Dwayne Johnson

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Dwayne Johnson
Filmklapper.png akteur
Dwayne Johnson 2, 2013.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dwayne Douglas Johnson
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
Flag of Canada.svg Kanadeesk
berne 2 maaie 1972
berteplak Hayward (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
Flagge fan de Afro-Kanadezen.png Afro-Kanadeesk
Flag of Ireland.svg Iersk
Flag of Samoa.svg Samoaansk
jierren aktyf 1996 – no
offisjele webside
Dwayne Johnson op Facebook

Dwayne Johnson (folút: Dwayne Douglas Johnson, byneamd The Rock; Hayward (Kalifornje), 2 maaie 1972) is in Amerikaansk-Kanadeesk akteur, presintator, produsint en rêstend showwrakseler. Hy sette syn karriêre útein as spiler fan sawol Amerikaansk fuotbal as Kanadeesk fuotbal. Neitiid wied er fan 1996 oant 2004 en fan 2011 oant 2019 as profesjoneel showwrakselder belutsen by de World Wrestling Federation (WWF). Yn 1999 begûn Johnson in nij wurkpaad as akteur, wêrby't er yn films spile as The Mummy Returns, The Scorpion King, Fast Five, Fast & Furious 6, Hercules, Furious 7, San Andreas, Central Intelligence, Baywatch en Jumanji: Welcome to the Jungle. Ek wied er as stimakteur en sjonger te hearren yn 'e animaasjemusical Moana. Sûnt 2012 heart Johnson oanhâldend by de heechst betelle akteurs dy't der binne, en yn sawol 2016 as 2019 waard er troch it tydskrift Time op 'e list fan 'e hûndert ynfloedrykste minsken fan 'e wrâld set.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Johnson waard yn 1972 berne yn Hayward, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan Rocky Johnson (berne as Wayde Douglas Bowles, 1944-2020), in profesjoneel showwrakselder, en dy syn frou Ata Maivia (b. 1948). Syn heit wie in Kanadees út Nij-Skotlân, dy't fan mingd Afro-Kanadeesk en Iersk etnysk komôf wie. Syn mem is in etnyske Samoaanse, de dochter fan Peter Maivia (1937-1982), dy't ek showwrakselder wie, en Lia Maivia (1927-2008), dy't fan 1982 oant 1988 de earste froulike manager yn it showwrakseljen wie. Trochdat syn heit in Kanadees wie, hat Johnson sûnt 2009 in dûbele (Amerikaansk-Kanadeeske) nasjonaliteit.

Yn syn bernetiid wenne Johnson in skoftke by de famylje fan syn mem yn Nij-Seelân, dêr't er op 'e Richmond Road Primary School siet, in legere skoalle yn Grey Lynn. Nei't er weromkeard wie nei de Feriene Steaten, siet er yn Charlotte, yn Noard-Karolina, op 'e Montclaire Elementary School, foar't er ferfear nei Hamden, yn Connecticut, dêr't er de legere skoalle ôfmakke op 'e Shepherd Glen Elementary School en dêrnei de middelskoalle folge oan 'e Hamden Middle School. Fuortset ûnderwiis genoat Johnson oan 'e President William McKinley High School yn Honolulu, yn Hawaï, de Glencliff High School en de McGavock High School yn Nashville (Tennessee), en de Freedom High School yn Bethlehem, yn Pennsylvania. Op 'e middelbere skoallen died er oan Amerikaansk fuotbal, atletyk en wrakseljen. Foar't er santjin jier wie, waard Johnson ferskate kearen arrestearre foar slaanderij, dieverij en fraude mei sjeks.

Sportkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaansk en Kanadeesk fuotbal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Johnson wie op 'e middelbere skoalle in gâns ûnthjittend spiler fan Amerikaansk fuotbal, en sadwaande swile er in protte oanbiedings fan universiteiten binnen om te studearjen op basis fan in sportstúdzjebeurs. Hy besleat om yn te gean op it oanbod fan 'e Universiteit fan Miami. Yn 'e Miami Hurricanes, sa't it Amerikaansk fuotbalteam fan dy universiteit hjit, hied er foar it meastepart de posysje fan defensive tackle. Yn 1991 makke Johnson diel út fan it team fan 'e Hurricanes dat meidie om it Amerikaansk kampioenskip. Nei't er lykwols in stikmannich blessueres oprûn hie, waard er yn it team ferfongen troch Warren Sapp, dy't him letter ûntjaan soe ta in grut profesjoneel spiler fan Amerikaansk fuotbal.

Dwayne Johnson yn 1997 as winner fan it Ynterkontinintaal Kampioenskip showwrakseljen.

Doe't Johnson yn 1995 oan 'e Universiteit fan Miami ôfstudearre wie mei in bachelorgraad yn kriminology en fysiology, sette er útein mei in twadde sportkarriêre as spiler fan Kanadeesk fuotbal (in sterk op Amerikaansk fuotbal lykjende sport). Hy tekene in kontrakt om te spyljen by de Calgary Stampeders, in team út Calgary dat útkaam yn 'e Canadian Football League (CFL). Dêr hied er de posysje fan linebacker. Twa moannen nei it begjin fan it seizoen waard er lykwols op 'e bank set fanwegen oanhâldende swierrichheden mei âlde blessueres.

Showwrakseljen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1996 tekene Johnson in kontrakt mei de World Wrestling Federation (WWF), letter World Wrestling Entertainment (WWE), om in nije karriêre yn it showwrakseljen te begjinnen. Hy waard troch de WWF oanpriizge as de earste showwrakselder fan 'e trêde generaasje, mei't syn heit Rocky Johnson en syn pake oan memmekant Peter Maivia ek showwrakselders west hiene. Johnson waard as showwrakselder bekend ûnder syn artystenamme The Rock ("De Rots"), wêrfoar't er in garismatysk alter ego ûntwikkele dêr't er mei swetste fan syn eigen prestaasjes, wylst er syn tsjinstanners op snedige wize ôfrinne liet. Yn 1998 wûn er syn earste WWF-kampioenskip, in prestaasje dy't er neitiid nochris sân kear belykje soe. Ek wûn er tsien kear it wrâldkampioenskip en twa kear it Ynterkontinintaal Kampioenskip. Johnson droech yn hege mjitte by oan it hichtepunt fan 'e populariteit fan 'e WWE, dat yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren en de earste helte fan 'e 2000-er jierren foel.

Dwayne Johnson yn 2000 as kampioen fan 'e WWF.

Yn 2004 loek Johnson him út it showwrakseljen werom om him mear op syn aktearkarriêre ta te lizzen. Yn 2011 makke er in comeback en wûn er op 'e nij it WWE-kampioenskip. Hy wraksele troch oant 2013, wêrnei't er noch mar sporadysk oan 'e foarstellings fan 'e WWE meiwurke, oant er him yn 2019 op 'e nij, en diskear foargoed, út it showwrakseljen weromloek. As The Rock wurdt Johnson beskôge as ien fan 'e grutste showwrakselders ea en de populêrste showwrakselder aller tiden. Hy wurke mei oan 'e it bêst besjoene showwrakselevenemint ea, de 28e edysje fan Wrestlemania, en teffens oan 'e bêst besjoene ôfleverings fan 'e WWE-tillefyzjeprogramma's WWE Raw en WWE SmackDown.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 krong Johnson op 'e wjukken fan syn populariteit as showwrakselder de Amerikaanske tillefyzje- en filmyndustry fan Hollywood binnen. Syn earste wurk as akteur wie in gastrol yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje That '70s Show, wêryn't er syn eigen heit spile. In foech jier letter folge in gastrol yn in ôflevering fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Voyager as in bûtenierdske wrakselder dy't it opnimt tsjin it personaazje Seven of Nine, spile troch aktrise Jeri Ryan. Syn filmdebút makke Johnson yn 2001 as de Skorpioenekening yn 'e fantasyfilm The Mummy Returns. It súkses fan dy film late ta in spin-off-film, The Scorpion King (2002), wêryn't er deselde rol nochris spylje mocht.

