Oakland (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Oakland (Kalifornje)
OAKLAND, CA, USA - Skyline and Bridge.JPG
Flagge Wapen
Flag of Oakland, California.svg Logo of Oakland, California.png
Sifers
Ynwennertal 400.740 (2012)
Oerflak 202,0 km² (ynkl. wetter)
144,5 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 2.704,2 / km²
Stêdekloft 4.335.391 (2013)
Hichte 13 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of California.svg Kalifornje
County Flag of Alameda County, California.svg Alameda County
Oar
Stifting 1851
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 37°48′16″N 122°16′15″W
Webside www.oaklandnet.com
De lizzing fan Oakland yn Alameda County en yn 'e steat Kalifornje.
Oakland yn 1900.

Oakland is in stêd yn it noardlike diel fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje en teffens it haadplak fan it omlizzende Alameda County. It leit oan 'e Amerikaanske westkust, oan 'e noardkant fan 'e Baai fan San Fransisco, en is it wichtichste en drokste havenplak fan hiel noardlik Kalifornje. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Oakland doe in befolking fan justjes mear as 400.000 minsken. Dêrmei is it de op sân nei grutste stêd fan Kalifornje. Oakland heart ta de stêdekloft fan San Fransisco, dy't 4,3 miljoen ynwenners hat, en is de op twa nei grutste stêd fan dy agglomeraasje, nei San Jose en San Fransisko sels.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw it gebiet berikten dêr't no Oakland leit, waard dat bewenne troch Yndianen fan 'e Ohlone-stamme. De krite waard yn 1772 troch Spanje anneksearre en kaam doe ta de koloanje Nij-Spanje te hearren. Yn 'e iere njoggentjinde iuw waard it gebiet troch de Spaanske Kroan weijûn oan Luis María Peralta, dy't der in hacienda (feepleats) stifte. Nei't Nij-Spanje yn 1821 ûnôfhinklik wurden wie ûnder de namme Meksiko, bekrêftige it nije regear Peralta yn it eigendom fan syn grûnbesit. Doe't er yn 1842 kaam te ferstjerren, waard de pleats ferdield ûnder syn soannen Antonio María en Vicente. De feepleats fan 'e Peralta's omfieme ek in lyts boskje besteande út ikebeammen, en sadwaande neamden de Spaanske kolonisten dat en it omlizzende gebiet encinal, dat "ikeboskje" betsjut. Dy namme waard letter frij fertaald yn it Ingelsk oernommen as 'Oakland' ("Ikelân").

Oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch waard hiel Opper-Kalifornje (dat no de Amerikaanske steat Kalifornje foarmet) ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo troch Meksiko ôfstien oan 'e Feriene Steaten. Datselde jiers begûn de Kalifornyske Goudkoarts, dy't in protte Amerikaanske kolonisten nei noardlik Kalifornje ta brocht. Guon dêrfan setten har sûnder pardon nei wenjen op it lân fan 'e Peralta's, en in trijemanskip besteande út Horace Carpentier, Edson Adams en Andrew Moon stifte dêr yn 1851 in organisearre delsetting, mei stipe fan in legerke fan likernôch twahûndert wapene manlju dy't se yn San Fransisco ynhierd hiene.

It stedhûs fan Oakland, trije jier nei syn foltôging yn 1914.

Dy delsetting waard oarspronklik 'Contra Costa' neamd, "Oarekant" (ntl. fan 'e Baai fan San Francisco fan San Francisco út besjoen), mar al rillegau waard de namme feroare yn 'Oakland'. Op 4 maaie 1852 wist Carpentier it Steatskongres fan 'e nije Amerikaanske steat Kalifornje safier te krijen dat dat Oakland erkende as town. Tsjin 'e tiid dat it Steatskongres der yn 1854 ta kaam om 'e akte fan lânbesit fan 'e Peralta's te beoardieljen, wie de ûntjouwing fan Oakland safierhinne trochset dat dy net mear werom te draaien foel. De Peralta's moasten har dêrom tefreden stelle mei in finansjele fergoeding. Op 25 maart fan dat jier krige Oakland stedsrjochten en koarte tiid letter waard Carpentier as earste boargemaster keazen.

De stêd ûntjoech him al ier ta in wichtich knooppunt fan spoarwegen, en groeide dêrom fluch. Yn 1868 waard troch de Central Pacific Railroad de earste kade oanlein om it makliker te meitsjen guod oer te laden fan skippen op treinen. Om dyselde tiid hinne waard Oakland de westlike útein fan 'e it Earste Transkontinintale Spoar, wat betsjutte dat alle frachten en passazjiers dy't mei it spoar út it Easten fan 'e Feriene Steaten nei Kalifornje ta kamen, fia Oakland reizgje moasten. De stêd anneksearre stadichoan mear lân dat oarspronklik foarby syn eastlike en noardlike grinzen lein hie. Yn 1902 late de oanhâldende groei fan 'e wichtigens fan Oakland as oerslachhaven ta it graven fan in kanaal, dat de haven tagonklik makke foar gruttere seeskippen. It gefolch dêrfan wie, dat it deunby lizzende stedsje Alameda in eilân waard. Nei't in ierdbeving yn 1906 in grut diel fan San Francisco ferwuostge, ferfear in oansjenlik diel fan 'e oerlibjende ynwenners fan dy stêd nei Oakland, sadat de befolkingsgroei noch hurder gie.

Slachtoffers fan 'e Spaanske gryp yn Oakland fersoarge troch ferpleechsters fan it Reade Krús.

Yn 1918 en 1919 waard Oakland troffen troch trije opienfolgjende weagen fan 'e Spaanske gryp, dy't mear as 1.400 minsken fataal waarden (op in totale befolking fan 216.000). De 1920-er jierren wiene in tiid fan ekonomyske wolfeart foar Oakland, dêr't yn dy snuorje in grut tal fabriken iepene waarden, benammen op it mêd fan 'e autoyndustry. Yn 1937 kaam de San Francisco-Oakland Bay Bridge ree, dy't fanút Oakland in fêste ferbining oer de Baai fan San Francisco mei San Francisco bea.

Under de Krisisjierren fan 'e Grutte Depresje hie de stêd minder te lijen as de measte dielen fan 'e Feriene Steaten, en doe't de Twadde Wrâldoarloch útbriek, betsjutte dat foar Oakland in weromkear nei ekonomyske heechtijdagen. Tsientûzenen fabryksarbeiders waarden oanlutsen, benammen út it Amerikaanske Suden. De blanken dêrwei namen harren eigen hâlding foar swarten en Latino's oer mei nei it westen, mei as gefolch dat de rasiale harmony dy't earder yn Oakland bestien hie, ferlern gie. Dat probleem boaze inkeld mar oan om't behalven blanken ek in protte swarten út it Suden wei oerkamen, en dêrnjonken ek in soad Latino's út Nij-Meksiko, Teksas en Kolorado.

Nei ôfrin fan 'e oarloch stoarte de ekonomy fan Oakland, dy't it doe benammen hawwe moast fan 'e skipsbou en de autoyndustry, alhiel yn. Yn 'e 1950-er en 1960-er jierren ûntflechte it wolfarrender (meast blanke) diel fan 'e befolking de binnenstêd, wylst de earmere lju (meast swarten) efterbleaune. Yn 'e midden fan 'e 1950-er jierren moast in grut diel fan westlik Oakland wike foar de oanlis fan 'e autosnelwei Insterstate 880, byneamd de Nimitz Freeway. By grutskalige renovaasjeprojekten yn ferpaupere buerten waarden oant it begjin fan 'e 1970-er jierren in protte histoaryske gebouwen yn fral westlik Oakland sloopt. Yn 1966 waard yn Oakland de Black Panther Party oprjochte troch radikale jonge swarten dy't desyllúzjonearre wiene oer de striid foar boargerrjochten. Ek jonge Latino's organisearren har as de saneamde Brune Baretten (dy't ûnderdiel útmakken fan 'e Chicano-beweging), as reäksje op 'e moard troch Oaklander plysje op 'e Latino Charles de Baca yn 1968.

De nachtlike skyline fan 'e binnenstêd fan Oakland.

Yn 'e 1980-er jierren soarge de yntroduksje fan 'e nije drug crack op 'e strjitten fan Oakland foar in grutte taname yn it tal gewelddiedige misdriuwen. De stêd wie yn dy snuorje ien fan 'e Amerikaanske plakken dy't it meast fan 'e kriminaliteit te lijen hie. Yn deselde tiid spile Oakland lykwols ek in wichtige rol by de ûntwikkeling fan 'e rapmuzyk, mei ferneamd muzikanten as MC Hammer, Digital Underground en Tupac Shakur. Op 17 oktober 1989 rekken in protte gebouwen yn Oakland slim skansearre troch de ierdbeving fan Loma Prieta, dy't 6,9 op 'e skaal fan Richter meat. San Francisco wie lykwols folle slimmer troffen, en sadwaande waard Oakland yn 'e dagen dêrnei brûkt as útfalsbasis foar helptsjinsten.

Op 1 jannewaris 2009 waard de ûnbewapene boarger Oscar Grant yn 'e rêch sketten en deade troch de Oaklander plysjeman Johannes Mehserle, dy't neitiid úthold dat er by fersin syn pistoal brûkt hie, om't er miende dat er syn stroomstjitwapen yn 'e hân hie. Dy saak late ta in protte ûnstjoer en wiken fan lûdroftige demonstraasjes en oare protesten yn Oakland, dy't soms mank giene mei ûngeregeldheden en plonderings. Mehserle waard letter feroardiele foar deaslach en krige twa jier finzenisstraf. Yn in saak dy't hjir neat mei te krijen hie, waarden op 21 maart 2009 fjouwer Oaklander plysjes deasketten troch in Lovelle Mixon, dy't op boarchtocht frijkommen wie.

Oakland hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oakland is tsjintwurdich ien fan 'e wichtichste havens oan 'e Amerikaanske westkust en de op fjouwer nei drokste Amerikaanske haven rekkene neffens hoemannichte fracht. Der binne krapoan 200.000 banen yn 'e transportsektor yn Oakland en omlizzende gebieten. De grutste wurkjouwer yn Oakland sels is it bestjoer fan Alameda County, mei mear as 10.000 banen, folge troch de bank Wells Fargo, it skoaldistrikt fan 'e stêd en it gemeentebestjoer.

De wyk Upper Lockridge yn Oakland.

Oakland is de thúsbasis fan it Amerikaansk fuotbaltiim de Oakland Raiders en it basketbaltiim de Golden State Warriors. Toeristyske attraksjes yn 'e stêd binne û.m. de pleatslike Sineeske wyk Chinatown; it Oakland Aviation Museum, dat wijd is oan 'e loftfeart; de Oakland Zoo, de pleatslike dieretún; it Histoarysk Park Peralta Hacienda, dêr't de skiednis en kultuer fan 'e krite beljochte wurdt; en it Mountain View Begraafplak, it lêste rêstplak fan in grut tal ferneamde Kaliforniërs, dat ûntwurpen is troch Frederick Law Olmsted.

It stedhûs fan Oakland yn 2011, mei op 'e foargrûn de ikebeam, it symboal fan Oakland.

Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Oakland yn 2012 in befolking fan 400.740 minsken. De befolkingstichtens bedroech 2.704,2 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Oakland 11,1% âlder as 65 jier en 21,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 19,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 28,0% swarten; 25,9% blanken; 25,4% Latino's; 16,8% Aziaten; 0,8% Yndianen; 0,6% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e Latino's bestie it meastepart út Meksikanen (18,1% fan 'e totale stedsbefolking), mei lytsere groepen Salvadoranen (1,9%) en Gûatemalteken (1,3%). Fan 'e Aziaten bestie it meastepart út Sinezen (8,7%), Fjetnamezen (2,2%) en Filipino's (1,6%). Mank de Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs foarmen de Tonganen (0,3%) de grutste groep.

Berne yn Oakland[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oakland hat in Mediterraan klimaat, mei drûge en waarme simmers en mylde en fochtige winters. Yn septimber, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 23,8 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 14,5 °C. Rekôrtemperatueren wiene 40 °C op 24 juny 1957 en –4 °C op 23 jannewaris 1949. Oakland kriget jiers trochinoar 608,1 mm delslach, en hat trochinoar 65 reindagen en 260 sinneskyndagen yn 't jier.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.