Michael Jordan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Michael Jordan
Michael Jordan yn 2006.
Michael Jordan yn 2006.
persoanlike bysûnderheden
namme Michael Jordan
bynamme Air Jordan
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
bertedatum 17 febrewaris 1963
berteplak New York (New York)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
lingte 1,98 m
sportive ynformaasje
sport basketbal, honkbal
O.S. Los Angeles 1984
Barseloana 1992
debút 1981 (1984 as prof)
karriêre-ein 2003
wichtige prestaasjes
Gold medal with cup.svg Olympyske Spullen: 2x goud
Gold medal with cup.svg NBA kampioenskip: 6x goud

Michael Jordan (folút: Michael Jeffrey Jordan; New York (New York), 17 febrewaris 1963), is in rêstend Amerikaansk basketbalspiler fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy hat ek aktyf west hat as honkbalspiler en akteur, en is no wurksum as ûndernimmer en eigner fan it basketbaltiim de Charlotte Hornets. Under syn karriêre as profsporter makke er fan 1984 oant 2003 namme as de bêste basketbalspiler fan 'e Feriene Steaten, en syn fermogen ta it meitsjen fan ûnmooglik hege sprongen besoarge him de bynamme Air Jordan. Op 'e offisjele webside fan 'e Amerikaanske Nasjonale Basketbal Assosjaasje (NBA) is er útroppen ta de bêste basketbalspiler aller tiden.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komôf, jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Michael Jordan waard yn 1963 berne yn 'e wyk Brooklyn, yn New York, as de soan fan bankmeiwurkster Deloris Peoples en ûnderhâldsman James R. Jordan sr. Hy wie de fjirde fan fiif bern, mei twa âldere bruorren, Larry Jordan en James R. Jordan jr., en in âldere suster, Deloris, en in jongeren, Roslyn. Syn broer James wie beropsmilitêr, en gie yn 2006 mei pinsjoen as serzjant-majoar by it XVIIIe Parasjutistekorps fan it Amerikaanske Leger.

Doe't Michael Jordan noch mar in pjut wie, ferfearen syn heit en mem mei de bern nei Wilmington yn Noard-Karolina, dêr't Jordan opgroeide en de middelbere skoalle trochrûn oan 'e Emsley A. Laney High School. Dêr waard er ôfwiisd foar it skoalbasketbaltiim om't men him dêr mei syn doetiidske 1.80 m te koart foar fûn. Foar him wie dat reden om him nammenste mear op syn basketbaltraining ta te lizzen, en tsjin 'e tiid dat er syn middelbere-skoaldiploma helle, stiene de universiteitstiims yn 'e rige om him binnen te heljen.

Michael Jordan (m.) yn 1987.

Jordan naam it oanbod fan in stúdzjebeurs oan dat de Universiteit fan Noard-Karolina te Chapel Hill him op grûn fan syn basketbalkapasiteiten die. Fan 1981 oant 1984 studearre er dêr kulturele geografy, wylst er yn it pleatslike universiteitstiim spile, de North Carolina Tar Heels. As lid fan dat tiim wûn er yn 1982 it Amerikaansk nasjonaal kampioenskip foar universiteitsbasketbal. Yn 'e simmer fan 1984 wûn er boppedat as lid fan it Amerikaanske basketbaltiim op 'e Olympyske Spullen yn Los Angeles in gouden Olympyske medalje.

Profkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Datselde jiers noch beëinige er syn stúdzje in jier earder as dat de bedoeling wie, om in profkarriêre as lid fan 'e Chicago Bulls te begjinnen, in tiim dat lid wie fan 'e NBA. Yn 1986 makke er syn stúdzje te Chapel Hill trouwens dochs noch ôf. As prof spile Jordan yn totaal fyftjin seizoenen basketbal op it heechste nivo, wêrfan trettjin seizoenen foar de Chicago Bulls. Fuortendaliks yn 1984 makke er al yndruk, en yn 1985 wûn er de titel Rookie of the Year ("Nijynkommeling fan it Jier"). Yn 1991, 1992 en 1993 wûn er mei de Chicago Bulls it NBA-kampioenskip, dat lykslein wurde kin mei in Amerikaansk nasjonaal kampioenskip. En yn 1992 wûn er boppedat as lid fan it Amerikaanske profbasketbaltiim (it Dream Team, mei û.o. Magic Johnson en Larry Bird) op 'e Olympyske Spullen yn Barseloana in twadde gouden Olympyske medalje.

Jordan skoart, yn 1997.

Tsjin dy tiid wie Jordan ien fan 'e populêrste sporters út 'e Amerikaanske skiednis. Grutte bedriuwen, lykas Nike, Coca-Cola, Chevrolet, Gatorade en McDonald's ferkrongen inoar om him yn har reklamespotsjes te krijen, en leine dêrfoar bedraggen op 'e tafel dy't yn 'e miljoenen dollars rûnen. Sportskuonfabrikant Nike ûntwurp in spesjaal soarte basketbalskoech foar him, de Air Jordan. Yn in spotsje foar Nike dat útstjoerd waard ûnder de Super Bowl, it bêst besjoene sportevenemint fan it Amerikaanske tillefyzjejier, waard Jordan yn 1992 keppele oan it tekenfilmfiguer Bugs Bunny. De populariteit fan dat spotsje late úteinlik ta de film Space Jam, út 1996, wêryn't Jordan op 'e nij mei Bugs Bunny te sjen wie en dêropta in hiele rige oare Looney Tunes-figueren.

Yn 1993 kaam Jordan yn opspraak doe't er de jûns foar in wichtige wedstryd sjoen waard wylst er yn in kasino yn Atlantic City oan it gokken wie. Datselde jiers joech er ta dat er ris op ien jûn $57.000 ferlern hie. Letter soe auteur Richard Esquinas ris $1,25 miljoen fan him wûn hawwe by in spultsje golf. By in fraachpetear yn 2005 joech Jordan ta dat er op dit mêd soms domme beslissings nommen hie, mar ûntstried er dat er in gokferslaving hie of dat syn gokken ea him of syn gesin yn finansjele swierrichheden brocht hie.

Michael Jordan as honkbalspiler foar de Scottsdale Scorpions.

Yn oktober 1993 kundige Jordan oan dat er ophold mei basketbal om't er syn aardichheid oan it spul ferlern wie. Letter soed er befêstigje dat dat fral te krijen hie mei de moard op syn heit, in fearnsjier earder. James R. Jordan sr. waard nammentlik op 23 july 1993, doe't er op 'e weromweis fan in begraffenis by nacht op in parkearplak oan 'e snelwei, deunby Lumberton, yn Noard-Karolina, yn syn auto lei te sliepen, deasketten troch in pear dieven dy't syn auto stelle woene. De dieders, Daniel Green en Larry Martin Demery, waarden al rillegau pakt en krigen foar dizze moard en ferskate geweldsmisdriuwen libbenslang. Jordan syn beslút om op te hâlden kaam foar syn kollega's en fans as in tongerslach by heldere himel, en helle sels bûten de Feriene Steaten de krantekoppen.

Neitiid makke Jordan dat de Amerikanen har noch mear oer syn dwaan besauden, doe't er besleat om in nije sportkarriêre te begjinnen as honkbalspiler. Dêrta tekene er in kontrakt mei de Chicago White Sox, in tiim dat krekt as de Chicago Bulls eigendom wie fan sportmagnaat en miljonêr Jerry Reinsdorf, dy't Jordan syn basketbalkontrakt trochrinne liet wylst er honkbal spile. Yn 1994 kaam er út foar ferskate tiims út 'e Amerikaanske twadde difyzje (minor league) dy't oan 'e White Sox liëarre wiene, lykas de Birmingham Barons en de Scottsdale Scorpions. It pakte lykwols net út sa't Jordan hope hie, en doe't yn 1995 it hiele Amerikaanske honkbal lamlein waard troch in staking fan 'e spilers, besleat er om it mar oer te jaan.

Under syn ôfwêzichheid hiene de Chicago Bulls it NBA-kampioenskip fan 1994 ferlern oan 'e New York Knicks, en it kampioenskip fan 1995 wie ek net mear te rêden, mar doe't se fannijs Jordan yn 'e gelederen hiene, wûnen de Bulls it kampioenskip wer trije jier op rige: yn 1996, 1997 en 1998. Yn dat lêste jier brocht Jordan ek syn autobiografy For the Love of the Game út. Nei't oan 'e ein fan 1998 it súksestiim fan 'e Bulls útinoar foel om't coach Phil Jackson en spilers Scottie Pippen en Dennis Rodman allegearre ôfsetten nei oare tiims, besleat Jordan yn jannewaris 1999 lykwols om op 'e nij mei op te hâlden mei syn profkarriêre.

Jordan mei coach Phil Jackson, yn 1997.

Jordan naam in baan oan by it tiim de Washington Wizards, út 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Dat wie in basketbalklub dy't yn swierwaar ferkearde, en fan Jordan waard ferwachte dat hy der as coach foar soargje soe dat alles wer goedkaam. It resultaat wie lykwols tuskenbeiden. Hoewol't er yn 1999 sein hie dat er "99,9% wis" wie dat er nea wer as spiler weromkomme soe, kroep it bloed foar him blykber dochs wêr't it net gean koe, en yn septimber 2001 makke er in nije comeback, diskear as spiler foar de Washington Wizards. Yn dy hoedanichheid spile er noch twa seizoenen, mar dêrby waard er efterfolge troch blessueres, en úteinlik waard er dêrtroch twongen om syn basketbalskuon foargoed oan 'e wylgen te hingjen en spile er op 16 april 2003 syn lêste wedstryd.

As sakeman[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen de tsjinfallende resultaten fan syn eardere termyn as coach, waard Jordan op 7 maaie 2003 kâldwei ûntslein troch Abe Pollin, de eigner fan 'e Washington Wizards. Jordan fielde him ferret, en sei dat er nea as spiler foar it tiim útkommen wie as er dit yn 't foar witten hie. De earste jierren dêrnei kaam er fral yn it nijs as in net ûnfertsjinstlik golfspiler yn ferskate golfeveneminten dy't organisearre waarden om jild byinoar te bringen foar goede doelen.

Michael Jordan as spiler foar de Washington Wizards, yn 2003.

Yn 2006 kocht er in oandiel yn 'e Charlotte Bobcats, in basketbaltiim út Noard-Karolina, en yn 'e folgjende jierren wreide er syn bemuoienis mei dat tiim stadichoan út, oant er yn 2010 hast de folle eigner wurden wie. Yn 2013 neamde er it tiim om ta de Charlotte Hornets, de namme fan it oarspronklike basketbaltiim yn Charlotte, dy't yn 2002 beskikber kommen wie doe't de oarspronklike Hornets nei New Orleans ferfearn wiene en dêr de New Orleans Pelicans wurden wiene. Jordan syn jierliks ynkommen út reklame en persoanlike merchandising allinnich al leit nei skatting boppe de $40 miljoen.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Michael Jordan troude yn septimber 1989 mei Juanita Vanoy, mei wa't er twa soannen krige, Jeffrey Michael en Marcus James, dy't beide basketbal foar universiteitstiims spile hawwe, en in dochter, Jasmine. Yn 2002 fregen se skieding oan, mar koarte tiid letter fermoedsoenen se har mei-inoar, wêrnei't se yn 2006 op 'e nij in skieding oanfregen, dy't op 29 desimber fan dat jier definityf waard. Der waard grute dat Vanoy by in skikking in bedrach fan $168 miljoen taparte krigen hie.

Jordan yn 2013 mei generaal Martin E. Dempsey, de foarsitter fan 'e Mienskiplike Stêfsjefs fan 'e Amerikaanske Striidkrêften.

Hoewol't Jordan mei syn eks-frou op freonskiplike foet bleau, wie de direkte oanlieding fan 'e úteinlike skieding dat er har ûntrou west hie. Dat kaam nei bûten ta by in rjochtsaak yn 'e simmer fan 2006, dy't tsjin Jordan oanspand wie troch syn eardere mêtresse, Karla Knafel. Dy woe nammentlik jild sjen om't Jordan har neffens har sizzen $5 miljoen tasein hie om harren relaasje stil te hâlden en doe mar mei $250.000 oer de brêge kommen wie. Se hold ek út dat Jordan yn 1991 in bern by har oanset hie, mar in DNA-test wiisde út dat Jordan net de heit wie. Yn july 2006 wiisde in rjochter yn Illinois alle easken fan Knafel ôf.

Op krystjûn 2012 frege Jordan it Kubaaansk-Amerikaanske model Yvette Prieto, mei wa't er doe al jierren in relaasje ûnderhold, om mei him te trouwen. Hja joech him tawurd, en op 27 april 2013 waard it houlik sletten. Op 11 febrewaris 2014 skonk Prieto it libben oan in twilling, dy't Victoria en Ysabel kaam te hjitten. Yn 2016 waard oan Jordan troch presidint Barack Obama de Presidinsjele Frijheidsmedalje takend, de heechste boargerlike ûnderskieding fan 'e Feriene Steaten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Sources en Further reading, op dizze side.