Springe nei ynhâld

Mike Horner (pornografysk akteur)

Ut Wikipedy
Mike Horner
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
ferskaat, sjoch pseudonimen
echte namme Michael George Coe
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 febrewaris 1955
berteplak Portland (Oregon)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur
jierren aktyf 19782010
offisjele webside
Mike Horner op Facebook

Mike Horner, echte namme: Michael George Coe[1] (Portland (Oregon), 3 febrewaris 1955), is in Amerikaansk pornografysk akteur en regisseur, dy't ek wol gebrûk makke fan in ferskaat oan oare skûlnammen. Hy sette yn 1978 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn mear as 1.500 films. Horner wûn sân kear in prestizjeuze AVN Award, wêrûnder trije kear dy yn 'e kategory bêste akteur, en ien kear dy foar bêste byrol fan in akteur. Ek waard er ynhuldige as lid fan sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Yn 2010 beëinige er syn karriêre as pornoakteur.

Mike Horner hat as pornoakteur wurke ûnder de folgjende pseudonimen: Don Ark, Don Arte, Don Azt, Sam Barre, Roy Clark jr., Don Durrell, Mike Hanes, Don Hardin, Mike Hardin, Don Hart, Don Horner, John Horner, Arnold Long, Don Miller, Brad Phelps, Mike Rogers, Dan Sir, Don Tanner, Keith Webster en Johnny Wilson.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Horner waard yn 1955 berne yn Portland, yn 'e Amerikaanske steat Oregon. Syn wiere namme is neffens de Internet Movie Database (IMDb) 'Michael George Coe',[1] hoewol't in oare boarne de namme 'Donald Thomas Hart' neamt.[2] Hy studearre oan 'e Steatsuniversiteit fan San Francisco (SFSU) en de Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA), foar't er syn stúdzje ôfrûne oan 'e Steatsuniversiteit fan Sonoma (SSU). Neitiid wurke er as toanielakteur en dûnser.

Yn jannewaris 1978, doe't er 23 jier wie, sette Horner útein mei te spyljen yn koarte seksfilmkes, dy't doedestiden bekendstiene as loops ("lussen"), om't se (as yn in lus) konstant werhelle waarden yn ienpersoansromtes yn pornografyske bioskopen. Syn earste langspylfilm wie Tangerine, út 1979. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile er yn syn 32-jierrige karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry yn 1.523 films. Dêr moat lykwols by oantekene wurde dat dy database net kompleet is foar wat de 1980-er jierren oangiet, wylst der oan 'e oare kant ek kompilaasjefideo's mei werpublikaasjes fan earder wurk tusken sitte. Ien fan Horner syn bekendere films wie Boobwatch, út 1996, in pornografyske parody op 'e aksjesearje Baywatch, dy't yn 'e 1990-er jierren tige populêr wie

Yn 't earstoan fertsjinne Horner mar $40 oant $100 de film, en wie syn wurk as pornoakteur sadwaande in bybaantsje foar him. Pas yn 1983 koed er derfan libje. Yn 1991 ferhuze er nei Súdlik Kalifornje, dêr't er him folslein op 'e pornografy talei. Horner wurke û.m. foar sokke foaroansteande labels as VCA Pictures, Vivid Entertainment, Sin City, Adam & Eve, Wicked Pictures, Anabolic Video, Elegant Angel, New Sensations, Red Light District, Digital Playground en Hustler Video. Fierders wied er ek wol yn 't spier foar minder bekende studio's, lykas Jill Kelly Productions, Caballero Home Video, Metro, Leisure Time Entertainment, Coast to Coast Video, Afro-Centric Productions en Legend Video. En yn Jeropa wied er út en troch aktyf foar labels as it Dútske Sascha Alexander Productions en it Sweedske Private.

Under syn karriêre hat Horner gearwurke mei nei skatting 1.800 ûnderskate pornoaktrises, wêrûnder Tracey Adams, Brigitte Aime, Alexis Amore, Brittany Andrews, Briana Banks, Johnni Black, Bunny Bleu, Erica Boyer, Asia Carrera, Kimberly Chambers, Julia Channel, Danyel Cheeks, Cherokee, Cassandra Cruz, Jewel De'Nyle, Tricia Devereaux, Barbara Doll, Helen Duval, Alana Evans, Jeanna Fine, Ashlyn Gere, Nina Hartley, Jenna Haze, Tera Heart, Kylie Ireland, Janet Jacme, Jewels Jade, Jenna Jameson, Jessica Jewel, Keisha, Jill Kelly, Bridgette Kerkove, Renée LaRue, Sally Layd, Francesca Le, Heather Lee, Hyapatia Lee, Jordan Lee, Lisa Ann, Lovette, Gina Lynn, Mimi Miyagi, Tiffany Mynx, Brittany O'Connell, Kelly O'Dell, Bree Olson, Papillon, Alexa Rae, Harley Raine, Rocki Roads, Savannah, Alexandra Silk, Domonique Simone, Aurora Snow, Sydnee Steele, Stephanie Swift, Lucy Thai, Bianca Trump, Taylor Wane, Tori Welles, Wendy Whoppers, Rebecca Wild, Kathy Willets, Lilli Xene, Sarah Young en Kitty Yung.

Horner wûn sân kear in AVN Award, de Oscar fan 'e pornoyndustry. Dêrûnder wie trije kear de priis foar bêste akteur: yn 1987 foar syn rol yn Sexually Altered States, yn 1994 foar syn rol yn Nothing to Hide II: Justine, en yn 2002 foar syn rol yn Euphoria. Horner wûn ek de AVN Award foar bêste byrol fan in akteur, yn 2002, foar syn rol yn Wild Thing. Fierders wûn er twaris de priis foar bêste sekssêne mei in pearke: yn 1994 tegearre mei Roxanne Blaze, foar Nothing to Hide II: Justine, en yn 1995 yn 'e mande mei Ashlyn Gere, foar Body and Soul. En ta einbeslút wûn Horner yn 2005 de AVN Award foar bêste net-seksuële optreden, foar syn rol yn The Collector. Ek is er ynhuldige as lid fan sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame.

Njonken syn aktearwurk wie Horner fan 1993 ôf ek aktyf as regisseur fan yn totaal tolve pornofilms, wêrfan't ien útkaam by Adam & Eve, in oarenien by Coast to Coast Video en de rest by lytsere filmstudio's. Mei de films dy't er regissearre hie Horner net folle súkses, om't er net meigie yn 'e ferskowing fan 'e smaak fan it grutte publyk, fan pornofilms mei in senario nei gonzopornografy (dat koartsein delkomt op in opienfolging fan sekssênes sûnder plot). Yn 2001 hold er dêrom op mei regissearjen. Yn 'e 2000-er jierren wurke er hieltyd minder, oant er yn 2010 in ein breide oan syn karriêre as pornoakteur.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mike Horner is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens syn offisjele opjefte is er 1.85 m lang, mei in gewicht fan 77 kg. Hy hat gjin tatoeaazjes en likemin hat er piercings.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
1987 AVN Award wûn bêste akteur Sexually Altered States
1988 AVN Award nominearre bêste byrol fan in akteur Careful, Hy May Be Watching
1991 AVN Award nominearre bêste byrol fan in akteur (fideo) Bite!
1994 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (mei Roxanne Blaze) Nothing to Hide II: Justine
wûn bêste akteur (film) Nothing to Hide II: Justine
1995 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Kaitlyn Ashley) Climax 2000
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Alex Jordan) Body and Soul
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Kaitlyn Ashley) Shame
nominearre bêste byrol fan in akteur (fideo) Body of Love
wûn bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Ashlyn Gere) Body and Soul
2000 AVN Award nominearre bêste akteur (fideo) Sexplicity
2001 AVN Award nominearre bêste net-seksuële optreden (film of fideo) M: Caught in the Act
2002 AVN Award wûn bêste byrol fan in akteur (fideo) Wild Thing
wûn bêste akteur (fideo) Euphoria
2004 AVN Award nominearre bêste net-seksuële optreden (film of fideo) Space Nuts
2005 AVN Award wûn bêste net-seksuële optreden (film of fideo) The Collector
2007 AVN Award nominearre bêste byrol fan in akteur (fideo) Powerlines
nominearre bêste akteur (fideo) The New Neighbors
2008 AVN Award nominearre bêste akteur (fideo) Not the Bradys XXX
2009 AVN Award nominearre bêste akteur (fideo) Not Bewitched XXX
jier ûnbekend AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame oeuvre
jier ûnbekend XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame oeuvre

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Biografy en filmografy fan Mike Horner yn 'e Internet Movie Database (IMDb).
  2. It korrespondearjende artikel op 'e Ingelske Wikipedy.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.