Kylie Ireland

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kylie Ireland
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Kylie Ireland DSC 0764.JPG
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kaylee Ireland
echte namme Kerri Lynn Evans
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 26 maaie 1970
berteplak Longmont (Kolorado)
etnisiteit Flag of Ireland.svg Iersk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur,
filmprodusinte, produksje-ûntwerpster, radiopresintatrise
jierren aktyf 19942017
offisjele webside
www.kylieireland.com

Kylie Ireland, echte namme: Kerri Lynn Evans (Longmont (Kolorado), 26 maaie 1970), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, regisseur en produsinte fan pornografyske films, produksje-ûntwerpster, radiopresintatrise en blochster. Soms komt men har artystenamme yn ferhaksele foarm tsjin as 'Kaylee Ireland'. Hja sette yn 1994 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn mear as 450 films. Ireland hat seis kear in prestizjeuze AVN Award wûn, en se is ynhuldige as lid fan sawol de AVN Hall of Fame, de XRCO Hall of Fame as de NightMoves Hall of Fame. Se wie ien fan 'e bekendste en langst aktive pornoaktrises fan 'e Feriene Steaten oant se har yn 2017 út 'e pornoyndustry weromloek.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ireland waard yn 1970 berne yn Longmont, in lyts plakje yn 'e Amerikaanske steat Kolorado deunby de stêd Boulder. Se is in iennichst bern en fan etnysk Iersk komôf. Nei't har âldelju skieden doe't se trettjin jier wie, kaam se by har heit te wenjen. Se krige gedrachsproblemen en mei fyftjin jier begûn se drugs te brûken. Uteinlik stjoerde har heit har nei har mem ta, dy't wertroud wie en yn San Diego wenne, yn Súdlik Kalifornje. Dêr werpakte Ireland harsels en slagge foar har eineksamens fan 'e middelbere skoalle. Yn dy snuorje hie se in bybaantsje yn in fideoteek, dêr't se nei eigen sizzen foar it earst yn kontakt kaam mei en in soad learde oer pornofilms. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, begûn Ireland in oplieding sjoernalistyk dy't se folge yn Boulder en Fort Collins, beide yn Kolorado.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As aktrise[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst se sjoernalistyk studearre begûn Ireland as stripper yn in stripklub yn Fort Collins te dûnsjen om harsels te ûnderhâlden. Dêrby brûkte se foar it earst de skûlnamme Kylie Ireland. Yn ferskate fraachpetearen hat se neitiid ferteld dat se de foarnamme Kylie keas om't se in fan fan 'e Australyske sjongster Kylie Minogue wie, en de efternamme Ireland ("Ierlân") fanwegen har Ierske komôf. Yn 'e stripklub mette Ireland in servearster dy't har earste lesbyske minneresse wie, en dy't letter de pornoaktrise Juli Ashton wurde soe.

Kylie Ireland yn har 'blonde perioade', yn 1994.

Yn 1994, doe't se 24 jier wie, gie Ireland mei Ashton nei Los Angeles om in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry te begjinnen. Ireland makke datselde jiers noch har debút yn in pornografyske film, nei't se yn 'e kunde kommen wie mei neakenfotograaf Warren Tang. Har earste beide films wiene Li'l Ms. Behaved, wêryn't se har earste heteroseksuële sekssêne hie mei akteur Randy West, en Up & Cummers 10, wêryn't se in lesbyske sêne hie mei Jenna Jameson, dy't doe ek krekt begûn as pornoaktrise. Nei har earste fiif films ferhuze Ireland nei Los Angeles, dêr't se har earste jier al yn tachtich films spile. Yn dy tiid liet se har hier blondearje; yn 1996, doe't se ûnder kontrakt stie by VCA Pictures, hold se dêrmei op en gie se werom nei har natuerlike, reade hier.

Fan 1995 oant en mei 2000 hie Ireland inkele eksklusive kontrakten mei filmstudio's, wêrby't se mar in pear films yn it jier makke. De rest fan 'e tiid reizge se as feature dancer by stripklubs yn 'e Feriene Steaten, Kanada en Jeropa lâns, dêr't se stripteases opfierde en har films promoate. Har earste kontrakt wie mei it lytse In-X-Cess, dêr't se lykwols min paste om't dy studio him mear talizze woe op mainstream-films. Foar In-X-Cess spile Ireland yn mar ien inkele film, The Passion. Har folgjende kontrakt wie mei Sin City, dêr't se lykwols yn it earste healjier fan har kontrakttiid yn gjin inkele film cast waard en ek net betelle krige. It kontrakt einige sadwaande mei in rjochtsaak omreden fan kontraktbrek, dy't besljochte waard foar de tillefyzjerjochter yn it realityprogramma Judge Judy, op 'e Amerikaanske tillefyzje. Dêrby waard Ireland yn it gelyk steld. Neitiid sleat se in kontrakt foar fiif jier ôf mei VCA Pictures. Se tsjinne fan 1999 oant 2000 ek as haad publisiteit foar VCA. Doe't har kontrakt ôfrûn, begûn se wer op freelance-basis te wurkjen. Yn april 2003 wurke se in moanne lang as haad publisiteit foar Sin City om te bewizen dat der nei de rjochtsaak gjin wrok mear tusken harren bestie.

As aktrise hie Ireland oan 'e ein fan har wurkpaad, yn 2017, yn mear as 450 pornofilms spile. De Internet Adult Film Database (IAFD) telde der yn 2020 472, mar dêr sitte ek guon kompilaasjefideo's tusken mei werútjeften fan earder wurk. Ireland wurke û.m. foar sokke foaroansteande labels as Sin City, Adam & Eve, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Red Light District, Anabolic Video, Diabolic Video, New Sensations, Evil Angel, Zero Tolerance, Digital Sin, Hustler Video en Elegant Angel. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Metro, Leisure Time Entertainment, Coast to Coast Video, Jill Kelly Productions, Shane's World, Pure Play Media, Platinum X Pictures, Third Degree Films, Mile High Media, Caballero Home Video, Girlfriends Films, Legend Video en Seymore Butts Home Movies. En teffens wie se in protte yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers, Naughty America, Blacks on Blondes en Kink.com.

Under har karriêre spile Ireland mei kollega-aktrises as Bunny Bleu, Asia Carrera, Kimberly Chambers, Danyel Cheeks, Stormy Daniels, Sophie Dee, Jewel De'Nyle, Jeanna Fine, Jada Fire, Nina Hartley, Houston, Jenna Jameson, Katja Kassin, Jill Kelly, Bridgette Kerkove, Renée LaRue, Shayla LaVeaux, Sally Layd, Francesca Le, Heather Lee, Christi Lake, Dyanna Lauren, Tiffany Mynx, Brittany O'Connell, Delilah Strong, Bianca Trump, Stacy Valentine, Rebecca Wild en Kitty Yung, en mei manlike tsjinspilers as Buck Adams, Jordan Ash, Marco Banderas, T.T. Boy, Seymore Butts, Tom Byron, Mark Davis, James Deen, Jon Dough, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Mike Horner, Keiran Lee, Sean Michaels, Pat Myne, Ramon Nomar, Peter North, Mr. Pete, Toni Ribas, Herschel Savage, Joey Silvera, Johnny Sins, Lexington Steele, Michael Stefano, Tony Tedeschi, Voodoo, Vince Vouyer, Randy West en Mark Wood.

Kylie Ireland op it AVN Expo fan 2005.

Ireland ûntjoech har nei har debút yn 1994 mei gauwens ta in tige populêr pornoaktrise. Se begûn mei lesbyske en orale en faginale heteroseksuële sekssênes, mar die ek al rillegau anale seks en dûbele penetraasjes. Se waard mar selden cast as haadrolspylster, en folle faker yn in byrol. Ien fan har bekendste iere films wie Babewatch, út 1994, in parody op 'e aksjesearje Baywatch, oer it wol en wee fan in groep strânwachten oan 'e kust fan it Kalifornyske Malibu, dy't yn 'e 1990-er jierren tige populêr wie.

Ireland wûn foar har aktearjen trije kear in AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry): yn 1995 yn 'e kategory bêste nije stjer, en yn 2008 foar bêste orale sekssêne en bêste byrol fan in aktrise (beide foar de film Layout). Dêrnjonken waard se nochris trettjin kear nominearre foar in AVN Award. Ek waard se trije kear nominearre foar in XRCO Award (wêrfan't se ien wûn), en waard se ynhuldige as lid fan sawol de AVN Hall of Fame (2005), de XRCO Hall of Fame (2006), as de NightMoves Hall of Fame (2009).

As regisseur en produsinte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har aktearwurk wie Ireland fan 2004 oant en mei 2008 ek aktyf as regisseur fan pornofilms. Har earste film wie The Whore Next Door (2004). As regisseur makke se yn totaal, neffens de Internet Adult Film Database, 33 films. Se wie as sadanich yn it begjin fral aktyf foar de filmstudio Platinum X Pictures, fan Jewel De'Nyle, mar letter benammen foar Red Light District en Adam & Eve. Fierders wie Ireland ek wurksum as filmprodusinte en produksje-ûntwerpster fan pornofilms. Yn dy hoedanichheid wûn se nochris trije AVN Awards, yn 2008 foar it bêste dvd-bonusmateriaal en de bêste spylfilm (foar Upload) en yn 2010 foar bêste spylfilm (foar The 8th Day). Yn april 2006 rjochte Ireland har eigen pornografyske filmstudio op ûnder de namme SlutWerkz, dêr't inkeld gonzopornografy fan froulike regisseurs produsearre wurdt.

As webcamgirl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1996 begûn Ireland as ien fan 'e earste pornoaktrises in eigen offisjele webside, KylieIreland.com. Dêr fierde se ein 1990-er jierren as ien fan 'e earste webcamgirls live-seksshows op dy't har 10.000 besikers deis à $5 it stik opsmieten. Se rekke op in stuit sa ferslingere oan it ûnderhâlden fan en wurkjen fia har webside, dat se it yn in fraachpetear omskreau as "myn obsesje".

As radiopresintatrise[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan oktober 2003 oant febrewaris 2006 wie Ireland presintatrise fan in wykliks útsjtoerd radioprogramma mei as titel Kylie Live. It waard útstjoerd oer it ynternet op ksexradio.com en gie oer de Amerikaanske pornoyndustry. Se wûn yn 2004 de KSEX Radio Listeners' Choice Award, in publykspriis takend troch de harkers fan ksexradio, foar bêste radiostim, en yn 2005 wûn se deselde priis yn 'e kategory bêste ynsjoch yn 'e pornoyndustry.

Yn febrewaris 2006 waard Ireland presintatrise fan it sekspraatprogramma Private Calls fan Playboy Radio, dat op freedtejûn útstjoerd waard fia Sirius Radio. Yn novimber 2010 sette se útein mei it nije radioprogramma The Jerkbox, dat yn it wykein útstjoerd waard op Spice Radio. Dat omfieme fraachpetearen mei gasten en segminten oer seks en oare porno-relatearre ûnderwerpen.

Yn jannewaris 2013, nei't se fuortgien wie by Spice Radio, joech Ireland har by it Toadhopnetwork, dêr't se yn 'e mande mei har kollega's Raylene en Derrick Pierce ien fan 'e presintators waard fan The Wednesday Night Threeway, in wykliks podcast útstjoerd op woansdeitejûn. Yn april 2013 begûn Ireland mei har man Andy Appleton ek in eigen wyklikse podcast op Soundcloud.com, dy't Apples & Pairs kaam te hjitten.

As keunstneresse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 2011 begûn Ireland de webside BombedOutLA.com, dêr't se har leafde foar fotografy brûkte om strjitkeunst yn Los Angeles fêst te lizzen en te publisearjen. By in fraachpetear yn maart 2011 kaam oan it ljocht dat Ireland sels ek oan strjitkeunst docht, ûnder de artystenamme DeeKay.

Kylie Ireland op it AVN Expo fan 2008.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ireland troude yn septimber 1990, doe't se tweintich jier wie, en fjouwer jier foar't se úteinsette mei har wurkpaad as pornoaktrise. Har houlik einige yn 2003 yn in skieding, dy't neffens har neat mei har pornokarriêre te krijen hie. Yn in fraachpetear fertelde se jierren letter dat sy en har man gewoan útinoar groeid wiene en dat se noch altyd befreone wiene.

Yn 2007 wenne Ireland op 'e 930  grutte, ta wente omboude souder fan in pakhûs yn it sintrum fan Los Angeles mei har doetiidske freon, pornoregisseur Eli Cross. Yn 2010 giene Ireland en Cross nei in relaasje fan seis jier útinoar. Op 16 april fan dat jier wertroude Ireland mei Andy Appleton, in pinsjonearre Ingelske nachtklubeigner, mei wa't it leafde op it earste gesicht west hie doe't se inoar metten. Anno 2020 binne Ireland en Appleton noch altyd byinoar.

Yn in ynterview hat Ireland ferteld dat se yn har hiele libben mar mei ien bekende persoan seksuële omgong hân hat. Dat wie basketballer Michael Jordan.

Ireland hat yn fraachpetearen ferteld dat se yn har libben in protte soarten drugs prebearre hat. Sa brûkte se in skoft crystal meth om slank te bliuwen. Mar de foarkar joech se jierrenlang oan alkohol, dêr't se oan ferslave wie. Yn 2001 besefte se dat har drinken problematysk waard, en besleat se dermei op te hâlden. Sûnt augustus 2001 is se nofteren bleaun.

Ireland is in grutte fan fan it NASCAR-racen. Har favorite autokoereur wie Dale Earnhardt. Sûnt dy yn febrewaris 2001 omkaam by in auto-ûngemak op 'e Daytona Motor Speedway, is se fan wurden fan syn soan, Dale Earnhardt jr.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kylie Ireland is blank, mei griene eagen en read hier, hoewol't se blondearre hier hie yn 'e earste jierren dat se as pornoaktrise wurke. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en cupmaat 36D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat.

Njonken de wenstige gatsjes troch de earlellen hat Ireland ferskate piercings: in nâlpiercing en guon troch har spiennen (sûnt 2007) en har klitoris (sûnt 2005). Fierders hat se ek in stikmannich tatoeaazjes: in bân om har lofterankel; lettertekens yn it Japanske Kanji-skrift op har rjochterankel; in yngewikkeld ûntwerp tusken har skouderblêden dat past by de ûnderrêchtatoeaazje fuort boppe har stuten; en in 3/4-mouwetatoeaazje fan blommen op har rjochterearm.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
1995 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise (fideo) Western Nights
wûn bêste nije stjer n.f.t.
FOXE Award wûn vixen fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste aktrise n.f.t.
1996 FOXE Award wûn favoryt fan 'e fans n.f.t.
2000 AVN Award nominearre bêste aktrise (fideo) Timeless
2001 AVN Award nominearre bêste aktrise (fideo) Raw
2004 Grabby Award nominearre bêste net-pornografyske optreden Canvas
2005 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame oeuvre
2006 Adam Film World Guide Award wûn bêste film (as filmprodusinte) Corruption
wûn skandalichste filmsearje (as regisseur en aktrise) Twisted as Fuck
AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Kimberly Kane, Katrina Kraven, Julie Night en Lauren Phoenix) The Epiphany
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Kayla Marie, Julie Night, Tee Reel, Van Damage, Steve Holmes,
Jason Horne, Tyler Knight, Marcos Leon en John Strong)
The Whore Next Door
CAVR Award wûn sêne fan it jier Corruption
XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame oeuvre
2007 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Lexi Bardot, Annie Cruz, Ariana Jollee, Sandra Romain, Vixen,
Seth Dickens, Jerry, Tyler Knight, Rick Masters, Derrick Pierce en Jordan Styles)
Corruption
nominearre bêste byrol fan in aktrise (fideo) Corruption
NightMoves Award wûn NightMoves Triple Play Award (foar strippen, aktearjen en regissearjen) n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste spesifike optreden (aktrise) Corruption
2008 AVN Award nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Delilah Strong en Derrick Pierce) Upload
nominearre bêste byrol fan in aktrise (fideo) Upload
wûn bêste orale sekssêne (film) Layout
wûn bêste byrol fan in aktrise (film) Layout
wûn bêste dvd-bonusmateriaal (as filmprodusinte) Upload
wûn bêste spylfilm (as filmprodusinte en produksje-ûntwerpster) Upload
XRCO Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2009 NightMoves Award wûn bêste lesbyske pornofilm (kar fan 'e redakteur) The Violation of Kylie Ireland
ynhuldige NightMoves Hall of Fame oeuvre.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Joanna Mahaffy, Keeani Lei, Amber Rayne, Sammie Rhodes,
Heather Starlet en Bobbi Starr)
The Violation of Kylie Ireland
nominearre milf/cougar fan it jier n.f.t.
wûn bêste spylfilm (as filmprodusinte en produksje-ûntwerpster) The 8th Day
2011 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise Scorned
2015 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise The Pornographer

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.