Springe nei ynhâld

Houston (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Houston
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kimberly Halsey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 maart 1969
berteplak Long Beach (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19952005
offisjele webside
www.hothouston.com
houstonsworld.com

Houston, echte namme: Kimberly Halsey (Long Beach (Kalifornje), 24 maart 1969), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't benammentlik bekendheid krige doe't se yn 1999 de haadrol spile yn 'e pornografyske film The World's Biggest Gangbang 3. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har karriêre 1.70 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 36D, dy't se krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Houston waard yn 1969 berne yn Long Beach, in Súdkalifornyske foarstêd fan Los Angeles, mar groeide foar in grut part op yn Noarwegen. Hja hat in twillingbroer dy't by de Kalifornyske snelweiplysje (highway patrol) wurke, en is in beppesizzer fan Clair Weeks (1911-1996), in bekend tekenfilmmakster en -produsinte foar de Disney-studio's, dy't û.m. meiwurke oan ferneamde films as Snow White and the Seven Dwarfs (1937), Bambi (1942) en Cinderella (1950). Hja joech letter ûnderwiis yn it meitsjen fan tekenfilms yn Yndia, dêr't Houston har mem sadwaande opgroeide.

Fan it begjin fan 'e njoggentiger jierren ôf wurke Houston út en troch as neakenmodel en stripper, en teffens wie se ris in body double foar Pamela Anderson. Se waard lykwols yn 1995 ûntdutsen troch de Amerikaanske pornoregisseur Peter Davy, doe't se as in oaljewrakselster yn 'e ferneamde Tropicana Club yn Hollywood wurke. Om't se sa'n protte op 'e aktrise Bo Derek liek, waard har troch de filmstudio Nitro Productions in kontrakt oanbean. Dêr fertsjinne Houston $1.000 de moanne oant se úteinlik oerstapte nei konkurrint Metro Global Media.

Houston is it bekendst wurden troch har optreden yn 'e pornografyske film The World's Biggest Gangbang 3: The Houston 620, in gangbangfilm út 1999 fan it Metro-label dy't presintearre waard troch pornofeteraan Ron Jeremy. Dêryn hie se op ien dei seksuële omgong mei 620 ûnderskate manlju, wat in nij rekôr wie nei de eardere gangbangfilms fan Annabel Chong (1995) en Jasmin St. Claire (1996). Neitiid ûntstie der trouwens rebûlje oer dy bewearing, mei't ferskate eachtsjûgen útholden dat se de 620 by lange nei net helle hie, en dat it wurklike oantal earder om 'e 100 hinne lei. It jier 1999 foarme it hichtepunt fan Houston har pornografyske karriêre, mei't se doe, nei't der grute wurdt, mear as $1 miljoen fertsjinne en $20.000 ophelle mei in wike dûnsjen yn stripklubs.

Houston yn 1999.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Houston ûnder har karriêre yn totaal yn 68 ferskillende pornofilms, wêrfan fierwei de measten foar de studio's Nitro Productions en Metro Global Media, mar ek wol foar bekendere labels, lykas VCA Pictures, Elegant Angel en Jules Jordan Video. Yn 2004 waard se ynhuldige as lid fan 'e prestizjeuze AVN Hall of Fame. Uteinlik loek se har yn 2005 út 'e pornoyndustry werom.

Mainstream-karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 die Houston mei oan 'e dokumintêre Porn to Rock, fan 'e stjoerder VH1, wêryn't ferslach dien waard fan it krewearjen fan ferskate pornoaktrises om troch te brekken yn 'e mainstream-muzykyndustry. Dat late yn 'e jierren dêrnei ta ferskate kameoroltsjes fan Houston yn 'e fideoklips fan rock- en rapartysten as de Kottonmouth Kings (Bump) en Sum 41 (The Hell Song). Ein 2003 brocht se har eigen earste single út, mei as titel What Do You Want from Me?, wêrnei't se in konsert joech yn it House of Blues, yn Los Angeles.

Houston die ek geregeldwei mei oan praatprogramma's op 'e Amerikaanske tillefyzje en radio, lykas de Howard Stern Show, de Jenny Jones Show en de Jerry Springer Show. Teffens ferskynde se yn 2003 yn 'e tillefyzjekwis Win Ben Stein's Money, dy't presintearre waard troch de komyk Ben Stein.

Krekt foar't se meidie oan The World's Biggest Gangbang 3 siet Houston 45 dagen fêst yn it Kalifornyske Ventura County, dêr't se harsels oanjûn hie nei in ynsidint fan riden ûnder ynfloed. Hja stie ek bekend om har iepenhertige bepraten fan 'e plastyske sirurzjy dy't se ûndergien hie, lykas de kear dat se op 'e Howard Stern Show fertelde dat se har skamlippen ynkoartsje litten hie, net inkeld út estetysk eachpunt foar close-ups yn pornofilms, mar ek om't se der lêst fan ûnderfûn by har dûnsjen yn stripklubs. Neitiid soe se de ôfknipte dielen fan har skamlippen by in online-feiling op 'e webside Erotic Bid ferkocht hawwe foar $50.000.

Yn 1999 waard der by in oare dielname fan Houston oan 'e Howard Stern Show nei de studio belle troch Brad Parascandolo, in 18-jierrige middelbere-skoaljonge út Staten Island, dy't presintator Howard Stern om help frege om Houston safier te krijen dat se as syn date meigie nei syn highschool prom. Houston stimde dêr sûnder wjerakseljen mei yn, en yn juny fan it jier besocht se sadwaande oan 'e earm fan Parascandalo de prom fan 'e jonge syn skoalle yn it Mariott Marquis Hotel yn New York, nettsjinsteande it grommeljen fan guon âldelju en de skoallieding oer ûnfoechsum hâlden en dragen. Dat ôfspraakje wie it begjin fan in relaasje tusken de pornostjer en de skoaljonge, dy't der úteinlik ta late dat Parascandalo nei Kalifornje ferfear om by Houston yn te lûken. Sawol Houston as Parascandalo fertelde neitiid yn fraachpetearen hiel iepentlik oer harren relaasje en it úteinlike freonskiplike útinoargean.

Yn maaie 2012 publisearre Houston har autobiografy, mei as titel Pretty Enough: The Story of the Gang Bang Queen. By it skriuwen dêrfan wie hja holpen troch ghostwriter Charles Lupula, de soan fan 'e eardere pornoregisseur Fred J. Lincoln.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2004 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.