John Singer Sargent

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
John S. Sargent, troch Giovanni Boldini, 1890

John Singer Sargent (Florence, 12 jannewaris 1856 - Londen, 14 april 1925) wie in Amerikaanske skilder, benammen bekend fan syn portretten. Hy makke yn totaal sa'n 900 oaljeferveskilderijen, 2000 akwarellen en talleaze sketsen en houtskoaltekeningen. Syn oeuvre dokumintearret reizgjen oer de hiele wrâld, fan Feneesje oant Tiroal, Korfû, it Midden-Easten, Montana, Maine, en Florida.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sargent waard berne yn Florence út Amerikaanske âlden. Hy folge in oplieding yn Parys foardat er nei Londen ferhuze en it grutste part fan syn libben yn Europa wenne. Syn krige hie ynternasjonaal klank as portretskilder. In iere ynstjoering foar de Paryske Salon yn de jierren 1880, syn 'Portret fan Madame X', wie bedoeld om syn posysje as societyskilder yn Parys te ferstevigjen, mar late yn stee dêrfan ta in skandaal. Yn it jier dat folge op it skandaal, ferfear Sargent nei Ingelân dêr't er in suksesfolle karriêre as portretskilder trochsette.

Fan it begjin ôf wurdt Sargent's wurk karakterisearre troch in opmerklike technyske feardigens, benammen yn syn fermogen om mei in penseel te tekenjen, dat yn lettere jierren sawol bewûndering oprôp as krityk fanwegen in ûnderstelde oerflakkichheid. Syn yn opdracht makke wurken wiene yn oerienstimming mei de grutte wize fan portretskilderjen, wylst syn ynformele stúdzjes en lânskipsskilderijen in fertroudheid mei it ympresjonisme sjen lieten. Op lettere leeftiid utere Sargent syn ambivalinsje oer de beheiningen fan it formele portretwurk en wijde er in soad fan syn enerzjy oan muorreskilderingen en it wurkjen en plein air. Keunsthistoarisy negearden oer it algemien keunstners dy't Royalty en Society skilderden - lykas Sargent - oant yn de lette 20ste iuw.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Richard Ormond en Elaine Kilmurray, John Singer Sargent. The early portraits. New Haven, 1998.
  • Richard Ormond en Elaine Kilmurray, John Singer Sargent. Portraits of the 1890s. New Haven, 2002.
  • Richard Ormond en Elaine Kilmurray, John Singer Sargent. The later portraits. New Haven, 2003.

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: