Tanner Mayes

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tanner Mayes
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Tanner Mayes 2010.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Tanner Mays, Tanner Mayberry,
Tanner Maze, Evangeline, Tanja
echte namme Jillian Courtney Glover
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 31 maaie 1989
berteplak Adrian (Michigan)
etnisiteit Flag of Costa Rica.svg Kostarikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20082012
offisjele webside
www.clubtannermayes.com

Tanner Mayes, echte namme: Jillian Courtney Glover (Adrian (Michigan), 31 maaie 1989), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en kollumniste fan Kostarikaansk komôf, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Tanner Mays, Tanner Maze, Tanner Mayberry, Evangeline en Tanja. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m, mei in gewicht fan 52 kg.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tanner Mayes waard berne yn it plakje Adrian yn 'e steat Michigan, mar de middelbere skoalle folge se yn Fort Lauderdale, yn súdlik Floarida. Nei't se fan skoalle kommen wie, wurke se as in juridysk assistinte op in abbekatekantoar, foar't se yn 2008 mei de pornoyndustry yn 'e kunde brocht waard troch kollega-pornoaktrise Missy Mae.

Datselde jiers noch, koart foar har njoggentjinde jierdei, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 175 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler, Diabolic Video, Zero Tolerance, New Sensations, Evil Angel en Pure Play Media. Mayes waard ûnder har fjouwerjierrige karriêre nominearre foar net minder as acht AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld). Ein novimber 2009 sette se útein mei it skriuwen fan in searje artikels foar it tydskrift Wack! Magazine, ûnder de titel Tanner Mayes' aDICKtion Issues. Yn 2012 loek se har werom út 'e pornoyndustry.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei London Keyes, Nicole Ray en Allyssa Hall) Girlgasmic 2
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Lexi Belle en Erik Everhard) Jail Bait 6
Xbiz Award wûn bêste nije stjer fan it jier (publykspriis) n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
nominearre cream dream ("wiete dream") n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis Fresh Picked
nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Prinzzess) Women Seeking Women 65
nominearre bêste triosekssêne f/m/m (mei Michael Tierney en Criss Strokes) My Teen Swallows
2012 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Toni Ribas) Slutty & Sluttier 13
nominearre bêste opfiering fan in striptiis Slutty & Sluttier 13

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.