Moriah Mills

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Moriah Mills
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Moriah Mills.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 17 oktober 1990
berteplak New York (New York)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, porno-aktrise
jierren aktyf 2017 – no
offisjele webside
Moriah Mills op Twitter

Moriah Mills, echte namme ûnbekend (New York, 17 oktober 1990), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf. Hja sette yn 2017 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mills waard yn 1990 berne yn 'e wyk Queens fan 'e stêd New York, dêr't se ek opgroeide. Yn 2017, doe't se 27 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se ein 2018 yn mear as tweintich pornofilms spile. Dêrby hat se benammen yn 't spier west foar beskate pornowebsiden op it ynternet, lykas Reality Kings en Brazzers, hoewol't se ek wurke hat foar de foaroansteande filmstudio Digital Playground. Under har karriêre hat Mills gearwurke mei kollega-aktrises as Romi Rain en Nicolette Shea, en mei manlike tsjinspilers as Mick Blue, J-Mac, Sean Lawless, Keiran Lee en Ramon Nomar. Njonken har aktearwurk posearret Mills ek geregeldwei as neakenmodel foar fotoreportaazjes yn neakenblêden.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moriah Mills is negroïde, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.62 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en kupmaat 34DDD (ek wol werjûn as 34F), dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven de wenstinge gatsjes troch de earlellen hat se ek in nâlpiercing Fierders hat se in tatoeaazje fan twa roazen en in flinter op har rjochterstút.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: