Nyomi Marcela

Ut Wikipedy
Nyomi Marcela
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Nyomi Marcella, Naomi Marcella,
Naomi Marcela, Nayomi Marcella,
Nyomi Marsala, Nyomi Arman,
Nyomi, Naiomi, Naiomi, Lu-Lim
echte namme Naomi (?) Marcelia
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 july 1981
berteplak Encinitas (Kalifornje)
etnisiteit Javaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20012010
offisjele webside
gjint

Nyomi Marcella, echte namme: Naomi (?) Marcelia (Encinitas (Kalifornje), 9 july 1981), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Javaansk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt gauris op ûnderskate manearen ferhaspele ta Nyomi Marcella, Naomi Marcella, Naomi Marcela, Nayomi Marcella en Nyomi Marsala, wylst hja yn it begjin fan har karriêre ek wol wurke hat ûnder de nammen Nyomi Arman, Nyomi, Naiomi, Naiomi en Lu-Lim. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 34B. Marcela har âldere suster Jade Marcela wie foarhinne ek aktyf as pornoaktrise.

Nyomi Marcela yn 2008.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de measte boarnen waard Nyomi Marcela op 9 july 1981 berne yn Encinitas, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje,[1][2] en net yn 'e Amerikaanske steat Hawaï, sa't de Internet Movie Database (IMDb) beweart. (De IMDb wol ek hawwe dat Marcela en har âldere suster Jade in twilling binne, wylst alle oare boarnen der ienriedich oer binne dat dat net sa is.) Yn alle gefallen wiene Marcela har âlden Yndonezyske ymmigranten yn 'e Feriene Steaten, dy't oarspronklik ôfkomstich wiene út Tegal, yn 'e Yndonezyske provinsje Midden-Java. Nyomi Marcela groeide op yn súdlik Kalifornje.

Yn 2001, doe't se tweintich jier wie, makke se yn neifolging fan har âldere suster Jade har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnei yn 269 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Pure Play Media, Jules Jordan Video, Vivid Entertainment, Zero Tolerance, Diabolic Video, New Sensations, Evil Angel, West Coast Productions, Sin City, Hustler Video, Red Light District, Anabolic Video, Devil's Film, Jill Kelly Productions, Adam & Eve en VCA Pictures. Dêrby spile Marcela yn teminsten trije sênes mei har suster Jade. Njonken har aktearwurk posearre se ek foar ferskate neakenblêden. Yn 2010 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske gegevens en filmografy fan Nyomi Marcela yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
  2. Biografyske gegevens fan Nyomi Marcela op FreeOnes