Michelle Tucker

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Michelle Tucker
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Michelle Tucker (aktrise).jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Africa
echte namme Lauren Nicole Woods
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 16 febrewaris 1983
berteplak Oakland (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20052006
offisjele webside
michelletuckerxxx.wordpress.com

Michelle Tucker, echte namme: Lauren Nicole Woods (Oakland (Kalifornje), 16 febrewaris 1983), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Afro-Amerikaansk komôf. Hja hat ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Africa. Tucker sette yn 2005 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films. Yn 2006 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tucker waard yn 1983[1] berne yn Oakland, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Yn 2005, doe't se 22 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Dêrby foel se benammen op fanwegen har grouwe stuten.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Tucker dêrnei yn krapoan tritich films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, Evil Angel en New Sensations. Ek wurke se wol foar minder bekende studio's, wêrûnder Black Ice, West Coast Productions en Afro-Centric Productions. Teffens wie se in protte yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, yn 't bysûnder foar BangBros.

Under har karriêre as pornoaktrise wurke Tucker gear mei kollega-aktrises as Candace Von en Lexi Cruz, en hie se manlike tsjinspilers as Brian Pumper, J.T. Money, Marco Banderas en T.T. Boy. Nei in foech jier loek Tucker har yn 2006 út 'e Amerikaanske pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Michelle Tucker is swart, mei brune eagen en swart hier dat troch fervjen of mooglik fanwegen ferkleuring troch de sinneskyn fan boppen brún is. Neffens har offisjele opjefte is se 1.80 m lang, mei in gewicht fan 77 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven piercings troch har earlellen hat Tucker ek in nâlpiercing. Dêropta hat se twa tatoeaazjes: in lytsenien op har rjochterskouderblêd en yn it grut de omtrek (kustline) fan it wrâlddiel Afrika op har rjochterstút.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske gegevens op Michelle Tucker har eigen webside