Eva Angelina

Ut Wikipedy
Eva Angelina
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Eve Angelina, Eva Angelica,
Eve Angelica, Eva, Ava,
Angelina del Mar
echte namme Nicole Frances Clyne
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 maart 1985
berteplak Huntington Beach (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
Ingelsk
Kubaansk
Sineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20032004 & 20042019
offisjele webside
www.evaangelina.com

Eva Angelina, echte namme: Nicole Frances Clyne (Huntingdon Beach (Kalifornje), 14 maart 1985), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Eve Angelina, Eva Angelica, Eve Angelica, Eva, Ava, Angelina del Mar. Hja sette yn 2003 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en waard al rillegau tige populêr. Har hannelsmerk is har bril, dy't se yn 'e measte sênes op hâldt. Eva Angelina wûn ferskate wichtige prizen, wêrûnder yn 2008 de AVN Award yn 'e kategory bêste aktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eva Angelina waard yn 1985 berne yn Huntington Beach, ûnder de reek fan Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja is fan mingd Iersk, Ingelsk, Kubaansk en Sineesk etnysk komôf, en groeide op yn in, nei eigen sizzen, "tige ryk" fermidden, oant har famylje "sa'n bytsje alles ferlear" doe't se trettjin jier wie. Angelina brocht de earste twa jier fan har libben troch yn Madrid. Doe't se acht jier wie, waard har heit oannommen troch de Switserske loftmacht om fleantugen te ûntwerpen, en dêrnei wenne it gesin twa jier lang yn Switserlân. Har tinerjierren brocht se troch yn Orange County, yn súdlik Kalifornje.

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Angelina rekke yn 'e Amerikaanske pornoyndustry behelle troch op in advertinsje yn in krante te reägearjen. Hja makke in fearnsjier nei har achttjinde jierdei, yn 2003, har debút yn in pornografyske film foar it label Shane's World. Har skûlnamme is ôflaat fan Longfellow syn heldinne Evangeline. Hoewol't se har fan maaie oant novimber 2004 in hoart weromloek út pornoyndustry om 'e middelbere skoalle ôf te meitsjen, wist Angelina al rillegau grutte populariteit te winnen. Hja stiet bekend om har bril, dy't se yn in grut part fan har sekssênes draacht. Dy bril is gjin gimmick, mar bittere needsaak, om't se minne eagen hat. It is lykwols alris foarkommen dat se mei kontaktlinzen yn op in filmset arrivearre, mar troch de regisseur wer nei hûs stjoerd waard om har bril op te heljen.

Eva Angelina mei har bril op.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Angelina sûnt 2003 yn likernôch 550 ûnderskate pornofilms spile. Dêrby hat se wurke foar sokke foaroansteande labels as Diabolic Video, VCA Pictures, Penthouse, Elegant Angel, Vivid Entertainment, Wicked Pictures, New Sensations, Sin City, Evil Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Anabolic Video, Adam & Eve, Red Light District, Digital Sin, Hustler Video en Devil's Film.

Fierders hat Angelina ek wol yn 't spier west foar minder bekende filmstudio's, wêrûnder West Coast Productions, Pure Play Media, Jill Kelly Productions, Third Degree Films, Platinum X Pictures en Gina Lynn Productions. Teffens hat se in protte meiwurke oan sênes foar pornowebsiden op it ynternet, lykas BangBros, Brazzers en Naughty America. Mei har wurk hat Angelina fjouwer AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) wûn, wêrûnder yn 2008 de AVN Award yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2010 waard Angelina troch it tydskrift Maxim útroppen ta ien 'e top 12 pornostjerren fan 'e wrâld. Yn juny 2010 stie se as Pet of the Month yn it neakenblêd Penthouse.

Mainstream[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eva Angelina hat ek as mainstream-aktrise aktyf west, wêrby't se figurearre yn tillefyzjesearjes as 7th Heaven en Cousin Skeeter. It nûmer Eva Angelina fan it album Blue Suicide fan 'e band Coma Cinema is oan har opdroegen.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Angelina wie fan 2007 oant 2009 troud] mei kollega-pornoakteur Danny Mountain. Hja hawwe in dochter, Silvi Mountain, dy't berne is op 8 desimber 2008. Neitiid hat Angelina noch in twadde kear troud west, mar ek dat houlik einige yn in skieding.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eva Angelina hat brune eagen en lang brún hier mei gauris ien of mear lokken mei oare (ferve) kleuren dertrochhinne, benammen felread of blau. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 54 kg. Hja hat kupmaat 34D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven yn har earlellen hat se piercings troch har beide spiennen, har nâle, har rjochternoaswjuk en har lofterwynbrau. Teffens hat se ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in ûnderrêchtatoeaazje; in half-sleeve mei in grutte skedel op har rjochterboppe-earm; in hertsje mei duvelhoarnen boppe har lofterboarst; de tekst "nimmen is perfekt oant jin op dyjinge fereale wurde" yn it Gryksk op har lofterside, de namme "Sylvi" op har lofterpols; en de tekst "take me / or not" oan 'e binnenkant fan har rjochterpols en "as I am / at all" oan 'e binnenkant fan har lofterpols.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 NightMoves Award wûn bêste aktrise (publykspriis) n.f.t.
2008 AVN Award wûn bêste solosekssêne Upload
wûn bêste aktrise (fideo) Upload
Xbiz Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn bêste inkele optreden fan in aktrise Upload
2010 AVN Award nominearre ynternetstjer fan it jier n.f.t.
wûn bêste lesbyske groepsekssêne (mei Sunny Leone, Teagan Presley en Alexis Texas) Deviance
Xbiz Award wûn pornostjerwebside fan it jier (foar EvaAngelina.com) n.f.t.
XRCO Award wûn bêste comeback fan in aktrise n.f.t.
2011 AVN Award wûn bêste striptease (mei Alexis Texas) Car Wash Girls
2013 AVN Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.