Kendra Spade

Ut Wikipedy
Kendra Spade
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kendra Spades,
Kandy Kuntpump
echte namme Michaela McComick
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 maaie 1998
berteplak Kelso (Louisiana)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Filipynsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, porno-aktrise
jierren aktyf 2017 – no
offisjele webside
Kendra Spade op Twitter

Kendra Spade, echte namme: Michaela McComick (Kelso (Louisiana), 11 maaie 1998), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Filipynsk etnysk komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Kendra Spades en Kandy Kuntpump. Spade sette yn 2017 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spade waard yn 1998 berne yn Kelso, yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Louisiana, mar se groeide op yn 'e steat Washington, yn it Amerikaanske Noardwesten. Yn 2017, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se begjin 2019 yn krapoan 150 films spile. Spade stiet benammen bekend om har orale en anale optredens.

Spade hat fral yn films spile fan sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Hustler Video, Evil Angel, Digital Sin, Devil's Film Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Diabolic Video en Digital Playground. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media en Girlfriends Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings, Brazzers en Kink.com.

Under har karriêre hat Spade gearwurke mei kollega-aktrises as Lexi Belle, Maya Bijou, Casey Calvert, Lea Lexus en Kira Noir, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Steve Holmes, Keiran Lee, Logan Long, Sean Michaels, Ramon Nomar, Johnny Sins, Criss Strokes, Mark Wood en Prince Yahshua.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kendra Spade is fan mingd blank en mongoloïde komôf, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.62 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en in natuerlike cupmaat 32D. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se ek in piercing troch har rjochternoaswjuk. Tatoeaazjes hat se lykwols net.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2018 XCritic Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: