Springe nei ynhâld

Aletta Ocean

Ut Wikipedy
Aletta Ocean
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Artemis Gold, Aletta Florencia,
Aletta Alien, Aletta, Doris
echte namme Dora Varga
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 14 desimber 1987
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
alettaoceanempire.com

Aletta Ocean, echte namme Dora Varga (Boedapest, 14 desimber 1987), is in Hongaarsk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja hat yn it ferline ek wol de artystenammen Artemis Gold, Aletta Florencia, Aletta Alien, Aletta en Doris brûkt.

Libben

Aletta Ocean wie in studinte ekonomy, doe't se yn 2006 Miss Toerisme Hongarije waard en yn 'e Miss Hongarije-ferkiezing by de seis finalisten einige. Neitiid begûn se as model te wurkjen en yn 2007 makke se har debút, op oantrúnjen fan har doetiidske freon, yn in pornografyske film. In healjier letter joech se har stúdzje deroan om har folslein op har karriêre as pornoaktrise te konsintrearjen.

Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn hast 180 films spile, foar labels as Private, Evil Angel, Digital Playground, New Sensations, Zero Tolerance en Jules Jordan Video. Dêrby is se almeast wurksum yn Jeropa, mar yn 2009 brocht se fiif moannen foar opnamen troch yn 'e Feriene Steaten. Njonken har akteurwurk hat Aletta Ocean ek posearre foar neakenblêden, lykas de Penthouse en de Hongaarske Playboy.

Prizen en Nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2006 Miss Hongarije-ferkiezing finaliste n.f.t. n.f.t.
Miss Toerisme Hongarije-ferkiezing wûn n.f.t. n.f.t.
2009 Hot d'Or nominearre bêste Jeropeeske stjer n.f.t.
2010 AVN Award wûn bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste sekssêne yn in produksje opnommen yn it bûtenlân Dolls House
2013 Xbiz Award nominearre bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.