Cherokee (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Cherokee
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Cherokee, October 2006.JPG
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tiffany Paige Adams
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 12 jannewaris 1982
berteplak Erlanger (Kentucky)
etnisiteit Flagge fan de Sjeroky Naasje fan Oklahoma.PNG Sjeroky
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 20022011
offisjele webside
gjint

Cherokee, echte namme: Tiffany Paige Adams (Erlanger (Kentucky), 12 jannewaris 1982), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan Sjeroky-komôf; dêrfandinne har artystenamme. Se moat net betize wurde mei in oare Amerikaanske pornoaktrise, Cherokee d'Ass, dy't fan Afro-Amerikaansk komôf is.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cherokee is hikke en tein yn it plakje Erlanger, yn 'e steat Kentucky. Se is tige lyts fan stal, mei in lingte fan 1.50 m en in gewicht fan 52 kg. Yn 2002, doe’t se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se yn likernôch 260 pornofilms, foar labels as Vivid, Mile High Productions, Evil Angel, Wicked Pictures en Jill Kelly Productions. Fierders wûn Cherokee yn 2004 de Exotic Dancer Award yn 'e kategory bêste nije optreden. Yn 2006 regisearre se foar it earst in pornofilm. Yn 2011 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2004 Exotic Dancer Award wûn bêste nije optreden n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: