Jordan Lee

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jordan Lee
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
JordanLee00003.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jordan Leigh, Nikki Lee,
Samantha
echte namme Gloria Lynn Grimes
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 6 oktober 1959
berteplak Dallas (Teksas)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19931998
offisjele webside
gjint

Jordan Lee, echte namme: Gloria Lynn Grimes (6 oktober 1959), is in rêstend Amerikaansk pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Jordan Leigh, Nikki Lee en Samantha. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornokarriêre 1.73 m, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 38D, dy't se krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Har artystenamme Jordan Lee ûntliende hja oan in fiktyf personaazje út 'e tillefyzjesearje Dallas.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jordan Lee is hikke en tein yn it Teksaanske Dallas, dêr't se letter wurksum wie as plysje-aginte by it Dallas Police Department (DPD). Se sette útein mei in karriêre as pornoaktrise yn 1993, doe't se 34 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnei yn 208 ûnderskate pornografyske films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as VCA Pictures, Vivid Entertainment, Wicked Pictures en Sin City, mar ek foar in grut tal minder bekende studio's. Yn 1998 loek se har út 'e pornoyndusty werom.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: