Shay Fox

Ut Wikipedy
Shay Fox
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Shey Fox, Shay Foxx
echte namme Rachel Clarke
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 jannewaris 1969
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Nederlânsk
Yndiaansk
Sweedsk
wurkpaad
wurksum as fitnessmodel, neakenmodel,
stripper, pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
www.clubshayfox.com

Shay Fox, echte namme: Rachel Clarke (Los Angeles, 17 jannewaris 1969), is in Amerikaansk hierknipster, fisazjiste, fitnessmodel, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Dútsk, Nederlânsk, Sweedsk en Yndiaansk etnysk komôf. Har skûlnamme wurdt ek wol misstavere as Shey Fox of Shay Foxx. Hja sette har karriêre útein as fitnessmodel en rekke yn 'e Amerikaanske pornoyndustry behelle troch har wurk as stripper. Fan 2010 ôf hat Fox in florearjende karriêre as pornoaktrise opboud, wêrby't se har benammen taleit op it sjenre fan 'e milfpornografy.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shay Fox waard yn 1969 berne yn Los Angeles, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, mar groeide op yn it noarden fan 'e steat. Hja hat ek ferskate jierren yn Las Vegas wenne foar't se weromferhuze nei súdlik Kalifornje. Fox wie trettjin jier lang hierknipster en fisazjiste fan berop, en naam (ûnder har eigen namme) diel oan in grut tal fitnesswedstriden, oant op it Kalifornyske steatsnivo ta. Doe't se ein jierren 2000 as stripper begûn te wurkjen, rekke se fia-fia by de Amerikaanske pornoyndustry behelle. Yn 2010, doe't se 41 jier wie, makke Fox har debút yn in pornografyske film.

Sûnt hat Fox neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn sa'n 120 ferskillende pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Adam & Eve, Devil's Film, Evil Angel, Jules Jordan Video, New Sensations, Zero Tolerance, Digital Sin en it Sweedske Private. Teffens hat se wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Pure Play Media, Girlfriends Films en Mile High Media. Fierders hat Fox ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers, Bang Bros en Blacks on Blondes. Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel, en yn dy hoedanichheid hat se û.o. yn it neakenblêd Score stien.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shay Fox is blank en hat blauwe eagen en swart hier, dat se koart draacht mei in ponny fan foarren. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 60 kg, en kupmaat 36F (of 36DDD), dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Fox hat in atletysk en spierd lichem, dat dûnker brune is. Hja hat piercings troch har lofternoaswjuk, har klitoris en troch de hûd boppe har skamstreek, de hûd fan har lofterpols en yn in rige op acht plakken troch de hûd fan har rêch oer de lingte fan har wringe. Ek hat se tatoeaazjes op har rêch dy't mei de acht piercings dêre in soarte fan linte foarmje, en oare tatoeaazjes hat se op har lofterhân, har rjochterûnderearm, har lofterpols, en op har beide fuotten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: