Charisma Cappelli

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Charisma Cappelli
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Charisma Capelli 03, Fashion Show 2009.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Charisma Capelli
echte namme Shannon Evans
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 8 juny 1986
berteplak ? (Kentucky)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20082014
offisjele webside
clubcharismaxxx.com

Charisma Cappelli, echte namme: Shannon Evans (yn Kentucky, 8 juny 1986), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Har artystenamme wurdt ek wol (mis)stavere as Charisma Capelli. Hja sette yn 2008 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Cappelli stie benammentlik bekend om har grutte silikoaneboarsten. Yn 2014 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cappelli waard yn 1986 berne yn 'e Amerikaanske steat Kentucky, en groeide op as in wyldkat op in hynstefokkerij op it plattelân dêre. Se makke har debút as aktrise yn in pornografyske film yn 2008, doe't se 22 jier wie, mei in rol yn Monster Tits 2, fan 'e lytse filmstudio Exquisite.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Cappelli yn totaal yn krapoan hûndert films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Evil Angel, Adam & Eve, Jules Jordan Video, Diabolic Video, Red Light District, Hustler Video en Devil's Film. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Third Degree Films en Girlfriends Films, en teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Brazzers, Naughty America en Muffia.

Under har karriêre yn 'e pornoyndustry wurke Cappelli gear mei kollega-aktrises as A.J. Applegate, Lily Carter, Kelly Divine, Sara Jay, Kagney Linn Karter, Shawna Lenée, Lisa Lipps, Janet Mason, Bobbi Starr en Sienna West, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Marco Banderas, James Deen, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Billy Glide, Tommy Gunn, J-Mac, Keiran Lee, Ramon Nomar en Mark Wood.

Njonken har aktearwurk wie Cappelli ek aktyf as neakenmodel en as stripper. Yn it ramt dêrfan posearre se foar neakenfotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden en reizge se de hiele Feriene Steaten ôf om yn stripklubs op te treden as feature dancer. Yn har frije tiid die Cappelli neffens har eigen webside in soad oan hynsteriden en mocht se ek graach lange kuiertochten yn 'e frije natoer meitsje. Yn 2014 breide se in in ein oan har wurkpaad as pornoaktrise en loek se har út 'e Amerikaanske pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Charisma Cappelli is blank, mei brune eagen en fan natuere ljochtbrún of dûnkerblûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, wêrfan't har boarsten nei't it skynt 3½ kg útmeitsje. Se hat kupmaat 34D, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat Cappelli ek in piercing troch har klitoris, mei dêropta in nâlpiercing. Fierders hat se ferskate tatoeaazjes: in flinter op har ûnderrêch, de tekst "Daddy's Little Girl" boppe har skamstreek en trije stjerren op har rjochterankel.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: