Mariah Milano

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Mariah Milano
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Mariah Milano.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jeanette Benardello
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 31 desimber 1979
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Flag of Italy.svg Italjaansk
Sicilian Flag.svg Sisyljaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19982013
offisjele webside
www.clubmariahmilano.com

Mariah Milano, echte namme Jeanette Benardello (New York, 31 desimber 1979), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Milano is hikke en tein yn Brooklyn, yn 'e stêd New York. Har mem komt fan Sisylje, wylst har heit in Amerikaan fan Italjaansk komôf is. Se rekke foar it earst belutsen by de pornoyndustry, doe't in eardere klasgenoate fan 'e middelbere skoalle yn 'e skientmesalon kaam dêr't sy doedestiden wurke, har fertelde dat se dy deis yn in pornografyske film spylje soe en frege oft se soms mei woe om ris op 'e set te sjen. Sa wie Milano dy deis foar it earst oanwêzich by de opnames fan in pornofilm. Se begûn har karriêre as pornoaktrise koart nei har achttjinde jierdei.

Tusken 1998 en 2000 spile Milano neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) mear as 240 films en liet se har fotografearje foar net minder as 38 ûnderskate tydskriften. Yn 2004 sette hja har eigen webside op (mariahxxx.net) en yn 2008 begûn se har eigen produksjebedriuw. Se stiet derom bekend dat se alle e-mails dy't se fan har fans ûntfangt, persoanlik beäntwurdet, en dat se alle leden fan har fanklub in krystkaart stjoert. Milano hat har iepentlik kritysk útlitten oer rasisme yn 'e pornoyndustry. Yn 2013 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 XRCO Award nominearre deep throat award n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste webside fan in pornostjer n.f.t.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: