Nicolette Shea

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nicolette Shea
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Nicolette Shea.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicolette Shea
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 18 novimber 1986
berteplak Las Vegas (Nevada)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
Nicolette Shea op Twitter

Nicolette Shea (Las Vegas, 18 novimber 1986) is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2011 útein mei in wurkpaad as neakenmodel, begûn letter ek te wurkjen as stripper en makke yn 2017 har debút as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shea waard yn 1986 berne yn Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada. Hja krige bekendheid as neakenmodel doe't hja yn oktober 2011 de Playboy Cyber Girl of the Month wie. Neitiid bleau Shea aktyf as neakenmodel en posearre se noch ferskate kearen foar de Playboy en foar oare neakenblêden. Nei ferrin fan tiid begûn se ek as stripper te wurkjen, wêrby't se as feature dancer foar optredens by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns reizget.

Op 'e tillefyzje wurke Shea mei oan 'e searje Playboy Plus' Pretty in Pink Vol. 2, op 'e stjoerder Playboy TV. Yn 2017 makke se de oerstap nei de Amerikaanske pornoyndustry, dêr't se in sekssêne die yn 'e film Flixxx: Angela and Nicolette Get Wet, fan 'e studio Digital Playground. Letter datselde jiers spile se mei pornoakteur Keiran Lee yn 'e film Don't Bring Your Sister Around Me, fan it Brazzers Network.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nicolette Shea is blank, mei griene eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.81 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en kupmaat 36D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven de wenstige piercings troch har earlellen hat se ek in nâlpiercing. Shea hat lykwols gjin tatoeaazjes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: