Carl Denig
Carl Denig (Rotterdam, 19 maart 1892 – 18 febrewaris 1975) wie in Nederlânsk ûndernimmer en tintefabrikant waans famylje oarspronklik út it Dútske Rynlân-Palts kaam. Hy wie meiferantwurdlik foar it ynbringen fan it kampearjen yn Nederlân.
Denig begûn yn 1910 yn Londen oan in oplieding fan twa jier ta kleanmakker. Yn 1911 waard er lid fan de Ingelske Amateur Camping Club (in foarrinner fan de Camping and Caravanning Club), dêr't er foar it earst lichtgewicht tinten tsjinkaam. Hy boude syn earste eigen tinte yn 1912. Werom yn Amsterdam rjochte er op 5 maaie 1912 yn 'e mande mei Nol van Ameringen, Jaap Mewe, en syn suster Louise Denig de Nederlânske Toeriste Kampear Klub (NTKC) op. Denig wie ek ien fan de oprjochters fan de HISWA (1932), de Nederlânske organisaasje foar wettersportbedriuwen.
Yn 1912 sette Carl Denig út ein mei de produksje fan foar de tiid lichgewicht tinten ûnder syn eigen namme. Yn 1924 waarden dy ek útfierd nei Nederlânsk-Ynje.
It bedriuw ferhuze yn de jierren 1930 fan it Amsterdamske Rokin nei de Weteringskâns, dêr't it noch altyd festige is. It bedriuw waard útwreide mei in festiging yn De Haach yn 1938. Yn 1965 waard Carl Denig beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau fanwege syn part yn it befoarderjen fan it bûtendoarlibjen en it fergrutsjen fan it omtinken foat de natuer. Yn 1970 waard it bedriuw oernaam troch Henk van Veen (eigener fan Van Veen motorfytsen). De winkel hold lykwols de namme Carl Denig. Yn 2004 iepene it bedriuw in filiaal yn Nieuwegein. Yn 2008 namen Gert Jan Nauta en Peter Arensman Carl Denig oer en yn 2009 waard in ynternetwinkel iepene. De festiging yn Nieuwegein gie yn 2015 ticht om reden fan minne ferkeapsifers.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|