Danyel Cheeks
Danyel Cheeks | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Danielle Cheeks, Daniel Cheeks | |
echte namme | ûnbekend | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 augustus 1967 | |
berteplak | Paoli (Indiana) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1992 – 1995 | |
offisjele webside | ||
Danyel Cheeks op Twitter |
Danyel Cheeks, echte namme ûnbekend (Paoli (Indiana), 14 augustus 1967), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Danielle Cheeks of Daniel Cheeks. Hja sette yn 1992 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 1995 beëinige Cheeks har karriêre as pornoaktrise.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cheeks waard yn 1967 berne yn Paoli, yn 'e steat Indiana, dêr't se ek opgroeide. Koart nei har mearderjierrigens begûn se as stripper te wurkjen. Mei har lange blondearre hier en har fergrutte boarsten makke hja al gau namme mei optredens yn ferskate stripklubs yn har thússteat.
Yn 1992, doe't se 25 jier wie, makke Cheeks har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se yn totaal yn mear as 110 films, wêrby't se sawol yn 'e Amerikaanske as yn 'e Jeropeeske pornoyndustry wurksum wie. Yn 'e Feriene Steaten wie se aktyf foar sokke foaroansteande labels as VCA Pictures, Evil Angel en Elegant Angel, wylst se ek wol foar minder bekende studio's wurke, wêrûnder Leisure Time Entertainment, Coast to Coast Video, Legend Video en Caballero Home Video.
Oare kant de Atlantyske Oseaan, yn Jeropa, wie Cheeks benammen yn 't spier foar Dútske studio's as Sarah Young Communications en Sascha Alexander Productions, wylst se ek yn inkele produksjes fan it Sweedske Private-label spile. Under har karriêre wurde Cheeks gear mei manlike tsjinspilers as T.T. Boy, Seymore Butts, Tom Byron, Mark Davis, Jon Dough, Rocco Siffredi, Joey Silvera, John Stagliano, Frank Thring en Randy West. Njonken har aktearwurk wie Cheeks ek aktyf as neakenmodel en posearre se foar ferskate manljusblêden. Yn 1995 yntrodusearre hja fierders har freondinne Davia Ardell yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.
Under har karriêre hie Cheeks tegearre mei kollega-pornoaktrise Nina Hartley in affêre mei mainstream-akteur Tony Curtis, dy't breed útmetten waard yn 'e skandaalparse. Yn it neijier fan 1995 hold se op mei aktearjen om te trouwen mei pornoregisseur Sam Johnson (dy't earder as pornoakteur wurke hie ûnder de namme Jim Sparks). Cheeks wurke efter de skermen noch mei oan 'e produksje fan pornofilms oant har houlik mei Johnson yn 1997 op in skieding útrûn. Se wertroude noch datselde jiers, loek har folslein út 'e pornoyndustry werom en ferfear mei har nije man nei de steat Nevada om dêr in gesin te stiftsjen.
Lichemsskaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Danyel Cheeks is blank, mei blauwe eagen en blûn hier, dat lykwols nei alle gedachten blondearre is, te oardieljen nei har dêrtsjin ôfstekkende dûnkere wynbrauwen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre as pornoaktrise) in gewicht fan 55 kg, en kupmaat 38DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hie. Behalven de gebrûklike piercings troch har earlellen hat Cheeks ek in nâlpiercing. Fierders hat se in tatoeaazje fan in flinter boppe-oan op har lofterboarst, en in tatoeaazje fan in roas en klimmerblêd op har lofterhân ûnder de tomme.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Biografy en filmografy fan Danyel Cheeks yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Danyel Cheeks yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Danyel Cheeks op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |