Skyla Novea

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Skyla Novea
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Skyla Novea.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Ginger Elle, Percilla Riclof,
Mayleena Smith, Nena Starzz
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 7 maaie 1994
berteplak Miami (Floarida)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
Skyla Novea op Twitter

Skyla Novea, echte namme ûnbekend (Miami, 7 maaie 1994), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Ginger Elle, Percilla Riclof, Mayleena Smith en Nena Starzz. Hja sette yn 2013 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skyla Novea waard yn 1994 berne yn Miami, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, mar groeide op yn Noard-Karolina. Yn 2013, doe't se njoggentjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se anno 2019 yn mear as 90 films spile. Har earste anale sêne hie Novea yn Bombshell Skyla Novea, in film dy't op 20 maart 2017 opnommen waard. Har earste sêne mei dûbele penetraasje waard op 11 septimber 2017 opnommen foar de film Brazzers House 2: Day 2.

Under har karriêre wurke Skyla Novea û.m. foar sokke foaroansteande filmstudio's as Adam & Eve, Digital Sin, New Sensations, Elegant Angel, Digital Playground en Mile High Media. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Se hat gearwurke mei kollega-aktrises as Nicole Aniston, Dani Jensen, Keisha Grey, Kelsi Monroe, Rachel Roxxx en Kristina Rose, en mei manlike tsjinspilers as James Deen, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, J-Mac, Sean Lawless, Keiran Lee, Ramon Nomar en Mr. Pete.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skyla Novea is blank, mei brune eagen en read hier dat se gauris blondearret. Se hat in soad skeinspruten yn it gesicht. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en cupmaat 34D. Dêrfoar ûndergie se yn jannewaris 2016 in boarstfergruttingsoperaasje. Foartiid hie se in (natuerlike) C-cup. Novea hat gjin tatoeaazjes. Behalven de wenstige gatsjes yn 'e earlellen hat se ek in tongpiercing, in nâlpiercing en in piercing troch har lofternoaswjuk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: