Alana Evans

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alana Evans
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Alana Evans 2019 by Glenn Francis.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Alana, Alona, Allana Evans,
Alana Evas, Jenna Talia
echte namme Dawn Marie Thompson
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 6 july 1976
berteplak Hopkinsville (Kentucky)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
www.alanaevans.com

Alana Evans, echte namme: Dawn Marie Thompson (Hopkinsville (Kentucky), 6 july 1976), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Jenna Talia, Alana en Alona. Har namme wurdt soms ek wol misstavere wurdt as Allana Evans of Alana Evas. Hja sette yn 1998 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Evans waard yn 1976 berne op 'e Amerikaanske legerbasis Fort Campbell, te Hopkinsville, yn 'e steat Kentucky, dêr't har heit doedestiden tsjinne. In pear moannen nei har berte giene har âlden lykwols útinoar en ferfear har mem mei har en har suster nei Kalifornje ta, dêr't se opgroeide. Nei eigen sizzen ûntdiek Evans al ier dat se biseksueel wie, en hie se har earste seksuële ûnderfining mei in frou doe't se santjin jier wie.

Alana Evans.

Mei achttjin jier troude se yn 1994 mei in man mei wa't se ien bern krige. Hja fêstigen har yn noardlik Kalifornje, dêr't se in oandiel yn in pleatslike stripklub oankochten. Evans begûn dêr te wurkjen as stripper en al rillegau dûnse hja ek yn oare klubs yn dy omkriten. Se ûntdiek doe dat de bekendste strippers, de saneamde feature dancers, bêst fertsjinje koene, en besefte dat se bekendheid nedich hie as sy dat ek woe. Evans besleat dat pornoaktrise wurde de bêste en fluchste manear wie om bekend te wurden en in protte fans te krijen.

Sadwaande makke se yn 1998, doe't se 22 jier wie, har debút yn 'e pornografyske film Real Sex Magazine 11. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 470 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Vivid Entertainment, New Sensations, Evil Angel, Penthouse, Adam & Eve, Zero Tolerance, Elegant Angel, VCA Pictures, Hustler Video, Anabolic Video, Sin City, Diabolic Video, Devil's Film, Digital Sin en Shane's World.

Dêrnjonken hat Evans ek in protte yn 't spier west foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Jill Kelly Productions, Seymore Butts Home Movies, Extreme Associates, Third Degree Films en Pure Play Media. Yn 2007 regisearre hja de film Pick 'Em Young, foar it label Cinderella. Evans skiede yn 1999 fan har earste man en wertroude yn 2006 mei pornoakteur Chris Evans, yn in houlik dat noch altyd stânhâldt.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alana Evans is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m lang, mei in gewicht fan 49 kg, en cupmaat 36DD, dêr't se yn 2007 in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven de wenstige piercings troch de earlellen hat Evans ek ien troch har klitoris. Fierders hat se ferskate tatoeaazjes: in blauwige flinter op har lofterheup, in brânend hert mei in banier mei de tekst "Christian" op har rjochterearm, in hert op har lofterringfinger, en in skedel op har rjochterheup.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: