Abbey Brooks

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Abbey Brooks
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Abbey Brooks at Playboy Mansion 11.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Abby Brooks
echte namme Abbey Brooks (?)
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 17 febrewaris 1983
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
Flag of the American Indian Movement.svg Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.abbeybrooks.com
Abbey Brooks.

Abbey Brooks (mooglik har echte namme; Chicago, 17 febrewaris 1983), is in Amerikaansk fotomodel, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Yndiaansk etnysk komôf, wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Abby Brooks. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 34E.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abbey Brooks waard yn 1983 berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, mar groeide op yn 'e foarstêden fan Detroit, yn Michigan, as it ienlingsbern yn it gesin fan har âldelju. Se waard roomsk grutbrocht en genoat har oplieding fierhinne oan priveeskoallen. Doe't se sân jier wie, sette se ûnder begelieding fan har mem útein mei it dwaan fan modellewurk. Nei't se slagge wie foar de middelbere skoalle, rûne se mei goed gefolch in stúdzje businessmanagement ôf.

Dêrnei begûn Brooks in karriêre as neakenmodel, wêrby't se posearre foar in ferskaat oan neakenblêden. Yn 2006, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 130 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Evil Angel, Adam & Eve, Zero Tolerance, Digital Playground, New Sensations, Elegant Angel, Penthouse, Jules Jordan Video, Gina Lynn Productions, Pure Play Media, Digital Sin, Hustler Video en Diabolic Video. Dêrnjonken hat se ek in protte wurke foar pornosites as Reality Kings en Brazzers. Underwilens hat se trije kear in nominaasje foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 Danni's Hard Drive útroppen Girl of the Month n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Gabriella Fox, Brea Lynn, Veronica Rayne, Stoya, Shyla Stylez,
Marco Banderas, Charles Dera en Manuel Ferrara)
Pirates II: Stagnetti's Revenge
2014 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Nikki Benz en Phoenix Marie) Hot & Mean 9
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne (mei Nikki Benz en Phoenix Marie) Hot & Mean 9

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: