Veronica Brazil
Veronica Brazil | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Veronica, Veronica Castillo, Veronica Caliente, Veronica Rio, Veronica Florez | |
echte namme | Veronica Cruz | |
nasjonaliteit | Brazyljaansk | |
berne | 10 oktober 1958 | |
berteplak | Rio de Janeiro (Brazylje) | |
etnisiteit | Meksikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1993 – 1999 & 2004 | |
offisjele webside | ||
www.veronicabrazilxxx.com |
Veronica Brazil, echte namme: Veronica Cruz (Rio de Janeiro, 10 oktober 1958), is in rêstend Brazyljaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Meksikaansk komôf, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Veronica Castillo, Veronica Caliente, Veronica Rio, Veronica Florez en koartwei Veronica. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornokarriêre 1.68 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 38EE, dy't se krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Veronica Brazil waard yn 1958 berne yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro, yn in famylje dy't út it Meksikaanske San Salvador stamme. As folwoeksene wurke Brazil jierrenlang as stripper, foar't se yn 1993, doe't se 35 jier wie, úteinsette mei in wurkpaad as pornoaktrise. Dêrfoar ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje.
Brazil spile yn har karriêre, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn totaal yn 103 pornofilms, mei dêrûnder in protte produksjes fan labels dy't harren eksplisyt talizze op it grutte-boarstesjenre, lykas Big Top Video, Napali Video en Prestige Video. Mar fierders wurke se ek wol foar foaroansteande studio's as Anabolic Video en Wicked Pictures. It bekendst waard se troch har rol as Lorena Bobbitt yn John Wayne Bobbitt... Uncut, it pornografysk debút fan John Wayne Bobbitt, de Amerikaan waans penis troch syn frou ôfsnien mar der yn it sikehûs wer oanset wie.
Njonken har aktearwurk posearre Brazil ek in soad foar neakenblêden, lykas Score, Hustler's Busty Beaties, Gem en D-Cup. Yn 1999 loek se har út 'e pornoyndustry werom, mar yn 2004 makke se noch in koarte comeback doe't se seis moanne swier wie, foar in rol yn 'e film Knocked Up Knockers.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Veronica Brazil
- (in) Biografy en filmografy fan Veronica Brazil yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Veronica Brazil yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |