Zendaya Coleman
Zendaya Coleman | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Zendaya Maree Stoermer Coleman | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 septimber 1996 | |
berteplak | Oakland (Kalifornje) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk Dútsk | |
jierren aktyf | 2009 – no | |
prizen | 1 × Golden Globe 2 × Emmy Award | |
offisjele webside | ||
zendaya.com |
Zendaya Coleman (útspr.: [zɛn'de:jə], likernôch: "zen-dee-juh"; folút: Zendaya Maree Stoermer Coleman; Oakland (Kalifornje), 1 septimber 1996) is in Amerikaansk aktrise, model, sjongster en dûnseresse fan mingd Afro-Amerikaansk en Dútsk etnysk komôf. Se lit har efternamme faak falle en brûkt dan har selden foarkommende foarnamme as artystenamme. Zendaya begûn al tige jong op te treden as dûnseresse en aktrise en briek yn 2009 troch mei de haadrol fan Rocky Blue yn 'e tillefyzjesearje Shake It Up. Ek hie se haadrollen yn 'e komeedzjesearje K.C. Undercover en de dramasearje Euphoria. Om utens waard se benammen bekend troch har filmrollen yn 'e superheldefilms Spider-Man: Far from Home en Spider-Man: No Way Home, de filmmusical The Greatest Showman en de science fiction-film Dune.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Zendaya waard yn 1996 berne yn Oakland, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Har heit, Kazembe Coleman, is in Afro-Amerikaan, wylst har mem, Claire Stoermer, blank en fan Dútsk komôf is. Neffens Zendaya har offisjele webside komt har foarnamme út it Sjona, in Bantoe-taal út Simbabwe, en betsjut it "tankberens".
Zendaya wie al fan jongs ôf oan belutsen by it California Shakespeare Theater yn Orinda, dêr't har mem manager fan wie. Yn 't earstoan holp se dêr as ûvreuze en kaartsjeferkeapster, mar neigeraden dat se belangstelling blike liet foar aktearjen, waard se opnommen yn it trainingsprogramma dat it teäter foar bern oanbea. Sadwaande spile se al ier yn stikken fan Shakespeare, lykas Richard III, Trijekeningejûn en Nei Jim Beleavjen. Har âlden skreaune har yn oan 'e Oakland School for the Arts, dêr't se in profesjonele aktearoplieding folge. Dêrnjonken wie Zendaya ek al ier lid fan 'e dûnsgroep Future Shock Oakland, wêrmei't se optredens fersoarge fan hiphopdûnsen, mar ek fan 'e tradisjonele Hawaïaanske hula.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As jonge teenager begûn Zendaya har karriêre as model foar kleanmerken as Macy's, Mervyns en Old Navy. Se figurearre ek as eftergrûndûnseresse yn in reklamespotsje fan it warehûs Sears mei sjongster Selena Gomez yn 'e haadrol. Yn 2009 wie se te sjen yn 'e fideoclip fan it nûmer Hot n Cold fan Katy Perry. Yn novimber fan dat jier die se audysje foar de haadrol fan Rocky Blue yn 'e Disney-tillefyzjesearje Shake It Up. Dy rol waard har trochbraak en se fertolke him trije seizoenen lang, fan 2010 oant 2013. Zendaya waard dêrfoar trije kear nominearre foar in Young Artist Award: yn 2011 en 2012 yn 'e kategory bêste cast yn in tillefyzjesearje, en yn 2012 yn 'e kategory bêste aktrise yn in tillefyzjesearje. Fierders waard hja foar har fertolking fan 'e rol fan Rocky Blue yn 2011 en 2014 ek nominearre foar in NAACP Image Award.
Yn 2011 wie Zendaya as stimaktrise belutsen by de koarte tekenfilm Pixie Hollow Games, fan Disney, wêrfoar't se ek de titelsong song. Yn 2012 spile Zendaya yn har earste film, Frenemies, wêrfoar't se fannijs nominearre waard foar in Young Artist Award foar bêste aktrise. Underwilens wie se yn 2011 ek úteinset mei in wurkpaad as sjongster, troch har debútsingle Swag It Out út te bringen. Watch Me, har duët mei Bella Thorne, behelle yn 'e simmer fan 2011 it 86ste plak yn 'e hitlist Billboard Hot 100. Nei't se yn 2012 har twadde solosingle, Something to Dance For, útbrocht hie, sleat Zendaya in eksklusyf kontrakt mei de platemaatskippij Hollywood Records (in dochterûndernimming fan Disney). Yn maart 2013 die se mei oan it sechstjinde seizoen fan it realitytillefyzjeprogramma Dancing with the Stars, mei as profesjonele dûnspartner Val Chmerkovskiy. Hja wie, mei 16 jier, de jongste dielnimster ea, en behelle úteinlik it twadde plak.
Yn july 2013 brocht Zendaya it nûmer Replay út, de leadsingle fan har earste album Zendaya. Dat liet waard sertifisearre as platina en helle se it 40e plak yn 'e Billboard Hot 100. Neitiid kaam it album Zendaya op 17 septimber 2013 út. Dat brocht it ta it 51e plak yn 'e Billboard 200-albumlist. Koarte tiid earder, yn augustus, hie Zendaya boppedat it autobiografyske boek Between U and Me: How to Rock Your Tween Years with Style en Confidence publisearre. Datselde jiers brocht se ek in eigen moadekolleksje út mei famkesklean, skonkwaarmers, koarte broeken, jaskes, holbannen en assessoires. De kolleksje wie ynspirearre op 'e klean dy't se yn 'e searje Shake It Up droegen hie.
De twadde single fan it album Zendaya, mei as titel My Baby, kaam begjin 2014 út. Frijwol tagelyk waard de Disney-tillefyzjefilm Zapped, mei Zendaya yn 'e haadrol, útstjoerd op 'e tillefyzje. Yn juny 2014 waard oankundige dat Zendaya de yn 2001 by in fleantúchûngemak omkommen sjongster Aaliyah spylje soe yn 'e biografyske film Aaliyah: The Princess of R&B. Dy beslissing smiet in protte krityk op, mei't de fans fan Aaliyah fûnen dat Zendaya alhiel net op harren idoal liek en boppedat in fiersten te ljochte hûdskleur hie. In pear wiken letter besleat Zendaya om 'e ear oan harsels te hâlden en fan 'e rol ôf te sjen.
Yn jannewaris 2015 sette Zendaya útein mei it spyljen fan 'e titelrol fan K.C. Cooper yn 'e nije Disney-komeedzjesearje K.C. Undercover. Op dat stuit hie se al safolle ynfloed dat op har fersyk de namme fan haadpersoan en searje omneamd waarden fan Katy Cooper en Katy Undercover. Ek hie se as ko-produsinte sizzenskip oer ferskate wichtige eleminten fan it karakter fan har personaazje. K.C. Undercover rûn trije seizoenen, fan 2015 oant en mei 2018. Yn dyselde snuorje sleat Zendaya in nij muzykkontrakt ôf mei de platemaatskippij Republic Records. Yn 2015 figurearre se yn 'e fideoclip fan it nûmer Bad Blood, fan sjongster Taylor Swift.
Yn 2017 hie Zenaya as M.J. in lyts roltsje yn 'e superheldefilm Spider-Man: Homecoming, dêr't se lykwols sterk de oandacht mei loek. Yn desimber fan dat jier wie se ek te sjen yn 'e histoaryske filmmusical The Greatest Showman, as in trapeze-artyste dy't fereale rekket op it personaazje fan 'e blanke Zac Efron yn in tiid (ein njoggentjinde iuw) dat ynterrasiale leafde maatskiplik net akseptearre wurdt. Zendaya song mei yn trije lieten op it soundtrackalbum fan 'e film, wêrûnder Rewrite the Stars. Yn septimber 2018 wie se as stimaktrise belutsen by de tekenfilm Smallfoot, wêryn't se stim joech oan 'e yeti Meechee.
Yn 2019 sette HBO útein mei de dramasearje foar jongerein Euphoria, in adaptaasje fan in Israelysk orizjineel. Dêryn spile Zendaya de rol fan Rue Bennett, in santjinjierrige drugsferslaafde en de fertelster fan it ferhaal. De searje rint anno 2024 noch altyd. Foar har rol as Rue wûn Zendaya yn 2020 (mei 24 jier) as jongste aktrise ea de Emmy Award foar bêste aktrise yn in dramasearje. Dyselde priis wûn se foar deselde rol yn 2022 op 'e nij. Yn 2023 wûn se, ek foar har haadrol yn Euphoria, de Golden Globe foar bêste aktrise yn in dramasearje.
Zendaya wie yn 2019 wer as M.J. te sjen yn 'e superheldefilm Spider-Man: Far from Home, in ferfolch op Spider-Man: Homecoming, wêryn't har rol gâns útwreide wie. Dy film wie as de op trije nei meast opbringende film fan it jier in ûnbidich kommersjeel súkses en foarme foar Zendaya har trochbraak om utens. Yn 2021 hie se de froulike haadrol yn 'e film Malcolm & Marie, dy't filme wie yn 'e earste faze fan 'e koroanapandemy. Dat jiers kaam ek de tekenfilm Space Jam: A New Legacy út, wêrfoar't Zendaya de rol fan Lola Bunny ynsprutsen hie. Twa gruttere films dêr't Zendaya yn 2021 yn spile, wiene Spider-Man: No Way Home en Dune. Foar Spider-Man: No Way Home, it ôfslutende diel fan 'e (earste) Spider-Man-trilogy fan it Marvel Cinematic Universe, kroep se fannijs yn 'e hûd fan it personaazje M.J. Se spile Chani yn 'e science fiction-film Dune fan regisseur Denis Villeneuve, it earste part fan in twadielige ferfilming fan 'e roman mei deselde namme fan Frank Herbert út 1965 en in remake fan 'e film út 1984 fan David Lynch. Yn 2024 kaam it twadde diel út, Dune: Part Two, wêryn't Zendaya op 'e nij te sjen wie Chani.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Zendaya Coleman besit wenten yn Los Angeles en yn 'e New Yorkske borough Brooklyn. Hja hat in relaasje mei akteur Tom Holland, har tsjinspiler út 'e trije Spider-Man-films. Dy relaasje waard yn novimber 2021 buorkundich makke, mar wie doe al in hoart geande. Zendaya is in fegetaarjer en in feministe. As aktiviste foar gelikense minskerjochten foar Afro-Amerikanen yn 'e Feriene Steaten wie se yn 2020 belutsen by de protesten nei de dea troch plysjegeweld fan 'e swarte arrestant George Floyd. Fierders hat se har ynset foar ferskate goede doelen, wêrûnder UNICEF, it bernefûns fan 'e Feriene Naasjes, en UNAIDS, de kampanje fan 'e Feriene Naasjes tsjin HIV/AIDS yn Súdlik Afrika.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2013 – Between U and Me: How to Rock Your Tween Years with Style en Confidence (autobiografy)
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- singles
- 2011 – Swag It Out
- 2011 – Watch Me (duët mei Bella Thorne)
- 2012 – Something to Dance For
- 2013 – Replay
- 2014 – My Baby
- albums
- 2013 – Zendaya
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
2010–2013 | Shake It Up | Rocky Blue | haadrol |
2011 | Good Luck Charlie | Rocky Blue | gastrol; ôfl. Charlie Shakes It Up |
2011 | PrankStars | harsels | ferburgen-kameraprogramma; ôfl. Walk the Prank |
2011 | Pixie Hollow Games | Fern | as stimaktrise; animearre tillefyzjespecial |
2012 | A.N.T. Farm | Sequoia Jones | gastrol; ôfl. Creative consultANT |
2012 | Frenemies | Halley Brandon | tillefyzjefilm |
2013 | Dancing with the Stars | harsels | dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma (seizoen 16) |
2013 | The Story of Zendaya | harsels | dokumintêresearje |
2014 | Zapped | Zoey Stevens | tillefyzjefilm |
2014 | SWAY: A Dance Trilogy | harsels | tillefyzjedûnsshow |
2014 | The Making of SWAY | harsels | efter-de-skermendokumintêre |
2015–2018 | K.C. Undercover | K.C. Cooper | haadrol; ek ko-produsinte |
2015 | Black-ish | Rasheida | gastrol; ôfl. Daddy's Day |
2016 | America's Next Top Model | harsels | gastsjuerylid yn in talintejacht; ôfl. Lights, Camera, Catwalk |
2017 | Walk the Prank | harsels | ferburgen-kameraprogramma; ôfl. K.C. Undercover Edition |
2017 | Lip Sync Battle | harsels | dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma Tom Holland vs. Zendaya |
2019 | The OA | Fola | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2019–no | Euphoria | Rue Bennett | haadrol; ek útfierend produsinte 2 × Emmy Award foar bêste aktrise yn in dramasearje (2020 en 2022) Golden Globe foar bêste aktrise yn in dramasearje (2023) |
films | |||
2013 | Super Buddies | Lollipop | as stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht |
2016 | Lemonade | harsels | |
2017 | Spider-Man: Homecoming | M.J. | |
2017 | The Greatest Showman | Anne Wheeler | |
2018 | Duck Duck Goose | Chi | as stimaktrise |
2018 | Smallfoot | Meechee | as stimaktrise |
2019 | Spider-Man: Far from Home | M.J. | |
2021 | Dune | Chani | |
2021 | Malcolm & Marie | Marie | ek útfierend produsinte |
2021 | Space Jam: A New Legacy | Lola Bunny | as stimaktrise |
2021 | Spider-Man: No Way Home | M.J. | |
2022 | Is That Black Enough for You?!? | harsels | dokumintêre |
2024 | Challengers | Tashi Duncan | ek filmprodusinte |
2024 | Dune: Part Two | Chani |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Zendaya Coleman
- (in) Folsleine filmografy fan Zendaya Coleman yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk filmprodusint
- Amerikaansk model
- Amerikaansk sjonger
- Amerikaansk dûnser
- Amerikaansk moadeûntwerper
- Amerikaansk autobiograaf
- Amerikaansk feminist
- Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma
- Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk model fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk dûnser fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk skriuwer fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk ûntwerper fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk produsint fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Golden Globe-winner
- Emmy-winner
- Persoan berne yn 1996