Dillion Harper

Ut Wikipedy
Dillion Harper
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Dillon Harper, Dillion, Dillon
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 septimber 1991
berteplak Jupiter (Floarida)
etnisiteit Iersk
Sjeroky
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
dillionharperxxx.com

Dillion Harper, echte namme ûnbekend (Jupiter (Floarida), 27 septimber 1991), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd blank en Yndiaansk etnysk komôf, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Dillon Harper. Hja hat fierders ek wol ûnder allinnich har foarnamme Dillion wurke. Harper sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in grut tal films. Hja hat trijeris nominearre west foar in AVN Award.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harper waard yn 1991 berne yn Jupiter, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Hja is fan mingd etnysk komôf, mei sawol Iersk as Sjeroky-bloed. Yn 'e tiid dat se foar mûlhygiëniste learde, begûn Harper neaken te posearjen om har stúdzje te bekostjen. Dêrby stie se mei fotoreportaazjes yn neakenblêden lykas Hustler en Score. Yn novimber 2013 wie se de Hustler Honey fan 'e moanne.

Dillion Harper yn 2014.

Yn 2012, doe't se 21 jier âld wie, makke Harper har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se ein 2016 yn mear as 235 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Devil's Film, New Sensations, Wicked Pictures, Digital Sin, Red Light District, Elegant Angel, Hustler Video, Penthouse, Jules Jordan Video, Zero Tolerance, Digital Playground, Adam & Eve en Diabolic Video.

Ek hat se wol wurke foar minder bekende filmstudio's, lykas Shane's World, Pure Play Media, Metro, Mile High Media en Girlfriends Films. Fierders hat Harper ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Hja hat trijeris nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld): twa kear yn 2014, yn 'e kategoryen bêste groepsekssêne en bêste nije stjer, en ien kear yn 2015, op 'e nij yn 'e kategory bêste groepsekssêne.

Harper wurdt fertsjintwurdige troch it ympressariaat AMA Adult Modeling yn Floarida en troch 101 Adult Modeling yn Los Angeles. Nei eigen sizzen mei se graach op it strân kuierje en nei de bergen gean te kampearjen.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harper is fan mingd blank en Yndiaansk ras, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.66 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike kupmaat 32D. Behalven piercings troch har earlellen hat se ek in nâlpiercing. Tatoeaazjes hat se lykwols net.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2014 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Anikka Albrite, Mischa Brooks, Ashley Fires, Remy LaCroix, Riley Reid en Manuel Ferrara) Manuel Ferrara: Reverse Gangbang
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre wiete dream (cream dream) n.f.t.
nominearre nije stjer fan it jier n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Dana DeArmond, Karmen Karma, Sara Luvv, Jessica Madison, Rilynn Rae, Katie St. Ives, Chad Alva,
Daniel Hunter, Jessy Jones, Jason Matrix en Bradley Remington)
Private Lives

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: