Claire Dames

Ut Wikipedy
Claire Dames
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tasia Nicole Turner
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 augustus 1981
berteplak Sacramento (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Frânsk
Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.clubclairedames.com

Claire Dames, echte namme: Tasia Nicole Turner (Sacramento (Kalifornje), 13 augustus 1981), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk, Frânsk en Nederlânsk etnysk komôf. Hja sette yn 2006 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Har artystenamme 'Claire Dames' is in wurdspiling op 'e namme fan mainstream-aktrise Claire Danes.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dames waard yn 1981 berne yn Sacramento, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja sette om 2005 hinne útein mei in wurkpaad as stripper en neakenmodel, en makke yn 2006 har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Dames sûnt yn likernôch 200 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Anabolic Video, Red Light District, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Digital Playground, Shane's World, Hustler Video, Devil's Film, Zero Tolerance en Diabolic Video.

Claire Dames lit har stuten sjen.

Teffens hat Dames wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Third Degree Films, Legend Video, Platinum X Pictures, Black Ice, West Coast Productions en Extreme Associates. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Bang Bros, Brazzers en Naughty America. Yn 2009 wûn Dames yn 'e mande mei fiif fan har kollega's in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory skandalichste sekssêne, foar harren optreden yn 'e film Night of the Giving Head. Datselde jiers waard se nominearre foar in AVN Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise.

Yn juny 2009 waarden Dames en fiif oare persoanen (wêrûnder pornoaktrise Natasha Nice) arrestearre foar it ûntbleatsjen fan harren boarsten yn it iepenbier. Letter dy simmer kundige Dames oan dat se har weromloek út 'e pornoyndustry, mar yn novimber fan datselde jiers ferfette se har karriêre alwer.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Claire Dames is blank, mei griene eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 61 kg. Hja hat kupmaat 34F, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven om har boarsten stiet Dames benammen bekend om har grouwe stuten. Se hat in nâlpiercing en in Madonna-piercing. As tattoeaazjes hat hja op har lofterboppe-earm in healmouwe mei in Alice in Wonderland-motyf, en fierders in flinter mei de tekst "Hit it Harder" tusken har nâle en har skamstreek; in bân om har lofterankel mei in pearze roas en in fûnkelstien oan 'e binnenkant en in hoefizer mei klaverke fjouwer oan 'e bûtenkant; en in floral op 'e rêch fan har rjochterfoet.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (fideo) Sperm Splattered 4
2009 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (fideo) Night of the Giving Head
nominearre bêste byrol fan in aktrise Night of the Giving Head
wûn skandalichste sekssêne (mei Nikki Rhodes, Samantha Sin, Chris Johnson, Alan Stafford en Jack Vegas) Night of the Giving Head

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: