Blondearjen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Blondearjen is it bleekjen (blonder meitsjen) fan 'e pigminten yn it hier fan in persoan, wêrby't it yn 'e regel om it hollehier giet. Dêrmei kin dit as in foarm fan ûntkleuring beskôge wurde, it tsjinstelde fan hierkleuring. Blondearjen kin op eigen manneboet thús dien wurde, mar men kin it ek troch in hierknipper dwaan litte.

De wurksume stof yn blondearmiddels is wetterstofperokside. Dat ûntliddet yn wetter en aktive soerstof, wêrby't de frijkommende soerstof in bleekjende wurking hat. De konsintraasje fan wetterstofperokside yn it blondearmiddel is beskiedend foar de mjitte fan ûntkleuring. Dy is nammentlik grutter neigeraden dat de wetterstofperokside langer mei it hier yn kontakt bliuwt. Dêrnjonken ûntliddet wetterstofperokside himsels flugger ûnder ynfloed fan sinneljocht, wêrmei't ek de bleekjende wurking grutter is.

Yn hegere konsintraasjes ûntkleuret wetterstofperokside ek de hûd, wat (pynlike) wite plakken feroarsaket. It effekt fan it gebrûk fan in blondearmiddel mei wetterstofperokside is sa:

  • 1-2% wetterstofperokside: ien tint ljochter
  • 3% wetterstofperokside: 1 of 2 tinten ljochter
  • 6% wetterstofperokside: 3 of 4 tinten ljochter
  • 9% wetterstofperokside: 5 of 6 tinten ljochter (by dizze konsintraasje moat men foarsichtich begjinne te wêzen mei de hollehûd)
  • 12% wetterstofperokside: folsleine ûntkleuring fan it hier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: op dizze side.