Springe nei ynhâld

National Basketball Association

Ut Wikipedy
NBA
Basisynformaasje
Namme National Basketball Association
Stifte 1946
Lân flagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten
Tal klups 30
Titelhâlder Toronto Raptors (1e titel)
Rekôrkampioen Boston Celtics (17 kear)
Webstee NBA

De National Basketball Association, koartwei de NBA, is de profesjonele basketbalkompetysje yn Noard-Amearika en bestiet út 30 teams (29 út de Feriene Steaten en 1 út Kanada). De NBA wurdt algemien beskôge as de wichtichste basketbalkompetysje fan de wrâld en is ien fan de fjouwer grutte sportkompetysjes yn Noard-Amearika, mei de NFL, de NHL en de MLB.

De liga waard yn 1946 oprjochte yn New York City ûnder de namme Basketball Association of America (BAA). Nei in fúzje mei de National Basketball League (NBL) yn 1949 gie de kompetysje fierder as NBA. Regearjend kampioen is Golden State Warriors. Dy ploech pakte yn 2018 harren sechsde titel. Boston Celtics is mei 17 titels rekôrkampioen.

Kompetysje-opset

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reguliere seizoen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tritich teams binne ferdield oer twa konferinsjes: de Western en de Eastern Conference. Dy besteane dan wer út trije difyzjes: de Northwest, Pacific en Southwest Division yn it westen en de Atlantic, Central en Southeast Division yn it easten. Alle teams spylje yn de reguliere kompetysje, dy't yn de lêste wike fan oktober begjint, 82 wedstriden. Tsjin teams út deselde difyzje wurdt fjouwer kear spile en tsjin de oare teams út deselde konferinsje trije of fjouwer kear. Dêrneist spylje alle teams twa wedstriden tsjin de teams út de oare konferinsje (ien thús en ien út).

Nei de reguliere kompetysje geane de acht bêste teams fan eltse konferinsje troch nei de play-offs, wêryn't se stride om de titel. It team dat as earste pleatst is yn harren konferinsje (dy't dus de measte oerwinningen helle hat), spilet yn de earste omgong tsjin de achtst bêste ploech út de konferinsje. Fierder spilet de nûmer 2 tsjin de nûmer 7, 3 tsjin 6 en 4 tsjin 5.

De omgongen binne 'best-of-seven'-searjes. Dat betsjut datst fjouwer oerwinningen nedich hast om troch te gean nei de folgjende omgong. De searjes wurde spile neffens it 2-2-1-1-1-systeem. Mei oare wurden: it team dat as heechste pleatst is spilet earst twa kear thús, dêrnei spilet de tsjinstanner twa kear thús. As it nedich is (dus wannear't gjin fan beide teams dan 4-0 foarstiet), giet it dêrnei om en om: earst de heechst pleatste ploech thús.

De twa teams dy't nei trije omgongen oerbliuwe binne de 'conference champions', ien yn it westen en ien yn it easten. Dy twa spylje dan yn de NBA Finals tsjininoar, op 'e nij yn in 'best-of-seven'-searje en op 'e nij neffens it 2-2-1-1-1-systeem. De winnaar fan dy NBA Finals pakt de titel.

Eastern Conference

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Difyzje Team Stêd Teamkleuren Stadion Oprjochte
Atlantic Boston Celtics Boston, Massachusetts Grien, Wyt TD Garden 1946
Brooklyn Nets Brooklyn, New York Swart, Wyt Barclays Center 2012
New York Knicks New York, New York Oranje, Blau, Swart, Wyt Madison Square Garden 1946
Philadelphia 76ers Philadelphia, Pennsylvania Wyt, Read, Blau Wells Fargo Center 1939
Toronto Raptors Toronto, Ontario Read, Swart, Wyt, Goud Scotiabank Arena 1995
Central Chicago Bulls Chicago, Illinois Read, Swart, Wyt United Center 1966
Cleveland Cavaliers Cleveland, Ohio Read, Goud, Blau, Wyt Quicken Loans Arena 1970
Detroit Pistons Auburn Hills, Michigan Read, Wyt, Blau Little Caesars Arena 1941
Indiana Pacers Indianapolis, Indiana Marineblau, Giel, Swart Bankers Life Fieldhouse 1967
Milwaukee Bucks Milwaukee, Wisconsin Grien, Read, Blau, Krêm Fiserv Forum 1968
Southeast Atlanta Hawks Atlanta, Georgia Rood, Zwart, Geel State Farm Arena 1946
Charlotte Hornets Charlotte, North Carolina Blau, Donkerpears, Sulver, Wyt Spectrum Center 2004
Miami Heat Miami, Floarida Swart, Read, Wyt, Pears, Rôze American Airlines Arena 1988
Orlando Magic Orlando, Floarida Blau, Swart, Sulver Amway Center 1989
Washington Wizards Washington Blau, Read, Wyt Capital One Arena 1961

Western Conference

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Difyzje Team Stêd Teamkleuren Stadion Oprjochte
Southwest Dallas Mavericks Dallas, Teksas Blau, Sulver, Swart American Airlines Center 1980
Houston Rockets Houston, Teksas Read, Sulver, Swart, Wyt Toyota Center 1967
Memphis Grizzlies Memphis, Tennessee Marineblau, Ljochtblau, Goud FedEx Forum 1995
New Orleans Pelicans New Orleans, Louisiana Marineblau, Goud, Read Smoothie King Center 1988
San Antonio Spurs San Antonio, Teksas Swart, Sulver AT&T Center 1967
Northwest Denver Nuggets Denver, Kolorado Marineblau, Ljochtblau, Goud Pepsi Center 1967
Minnesota Timberwolves Minneapolis, Minnesota Donkerblau, Grien, Griis, Wyt Target Center 1989
Portland Trail Blazers Portland, Oregon Read, Swart, Wyt Moda Center 1970
Oklahoma City Thunder Oklahoma City, Oklahoma Blau, Wyt, Oranje Chesapeake Energy Arena 1967*
Utah Jazz Salt Lake City, Utah Marineblau, Goud, Grien Vivint Smart Home Arena 1974
Pacific Golden State Warriors Oakland, Kalifornje Blau, Goud, Griis Oracle Arena 1946*
Los Angeles Clippers Los Angeles, Kalifornje Read, Blau, Wyt Staples Center 1970
Los Angeles Lakers Los Angeles, Kalifornje Pears, Goud, Wyt Staples Center 1946
Phoenix Suns Phoenix, Arizona Pears, Oranje, Swart, Griis, Giel Talking Stick Resort Arena 1968
Sacramento Kings Sacramento, Kalifornje Pears, Zilver, Swart Golden 1 Center 1945
Jier Winnend team Einstân
(wûn-ferlern)
Ferliezend team
1947 Philadelphia Warriors 4–1 Chicago Stags
1948 Baltimore Bullets 4–2 Philadelphia Warriors
1949 Minneapolis Lakers 4–2 Washington Capitols
1950 Minneapolis Lakers 4–2 Syracuse Nationals
1951 Rochester Royals 4–3 New York Knicks
1952 Minneapolis Lakers 4–3 New York Knicks
1953 Minneapolis Lakers 4–1 New York Knicks
1954 Minneapolis Lakers 4–3 Syracuse Nationals
1955 Syracuse Nationals 4–3 Ft. Wayne Pistons
1956 Philadelphia Warriors 4–1 Ft. Wayne Pistons
1957 Boston Celtics 4–3 St. Louis Hawks
1958 St. Louis Hawks 4–2 Boston Celtics
1959 Boston Celtics 4–0 Minneapolis Lakers
1960 Boston Celtics 4–3 St. Louis Hawks
1961 Boston Celtics 4–1 St. Louis Hawks
1962 Boston Celtics 4–3 Los Angeles Lakers
1963 Boston Celtics 4–2 Los Angeles Lakers
1964 Boston Celtics 4–1 San Francisco Warriors
1965 Boston Celtics 4–1 Los Angeles Lakers
1966 Boston Celtics 4–3 Los Angeles Lakers
1967 Philadelphia 76ers 4–2 San Francisco Warriors
1968 Boston Celtics 4–2 Los Angeles Lakers
1969 Boston Celtics 4–3 Los Angeles Lakers
1970 New York Knicks 4–3 Los Angeles Lakers
1971 Milwaukee Bucks 4–0 Baltimore Bullets
1972 Los Angeles Lakers 4–1 New York Knicks
1973 New York Knicks 4–1 Los Angeles Lakers
1974 Boston Celtics 4–3 Milwaukee Bucks
1975 Golden State Warriors 4–0 Washington Bullets
1976 Boston Celtics 4–2 Phoenix Suns
1977 Portland Trail Blazers 4–2 Philadelphia 76ers
1978 Washington Bullets 4–3 Seattle SuperSonics
1979 Seattle SuperSonics 4–1 Washington Bullets
1980 Los Angeles Lakers 4–2 Philadelphia 76ers
1981 Boston Celtics 4–2 Houston Rockets
1982 Los Angeles Lakers 4–2 Philadelphia 76ers
1983 Philadelphia 76ers 4–0 Los Angeles Lakers
1984 Boston Celtics 4–3 Los Angeles Lakers
1985 Los Angeles Lakers 4–2 Boston Celtics
1986 Boston Celtics 4–2 Houston Rockets
1987 Los Angeles Lakers 4–2 Boston Celtics
1988 Los Angeles Lakers 4–3 Detroit Pistons
1989 Detroit Pistons 4–0 Los Angeles Lakers
1990 Detroit Pistons 4–1 Portland Trail Blazers
1991 Chicago Bulls 4–1 Los Angeles Lakers
1992 Chicago Bulls 4–2 Portland Trail Blazers
1993 Chicago Bulls 4–2 Phoenix Suns
1994 Houston Rockets 4–3 New York Knicks
1995 Houston Rockets 4–0 Orlando Magic
1996 Chicago Bulls 4–2 Seattle SuperSonics
1997 Chicago Bulls 4–2 Utah Jazz
1998 Chicago Bulls 4–2 Utah Jazz
1999 San Antonio Spurs 4–1 New York Knicks
2000 Los Angeles Lakers 4–2 Indiana Pacers
2001 Los Angeles Lakers 4–1 Philadelphia 76ers
2002 Los Angeles Lakers 4–0 New Jersey Nets
2003 San Antonio Spurs 4–2 New Jersey Nets
2004 Detroit Pistons 4–1 Los Angeles Lakers
2005 San Antonio Spurs 4–3 Detroit Pistons
2006 Miami Heat 4–2 Dallas Mavericks
2007 San Antonio Spurs 4–0 Cleveland Cavaliers
2008 Boston Celtics 4–2 Los Angeles Lakers
2009 Los Angeles Lakers 4–1 Orlando Magic
2010 Los Angeles Lakers 4–3 Boston Celtics
2011 Dallas Mavericks 4–2 Miami Heat
2012 Miami Heat 4–1 Oklahoma City Thunder
2013 Miami Heat 4–3 San Antonio Spurs
2014 San Antonio Spurs 4-1 Miami Heat
2015 Golden State Warriors 4-2 Cleveland Cavaliers
2016 Cleveland Cavaliers 4-3 Golden State Warriors
2017 Golden State Warriors 4-1 Cleveland Cavaliers
2018 Golden State Warriors 4-1 Cleveland Cavaliers
Team Kampioenskippen Jierren
Boston Celtics 17 1957, 1959, 1960, 1961, 1962, 1963, 1964, 1965, 1966, 1968, 1969, 1974, 1976, 1981, 1984, 1986, 2008
Los Angeles Lakers 16 1949, 1950, 1952, 1953, 1954, 1972, 1980, 1982, 1985, 1987, 1988, 2000, 2001, 2002, 2009, 2010 (de earste 5 as Minneapolis Lakers)
Chicago Bulls 6 1991, 1992, 1993, 1996, 1997, 1998
Golden State Warriors 6 1947, 1956, 1975, 2015, 2017, 2018 (de earste 2 as Philadelphia Warriors)
San Antonio Spurs 5 1999, 2003, 2005, 2007, 2014
Detroit Pistons 3 1989, 1990, 2004
Miami Heat 3 2006, 2012, 2013
Philadelphia 76ers 3 1955, 1967, 1983 (de earste as Syracuse Nationals)
Houston Rockets 2 1994, 1995
New York Knicks 2 1970, 1973
Atlanta Hawks 1 1958 (as St. Louis Hawks)
Baltimore Bullets 1 1948
Cleveland Cavaliers 1 2016
Dallas Mavericks 1 2011
Milwaukee Bucks 1 1971
Portland Trail Blazers 1 1977
Sacramento Kings 1 1951 (as Rochester Royals)
Oklahoma City Thunder 1 1979 (as Seattle SuperSonics)
Washington Wizards 1 1978 (as Washington Bullets)

Yndividuele prizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de NBA wurde alle jierren ek yndividuele prizen útrikt:

  • De priis foar meast weardefolle spiler: de NBA Most Valuable Player Award
  • De priis foar meast weardefolle spiler yn de finale: de NBA Finals Most Valuable Player Award
  • De priis foar meast ferbettere spiler: de Most Improved Player Award
  • De priis foar bêste ferdigener: de Defensive Player of the Year Award
  • De priis foar bêste wikselspiler: de Sixth Man of the Year Award
  • De priis foar bêste nijkommer: de Rookie of the Year Award
  • De priis foar sportyfste spiler: de NBA Sportsmanship of the Year Award
  • De priis foar woldiedigens: de J. Walter Kennedy Citizenship Award
  • De priis foar bêste coach: de Coach of the Year Award
  • De priis foar bêste bestjoerder: de Executive of the Year Award

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]