Springe nei ynhâld

Mya Nichole

Ut Wikipedy
Mya Nichole
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Maya Nicole, Adrianna Luxe,
Mya Nicole, Mya McKay
echte namme Nicole McKay
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 juny 1984
berteplak Indianapolis (Indiana)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Skotsk
Boheemsk
Brazyljaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20072013
offisjele webside
www.clubmyanichole.com

Mya Nichole, echte namme: Nicole McKay (Indianapolis, 23 juny 1984), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Amerikaansk-Skotsk-Tsjechysk- Brazyljaansk etnysk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Mya McKay en Andrianna Luxe. De namme dêr't hja úteinlik ûnder bekend wurden is, waard ek wol (mis)stavere waard as Maya Nicole, Mya Nicole.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mya Nichole is hikke en tein yn Indianapolis, yn 'e steat Indiana. Hja rekke yn 2006 foar it earst by de Amerikaanske pornoyndustry belutsen en makke yn 2007, doe't se 23 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Se sette útein mei solosênes en lesbyske pornografy, mar stapte al rillegau oer nei heteroseksuële produksjes. Dêrby skaaiden har films gauris út nei anale seks en dûbele penetraasje. Fierwei it grutste part fan har oeuvre waard makke foar ynternetwebsiden as BangBros, Brazzers en Kink.com. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnjonken yn totaal yn 95 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Third Degree Films, Pure Play Media, Diabolic Video, Zero Tolerance, Penthouse, Digital Sin, Jules Jordan Video, ClubJenna, Vivid Entertainment, Devil's Film, Red Light District en Shane's World.

Nichole stie bekend om har grutte ferskaat oan tatoeaazjes, wêrûnder ien fan in draak yn har nekke, in each fan Hoarus op har lofterskouderblêd, in grutte krusifiks oer har hiele rêch, blommen oan in klimplant om har rjochterearm hinne wuolle en op har knokkels "D O L L" (rjochterhân) en "F A C E" (lofterhân). Dernjonken hie se ferskate piersings, û.m. yn har tonge, har nâle en har klitoris. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har karriêre 1.65 m, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 32D, dy't se krigen hie troch yn desimber 2008 in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Neffens eigen sizzen is Nichole biseksueel en jout se de foarkar oan froulju, mar se hat ûnder har karriêre teminsten mei ien manlike kollega in relaasje hân. Oars as dat by de measte pornoaktrises it gefal is, ûnderhâldt Nichole in goede relaasje mei har mem.

Yn 2009 sleepte Nichole in nominaasje yn 'e wacht foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), yn 2010 folge troch noch fiif oaren fan sokke nominaasjes. Yn 2013 loek se har úteinlik út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre bêste nije ynternetstjer n.f.t.
Urban X Award wûn bêste triosekssêne (mei Prince Yahshua en C.J. Wright) Deep in Latin Cheeks 3
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Shawna Lenee, Devon, Jenaveve Jolie en Melissa Lauren) Babes Illustrated 18
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Jessica Jaymes en Lee Stone) Sleazy Riders
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Prince Yahshua en C.J. Wright) Deep in Latin Cheeks 3
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Jenner en John Strong) Incumming 15
nominearre skandalichste sekssêne (mei Amber Rayne en Will Steiger) Deep Anal Abyss 2

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: