Springe nei ynhâld

Kampearjen

Ut Wikipedy
Tinten op in kampearterrein.

Kampearjen is in foarm fan rekreaasje yn 'e iepen loft wêrby't men yn in tinte, caravan of camper ien of mear nachten op in bûtenterrein ferbliuwt. Foar dat soarte fan frijetiidsbesteging besteane spesjaal ynrjochte lokaasjes dy't kampearterreinen of campings hjitte. As men samar op in willekeurich stik lân jins tintsje opslacht, is men oan it wyldkampearjen, en makket men kâns om in jildboete oplein te krijen.

By kampearjen kin men yn 'e regel ta mei mar in bytsje lúkse, mei't it bedoeld is om fan 'e natoer te genietsjen en te ûnthastigjen. Ek it ynformele, 'frije' karakter fan dizze foarm fan oernachting kin in wichtige reden wêze om foar kampearjen te kiezen ynstee fan yn te checken yn in hotel of oar fakânsjeferbliuw. Der besteane in protte ferskillende foarmen fan kampearjen, dy útinoar rinne fan survivaltochten wêrby't de dielnimmers it minimum oan bagaazje by har drage, oant in ferbliuw op in kampearterrein dêr't alderhanne fasiliteiten oanwêzich binne, fan elektrisiteit en gas oant streamend wetter en mienskiplike dûsen.

As rekreätive aktiviteit is kampearjen oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn Ingelân ûntstien, dêr't begoedige lju fytstochten makken en by hotels yn 'e bûtenloft oernachten yn eigen tinten. Yn 1906 waard yn Grut-Brittanje de earste camping club oprjochte. Yn Nederlân wie de earste kampearferiening de Nederlânske Toeriste Kampear Klub (NTKC), dy't yn 1912 op inisjatyf fan Carl Denig ûntstie. It earste offisjele kampearterrein waard yn Nederlân yn 1924 iepene yn Vierhouten.

Oant dy tiid wie kampearjen benammen in tiidsferdriuw foar de hegerein. Yn 'e 1930-er jierren kaam dêr stadichoan feroaring yn doe't it ek populêr waard ûnder sljochtwei wurkfolk. De grutte trochbraak fan it kampearjen kaam lykwols pas nei de Twadde Wrâldoarloch, doe't it tanksij mear frije tiid, in groeiende wolfeart en in gruttere mobiliteit in skoft lang dé manier wie om 'e fakânsje troch te bringen. Fan 'e 1970-er jierren ôf, doe't in protte minsken ûnderwilens sa wolfarrend wurden wiene dat se fiere reizen nei frjemde lannen betelje koene, belune de populariteit fan it kampearjen wer wat.

Kampearnedichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.