Assessoire

Ut Wikipedy

In assessoire (fan it Frânske accessoire, dat "bykomstich" betsjut) is in algemiene beneaming foar in bykommend, net direkt needsaaklik foarwerp, dat heart by it ien of oar dat wol needsaaklik is. Hoewol't dit wurd yn prinsipe nei fan alles ferwize kin, wurdt 'assessoire' it meast brûkt yn ferbân mei klean of moade. Yn dy kontekst slacht it bgl. op hântaskes, seintueren, sieraden en juwiellen by froulju, mansjetknopen, posjets en mulrimen by manlju en holdeksels en fuotark by beide. Ek sinnebrillen, wantsjes, hierbannen, waaiers en sels parasols kinne as assessoires beskôge wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.