Miko Lee

Ut Wikipedy
Miko Lee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Niko Lee
echte namme Connie Kay Tchang
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 maart 1980
berteplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Sineesk
Fjetnameesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
produsinte
jierren aktyf 20002004 & 20112012
offisjele webside
www.mikolee.com

Miko Lee, echte namme: Connie Kay Tchang (San Diego, 30 maart 1980), is in Amerikaansk neakenmodel, rêstend pornografysk aktrise en pornoprodusinte fan mingd Sineesk-Fjetnameesk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Niko Lee.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Miko Lee is hikke en tein yn San Diego, yn 'e steat Kalifornje. Se sette útein mei har karriêre doe't se fan 1998 ôf posearre foar neakenblêden en lyksoartige websiden. Yn 2000 makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 140 pornofilms spile. Se waard goede freonen mei de swarte pornoakteur Lexington Steele en spile mei him yn ferskate fan syn produksjes. Njonken har aktearwurk spriek se û.m. ek de stim yn fan it personaazje Natsuno yn 'e hentai-animesearje Desert Island X. Yn 2004 loek se har nei it meitsjen fan 'e film Angels of Mercy werom út 'e pornoyndustry, mar yn 2011-2012 makke se in comeback, begjinnend mei de fideo How to Get a Better Grade foar de webside Big Tits at School fan 'e ynternetsite Brazzers. Yn 2011 rjochte Lee teffens in eigen produksjebedriuw op, mei de namme Miko Lee Productions. Se produsearre har earste pornofilm yn maart 2011.

Op persoanlik mêd sprekt Miko Lee floeiend Sineesk. Se is 1.75 m en weaget 55 kg. Yn fraachpetearen hat se oanjûn biseksueel te wêzen. Ferskate boarnen yn 'e pornoyndustry, wêrûnder regisseur Bud Lee, hawwe oanjûn dat Miko Lee in tige noflik persoan is om mei te wurkjen. Neffens wat Lee har kollega-pornostjer Mika Tan yn in ynterview oer har fertelde, besocht Lee har pornokarriêre yn 't earstoan geheim te hâlden foar har âldelju. Se bewearde dat se in baan yn in krudenierswinkel hie. Mar de moard kaam út doe't de lulke winkelman in stikmannich fan har foto's, dy't er fan it ynternet helle hie, oan har âldelju tamailde. Dat joech in hiel trelit yn huze Tchang, en it is ûndúdlik oft Miko Lee noch wol kontakt mei har famylje hat.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2001 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: