Wiete dream

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In wiete dream (of yn medysk jargon in nachtlike emisje) is in spontaan orgasme yn jins sliep, dat gauris mank giet mei of feroarsake wurdt troch libbene seksueel tinte dreamen. Hoewol't wiete dreamen oer it algemien meastal inkeld mei manlju assosjearre wurde, kin it ek froulju oerkomme. De oantsjutting 'wiet' ferwiist nei de siedútstoarting by manlju of ôfskieding fan faginaal focht by froulju. Wiete dreamen binne it algemienst yn 'e puberteit en oan it begjin fan 'e folwoeksenens, mar komme soms ek dêrnei noch foar. Men kin fan in wiete dream wekker wurde of der gewoan trochhinne sliepe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.