum as pornoaktrise, en mei har wurke Rhylee gauris gear, bgl. by in sêne foar de site SisterReunion.com. Rhylee Richards wennet tsjintwurdich wer yn Boca Raton.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: