Candace Von

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Candace Von
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Candace von.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Candance Von, Candice Von,
Candace, Candice, Candise
echte namme Shinea Smith
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 19 septimber 1984
berteplak New York (New York)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
Flag of the Dominican Republic.svg Dominikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
prostituee
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
candacevon.tv (deade link)

Candace Von, echte namme: Shinea Smith (New York, 19 septimber 1984), is in Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en prostituee fan mingd Afro-Amerikaansk en Dominikaansk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt gauris op ferskate manearen ferhaspele, ta Candance Von, Candice Von, Candace, Candice en Candise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Candace Von waard yn 1984 berne en is hikke en tein yn 'e Newyorkske wyk de Bronx. Yn 2005, doe't se 21 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film, en sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn krapoan 180 ûnderskate films spile. Von hat û.m. wurke foar sokke foaroansteande labels as Red Light District, Elegant Angel, New Sensations, Vivid Entertainment, Shane's World, Third Degree Films, Evil Angel, Digital Sin, Jules Jordan Video, West Coast Productions, VCA Pictures en Hustler Video.

Teffens hat se wol yn films spile dy't útbrocht waarden troch minder bekende studio's, wêrûnder guon dy't har talizze op ebony-pornografy (lykas Platinum X Pictures, Afro-Centric Productions en Black Ice) en ek wol guon dy't har talizze op it grutte-boarstesjenre (lykas Score). Yn guon films ferskynde se as dominatriks. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, wêrûnder BangBros en Reality Kings. Dêrnjonken posearre hja as neakenmodel foar ferskate neakenblêden en ek hat se wurke as eskort.

Von hat har populariteit yn 'e Amerikaanske seksyndustry te tankjen oan har wielderige foarmen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m, mei in gewicht fan 61 kg en in natuerlike kupmaat 36DD. Hja wennet yn Hollywood, yn 'e steat Kalifornje, en njonken har pornokarriêre folget hja op 't heden in oplieding yn it heger ûnderwiis.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: