Krissy Lynn

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Krissy Lynn
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Krissy Lynn Exxxotica LA 2010.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Chrissy Hines
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 14 desimber 1984
berteplak Salt Lake City (Utah)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
teamkrissylynn.com

Krissy Lynn, echte namme: Chrissy Hines (Salt Lake City, 14 desimber 1984), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krissy Lynn is hikke en tein yn Salt Lake City, de haadstêd fan 'e steat Utah. Se hie har earste seksuële ûnderfining doe't se fjirtjin jier wie, en wurke nei't se mearderjierrich wurden wie in jier lang as stripper yn 'e ferneamde Utahaanske klub Southern Exposure. Dêrnei ferfear se nei Las Vegas, yn 'e steat Nevada, dêr't se yn Sapphire dûnse, in oare bekende stripklub. Yn Las Vegas besocht se ek geregeldwei de seksklub The Green Door, dêr't se mei guon pornoakteurs yn 'e kunde kaam.

Yn septimber 2008 tekene se in kontrakt by it topagintskip foar pornoaktrises LA Direct Models, en yn 2009, doe't se 25 jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film I Love Big Toys 19. Yn totaal hat Lynn sûnt, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn mear as 200 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Hustler, Wicked Pictures en Evil Angel. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en BangBros; sa die se har earste anale sêne yn maart 2010 foar Brazzers. Underwilens hat Krissy Lynn yn 2011 ien AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se noch seis nominaasjes foar oare AVN Awards yn 'e wacht sleept hat.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei 8 oaren) BatfxXx: Dark Night Parody
nominearre bêste groepsekssêne (mei Carla Cox, Charley Chase, Nat Turnher en Mr. Pete) Slutty and Sluttier 11
nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
wûn bêste triosekssêne f/f/m (mei Kimberley Kane en Mr. Pete) The Condemned
2012 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei James Deen en Jordan Ash) Ass Worship 13
2014 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Allie Haze, Fabine, Suzana Rhios, Bad Boy, Tyler Nixon,
Roge en Michael Vegas)
Adventures in Eden
nominearre meast seksy kont n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.