Springe nei ynhâld

Hierkleuring

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hierfervjen)
In hierknipster fervet it hier fan in froulike klant.

Hierkleuring of hierfervjen is it mei (al as net syntetyske) kleuringsprodukten feroarjen fan 'e natuerlike hierkleur. Dat wurdt sawol by manlju as by froulju dien om fergrizing te kamûflearjen. Fierders wurdt it, fral by froulju, ek wol dien om 'e natuerlike hierkleur te feroarjen, of krekt om 'e natuerlike hierkleur werom te bringen nei't it hier earder al kleure is of nei't it troch de sinne bleek wurden is.

Tsjintwurdich is it kleurjen fan jins hier tige yn 'e moade, benammen as it om froulju giet. Yn 2013 waard by in ûndersyk yn 'e Feriene Steaten fêststeld dat dêr 75% fan alle froulju wolris har hier fervje. Men kin soks dwaan litte by de hierknipper, mar men kin ek gewoan in hierferveprodukt yn 'e supermerk of drogisterij keapje en it op eigen manneboet oanbringe. Yn 'e Feriene Steaten allinnich al waard yn 2011 foar in bedrach fan $1,9 miljard oan sokke hierferveprodukten ferkocht.

It fervjen fan jins hier is in ferskynsel dat tebek giet oan yn 'e Aldheid, doe't de ferveprodukten út planten wûn waarden. Guon fan 'e bekendsten fan sokke natuerlike ferveprodukten wiene henna, indigo, swarte wâlnútdoppen, prei en senna. Ek waarden ferskate ferveprodukten op anorgane basis brûkt, lykas reade oker. Yn it boek Eighteen Books of the Secrets of Art & Nature, út 1661, waarden ferskate metoaden beskreaun foar it kleurjen fan hier yn swarte, goudene, griene, reade, giele en wite tinten.

De ûntwikkeling fan 'e earste syntetyske hierferveprodukten, dy't it hier folle langer syn winske kleur behâlde litte, begûn yn 'e 1860-er jierren mei de ûntdekking fan 'e gemyske reäksje fan parafenylenediamine (PPD) mei lucht. Yn 1907 produsearre Eugène Schueller, de oprjochter fan it Frânske kosmetikabedriuw L'Oréal, de earste syntetyske hierferve. It earste syntetyske hierferveprodukt foar thúsgebrûk wie fan 'e Dútske produsint Schwarzkopf, en kaam yn 1947 op 'e merk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.