Springe nei ynhâld

Heather Lee

Ut Wikipedy
Heather Lee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Maria Lee, Maria
echte namme Shana Yaxley
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 oktober 1969
berteplak Portland (Oregon)
etnisiteit Latino
Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19932000
offisjele webside
gjint

Heather Lee, echte namme: Shana Yaxley (Portland, 31 oktober 1969), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Latino-Amerikaansk etnysk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Maria Lee en Maria. Neffens har offisjele opjefte is se 1.50 m lang. Se stie ûnder har karriêre fral bekend om har grutte boarsten, mei kupmaat 34EE, dêr't se oan kommen wie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heather Lee waard yn 1969 berne yn Portland, yn 'e steat Oregon, mar groeide op yn 'e steaten Nij-Jersey en Michigan. Op har achttjinde, daliks nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, sette se yn Michigan útein mei as stripper te wurkjen yn ferskate stripklubs. Yn 1989 ferfear Lee nei súdlik Kalifornje, dêr't se as neakenmodel begûn te posearjen foar neakenblêden as Gent, Score en Hustler's Busty Beauties.

Yn 1992 rekke se foar it earst belutsen by de Amerikaanske pornoyndustry, en yn 1993, doe't se 24 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Hja waard al gau tige populêr, benammen ûnder fans fan it grutte-boarstesjenre. In protte fan Lee har films hiene anale en ynterrasiale tema's, en se wurke û.o. mei Peter North en Jake Steed. Teffens holp se de swarte akteur Mr. Marcus, mei wa't se in skoft in relaasje hie, om syn pornokarriêre op 'e gleed te krijen.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Lee yn totaal yn mear as 200 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Sin City, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, VCA Pictures, New Sensations en Anabolic Video. Teffens wurke se bytiden foar Jeropeeske studio's, lykas it Dútske Sascha Alexander Productions en de Deenske Color Climax Corporation.

Njonken har aktearwurk bleau se har hiele karriêre troch ek wurksum as stripper en neakenmodel. Yn 2000 loek Lee har út 'e pornoyndustry werom, mar tsjin 2010 ûntstie der nije belangstelling foar har films troch har likenis (fan gesicht) mei de mainstream-aktrise Eva Longoria (bekend fan 'e searje Desperate Housewives).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: