Kylee Strutt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kylee Strutt
Kylee Strutt.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jada Julez
echte namme  ?
nasjonaliteit Flag of Canada.svg Kanadeesk
berne 12 febrewaris 1987
berteplak  ? (Britsk Kolumbia)
etnisiteit Flag of Canada.svg Angelsaksysk Kanadeesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20082011
offisjele webside
www.kyleestruttxxx.com

Kylee Strutt, wiere namme ûnbekend (12 febrewaris 1987), is in rêstend Kanadeesk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Jada Julez.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strutt is hikke en tein yn 'e westlike Kanadeeske provinsje Britsk Kolumbia. Yn 2008 ferfear se nei de Feriene Steaten, en sette har nei wenjen yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr makke se noch datselde jiers har debút yn 'e pornografy yn in fideo foar de side Baby Got Boobs fan 'e website Brazzers.

Neitiid spile hja neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn in fyftjintal pornografyske films en in ûnbekend oantal ynternetfideo's, foar labels as Muffia, Vivid Entertainment, Pure Play Media, New Sensations en Jules Jordan Video. Under har pornokarriêre stie se fral bekend om har (ferve) reade hier en har (fergrutte) boarsten mei kup 34DD. Neffens har offisjele opjefte wie se 1.57 m, mei in gewicht fan 55 kg. Yn 2011 loek se har werom út 'e pornoyndustry en kearde se werom nei Kanada.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: