Frederick Law Olmsted
Frederick Law Olmsted (Hartford (Konettikut), 25 april 1822 - Belmont (Massachusetts), 28 augustus 1903) wie in Amerikaanske lânskipsûntwerper, dy't beskôge wurdt as de grûnlizzer fan de lânskipsarsjitektuer yn Amearika.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan de begoedige keapman John Olmsted, gie nei de Phillips Academy yn Massachusetts oant 1838, mar moast syn stúdzje oan de Yale University opjaan fanwege in fergiftiging troch poison-sumac dêr't syn sûnens swier ûnder te lijen hie. Hy wie seeman, sjoernalist en keapman ear't er him yn 1848 deljoech oan de súdkust fan Staten Island, op de grutte pleats Akerly Homestead.
Yn 1850 reizge er nei Ingelân en sjocht dêr it wurk fan lânskipsarsjitekt Joseph Paxtons, dy't er yn Walks and Talks of an American Farmer in England beskreaun hat. Dat smiet nije opdrachten op. Sa gie er yn 1852–57 fanwege de doe krekt oprjochte krante New York Daily Times nei it suden fan de Feriene Steaten en beskreau de slavernij dêre. Werom yn New York ûntwerpt er yn de mande mei Calvert Vaux it plan út foar it Central Park, dat syn namme klank joech en it begjin betsjutte fan syn karriêre as lânskipsarsjitekt.
Olmsted waard ferneamd troch it ûntwerpen fan in tal stedsparken yn Noard-Amearika, sa as Central Park en Prospect Park yn New York City, de Niagara Reservation yn Niagara Falls (New York), it Mount Royal Park in Montréal, en de Emerald Necklace rûnom it sintrum fan Boston. Teffens wienen de tunen om it Kapitoal yn Washington D.C. fan syn hân. Tusken 1857 en 1895 ûntwurpen Olmsted en syn learlingen ek de tunen en parken fan 355 skoallen en kolleezjes.
Syn soan Frederick Law Olmsted, Jr. slagge ek tige as lânskipsarsjitekt.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Walks and Talks of an American Farmer in England Riley: Kolumbus, Ohio, 1859
- A Journey through Texas, or a Winter of Saddle and Camp Life on the Border Country of the United States and Mexico New York & Londen 1857
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Charles E. Beveridge, Paul Rocheleau: Frederick Law Olmsted. Designing the American Landscape. Universe Publishers, New York 1999, ISBN 0-7893-0228-4.
- Lee Hall: Olmsted's America. An "Unpractical" Man and His Vision of Civilization. Bullfinch Press, Boston, MA 1995, ISBN 0-8212-1998-7.
- Witold Rybczynski: A Clearing in the Distance. Frederick Law Olmsted and North America in the Nineteenth Century.Scribner, New York 2003, ISBN 0-684-86575-0.
- Elizabeth Stevenson: Park Maker. A life of Frederick Law Olmsted. Transaction Publishing, New Brunswick, NJ 1999, ISBN 0-7658-0614-2.