Oare iere films fan Johnson wiene de aksjekomeedzje The Rundown (2003), de aksjefilm Walking Tall (2004) en de misdiekomeedzje Be Cool (2005). Fierders spile er yn 'e science fiction-aksjefilm Doom (2005) de rol fan 'e lieder fan in detasjemint mariniers, yn 'e sportfilm The Game Plan (2007) in waanwize Amerikaansk fuotbalspiler, en yn 'e spionaazjekomeedzje Get Smart (2008) in geheim agint. Ek wied er te sjen yn Gridiron Gang (2006), Reno 911!: Miami (2007) en Southland Tales (2007). By de útrikking fan 'e Oscars yn 2008 makke Johnson de winner fan 'e priis foar bêste special effects bekend.

Dwayne Johnson yn 2001.

Oan 'e ein fan 'e 2000-er jierren spile Johnson yn films as Race to Witch Mountain (2009), Tooth Fairy (2010), The Other Guys (2010) en Faster (2010). Hy hie cameo's yn Why Did I Get Married, Too? en You Again (beide út 2010), en wurke as stimakteur mei oan 'e animaasjefilm Planet 51. Op 'e tillefyzje wied er yn deselde snuorje ferskate kearen as himsels te sjen yn ôfleverings fan searjes as Cory in the House, Hannah Montana en Wizards of Waverly Place. Ek wied er as stimakteur behelle yn ôfleverings fan tekenfilmsearjes as Family Guy en Transformers: Prime. Yn 2011 fertolke er foar de earste kear de rol fan Luke Hobbs, yn Fast Five, in film út 'e filmsearje The Fast and the Furious. Dat wie ien fan syn bekendste rollen, en neitiid kroep er op 'e nij yn 'e hûd fan Hobbs foar de films Fast & Furious 6 (2013), Furious 7 (2015), The Fate of the Furious (2017), en de spin-off-film Hobbs & Shaw (2019), mei Jason Statham.

Johnson hie oan it begjin fan 'e 2010-er jierren ek rollen yn films as Journey 2: The Mysterious Island (2012) en Snitch (2013). Nei't er yn 2013 de rol fan Marvin F. Hinton, better bekend as Roadblock, op him nommen hie yn 'e film G.I. Joe: Retaliation, kaam er bekend te stean as opfrisser fan yn it neigean rekke mediafranchises. Datselde jiers spile er ek yn 'e op wiere foarfallen basearre films Pain & Gain en Empire State. Yn maaie 2013 waard fierders bekendmakke dat Johnson de haadrol spylje soe yn Ballers, in komeedzjedramasearje oer in NFL-spilers yn Miami, dêr't er sels ek útfierend produsint fan wie. Dy tillefyzjesearje rûn fjouwer seizoenen, en waard fan 2015 oant 2019 op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch HBO. Tsjin desimber 2013 wie Johnson neffens it Amerikaanske tydskrift Forbes de meast opbringende akteur fan it jier, mei't syn projekten wrâldwiid $1,3 miljard opbrocht hiene.

Yn 2014 spile Johnson de titelrol fan 'e healgod Herkules yn 'e film Hercules. Yn 2015 wied er te sjen yn 'e rampefilm San Andreas, en datselde jiers hied er in cameo as himsels yn Jem and the Holograms. De aksjekomeedzje Central Intelligence, út 2016, wie de earste film wêryn't Johnson gearwurke mei komyk Kevin Hart. Ferwizend nei Johnson syn grutte lingte (en breedte) en it feit dat Hart mar in lyts mantsje is, mei dêrby nommen de wurdboarterij dat 'Hart' itselde klinkt as heart ("hert"), wylst johnson yn it Ingelsk in sprektaalterm foar penis is, waard dy film oanpriizge mei de slogan: "A little Hart and a big Johnson." Datselde jiers hied er as stimakteur ien fan syn bekendste rollen as de Polynezyske healgod Maui yn 'e tekenfilm Moana, in produksje fan 'e Walt Disney Animation Studios. Dat wie in musical wêryn't Johnson sels ek in liet song, en wêryn't syn tsjinspylster de sechstjinjierrige Auli‘i Cravalho wie.

Dwayne Johnson yn 2009 op it Filmfestival fan Tribeca.

Johnson hie yn 2017 twa súksesfolle films. De iene wie Baywatch, dy't basearre wie op 'e populêre tillefyzjesearje mei deselde namme út 'e 1990-er jierren. Johnson fertolke dêryn de rol fan Mitch Buchannon, dy't yn 'e searje spile waard troch David Hasselhoff. De oare film wie Jumanji: Welcome to the Jungle, in reboot fan 'e Jumanji-franchise, wêryn't Johnson op 'e nij gearwurke mei Kevin Hart. Yn 2018 spile er twa aksjefilms, Rampage en Skyscraper, en yn 2019 wied er te sjen as himsels yn Fighting with My Family, in komeedzjedrama oer WWE-stjer Paige en har famylje, dy't benammen út oare showwrakselders bestiet. Ek wurke Johnson yn 2019 op 'e nij gear mei Kevin Hart yn Jumanji: The Next Level, en fierders wied er as produsint belutsen by de superheldefilm Shazam!

Filmprojekten fan Johnson dy't (begjin 2020) noch op steapel steane, binne: de Netflix-film Red Notice; de superheldefilm Black Adam; de Disney-film Jungle Cruise (mei as tsjinspylster Emily Blunt); in ferfolch op 'e aksjekomeedzje Big Trouble in Little China; en The King, in biografyske film oer kening Kamehameha de Grutte, de stifter fan it Keninkryk Hawaï, nei in skript fan Randall Wallace.

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 publisearre Johnson syn autobiografy, mei as titel The Rock Says… By it skriuwen fan dat boek krige er help fan ghostwriter Joe Layden. The Rock Says… kaam binnen op it earste plak op 'e bestsellerlist fan The New York Times en behold dy posysje ferskate wiken efterinoar.

Njonken syn wurkpaad as akteur is Johnson ek wurksum as presintator. Sa hat er troch de jierren hinne tusken 2000 en 2017 fiif kear gastpresintator west fan 'e sketchshow Saturday Night Live. Yn 2013 presintearre er de realitysearje The Hero, dy't útstjoerd waard op it tillefyzjenetwurk TNT. Fan 2014 oant 2015 wied er de presintator fan in oar realityprogramma, Wake Up Call, ek op TNT. By dat programma wied er ek belutsen as útfierend produsint. Yn 2016 presintearre Johnson de útrikking fan 'e MTV Movie Awards, en yn 2019 begûn tillefyzjenetwurk NBC mei de útstjoering fan The Titan Games, in spulprogramma dat Johnson sawol presintearre as produsearre. Johnson en syn sakepartner en eks-frou Dany Garcia kundigen yn 2019 oan dat se harren eigen bodybuildingwedstrydprogramma op 'e tillefyzje bringe soene, ûnder de titel Athleticon. De earste ôflevering sil útstjoerd wurde yn oktober 2020.

Yn 2012 rjochte Johnson syn eigen filmstudio op, Seven Bucks Productions, dy't belutsen wie by de produksje fan films as Journey 2: The Mysterious Island (2012), Snitch (2013), Baywatch (2017), Jumanji: Welcome to the Jungle (2017), Rampage (2018), Skyscraper (2018), Hobbs & Shaw (2019), Jumanji: The Next Level (2019) en Shazam! (2019). Yn 2016 begjûn Johnson fierders mei help fan ynternetpersoanlikheid Lilly Singh in YouTube-kanaal mei de namme "The Rock".

Dwayne Johnson yn april 2009 mei syn eks-frou Dany Garcia.

Yn 2015 naam Johnson diel oan it tillefyzjeprogramma Lip Sync Battle, presintearre troch LL Cool J en Chrissy Teigen. Dat is in playbackshow foar ferneamde persoanen. Johnson naam it op tsjin praatprogrammapresintator Jimmy Fallon.

Yn maart 2016 sleat Johnson in kontrakt mei Under Armour, in Amerikaanske produsint fan fitnessnedichheden, by wa't er in eigen kolleksje fan sok guod útbrocht ûnder de namme Project Rock. It earste item dat op 'e merk kaan, in gymtas, wie yn in pear dagen útferkocht, en itselde gou foar it twadde item, in swart T-shirt. Sûnt binne der ek gymskuon, koptillefoanen en oare artikels fan Project Rock útbrocht.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Johnson troude op 3 maaie 1997 mei entertainmentmagnate Dany García. Mei har krige er ien bern. Yn juny 2007 makken se bekend dat se as freonen útinoar giene. Neitiid krige Johnson in relaasje mei Lauren Hashian, de dochter fan Sib Hashian, de drummer fan 'e band Boston. Hja wiene oarspronklik mei-inoar yn 'e kunde kommen op 'e set fan 'e film The Game Plan. Johnson en Hashian trouden op 18 augustus 2019 yn Hawaï. Mei syn twadde frou hat Johnson twa bern.

Ut erkenning foar syn tsjinsten oan Samoä en om't er oan memmekant ôfstammet fan Samoaanske haadlju, waard Johnson yn july 2004, doe't er Samoä besocht, troch kening Malietoa Tanumafili II de aadlike titel fan seiuli taparte. Yn 2009 skonk Kanada oan Johnson de Kanadeeske nasjonaliteit ta eare fan syn heite komôf.

Anno 2014 hie Johnson in wente yn Southwest Ranches, yn Floarida, en noch ien yn Los Angeles. Ek besit er in pleats yn Firginia.

Hoewol't Johnson himsels earder registrearje litten hie as lid fan 'e Republikeinske Partij, stipe er by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008 en en fan 2012 Barack Obama, de kandidaat fan 'e Demokratyske Partij. Hy is no in 'ûnôfhinklike' kiezer (d.w.s. dat er by net ien fan beide grutte politike partijen oansletten is), en hy hat sein dat er by de presidintsferkiezings fan 2016 net stimd hat.

Yn 2006 rjochte Johnson de Dwayne Johnson Rock Foundation op, in goeddiedichheidsorganisaasje dy't minderbedielde en terminaal sike bern besiket te helpen. Op 2 oktober 2007 skonken hy en syn eks-frou Dany Garcia $1 miljoen oan 'e Universiteit fan Miami foar de renovaasje fan 'e fasiliteiten foar it spyljen fan Amerikaansk fuotbal. Ek skonk Johnson yn 2015 $1.500 om in operaasje foar in swerfhûn te bekostjen.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as akteur en presintator
jier titel rol opmerkings
tillefyzje
1999 That '70s Show Rocky Johnson ôflevering That Wrestling Show
1999 The Net Brody ôflevering Last Man Standing
2000 Star Trek: Voyager de foarfjochter ôflevering Tsunkatse
2000 Saturday Night Live himsels as gastpresintator
2002 Saturday Night Live himsels as gastpresintator
2007 Cory in the House himsels ôflevering Never the Dwayne Shall Meet
2007 Hannah Montana himsels ôflevering Don't Stop Til You Get the Phone
2009 Saturday Night Live himsels as gastpresintator
2009 Wizards of Waverly Place himsels ôflevering Art Teacher
2010 Family Guy himsels ôflevering Big Man on Hippocampus
2010 Transformers: Prime Cliffjumper as stimakteur; ôflevering Darkness Rising, Part 1
2013 The Hero himsels as presintator; ek útfierend produsint
2014-2015 Wake Up Call himsels as presintator; ek útfierend produsint
2015 Lip Sync Battle himsels as gast; ôflevering Dwayne Johnson vs. Jimmy Fallon
2015 Saturday Night Live himsels as gastpresintator
2015-2019 Ballers Spencer Strasmore haadrol; ek útfierend produsint
2× nominearre foar in NAACP Image Award foar treflike akteur yn in komeedzjesearje (2016, 2017)
wûn in People's Choice Award foar favorite akteur op 'e keabeltillefyzje (2016)
wûn in People's Choice Award foar favorite akteur yn in beteltillefyzjesearje (2017)
2016 MTV Movie Awards himsels as presintator fan in tillefyzjespecial
2017 Lifeline himsels ek útfierend produsint; ôflevering In 33 Days You’ll Die
2017 Saturday Night Live himsels as gastpresintator
2019-no The Titan Games himsels as presintator; ek útfierend produsint
films
1999 Beyond the Mat himsels dokumintêre
2001 The Mummy Returns de Skorpioenekening wûn in Teen Choice Award foar favorite filmsmjunt
2001 Longshot berôver
2002 The Scorpion King Mathayus, de Skorpioenekening nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in aksjefilm
2003 The Rundown Beck nominearre foar in MTV Movie Award foar bêste gefjocht
2004 Walking Tall Chris Vaughn
2005 Be Cool Elliot Wilhelm
2005 Doom sersjant Asher "Sarge" Mahonin
2006 Southland Tales Boxer Santaros
2006 Gridiron Gang Sean Porter
2007 Reno 911!: Miami agint Rick Smith cameo
2007 The Game Plan Joe Kingman nominearre foar in Kids' Choice Award foar favorite filmakteur
2008 Get Smart Agint 23 nominearre foar in MTV Movie Award foar bêste smjunt
2009 Race to Witch Mountain Jack Bruno
2009 Planet 51 kaptein Charles T. Barker as stimakteur
2010 Tooth Fairy Derek Thompson nominearre foar in Kids' Choice Award foar favorite filmakteur
2010 Why Did I Get Married Too? Daniel Franklin cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
2010 The Other Guys Christopher Danson
2010 You Again airmarshal cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
2010 Faster James Cullen / Driver
2011 Fast Five Luke Hobbs nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in aksjefilm
2012 Journey 2: The Mysterious Island Hank Parsons ek ko-produsint
wûn in Kids' Choice Award foar favorite manlike kontskopper
2013 Snitch John Matthews ek filmprodusint
2013 G.I. Joe: Retaliation Marvin F. Hinton / Roadblock nominearre foar in Kids' Choice Award foar favorite manlike kontskopper
nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in aksjefilm
2013 Pain & Gain Paul Doyle
2013 Fast & Furious 6 Luke Hobbs nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in simmerfilm
2013 Empire State resjersjeur James Ransome
2014 Hercules Herkules nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in simmerfilm
2015 Furious 7 Luke Hobbs
2015 San Andreas Ray Gaines nominearre foar in MTV Movie Award foar bêste aksje-optreden
nominearre foar in MTV Movie Award foar bêste held
nominearre foar in People's Choice Award foar favorite akteur yn in aksjefilm
nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in simmerfilm
2015 Jem and the Holograms himsels cameo
2016 Central Intelligence Robbie Wheirdicht / Bob Stone nominearre foar in Critic's Choice Award foar bêste akteur yn in komeedzjefilm
nominearre foar in Kids' Choice Award foar favorite bêste freonen (mei Kevin Hart)
nominearre foar in People's Choice Award foar favorite akteur yn in komeedzjefilm
nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in simmerfilm
2016 Moana Maui as stimakteur
nominearre foar in Kids' Choice Award foar favorite stim yn in animaasjefilm
nominearre foar in Kids' Choice Award foar favorite frenemies (mei Auli‘i Cravalho)
nominearre foar in NAACP Image Award foar bêste stimoptreden (tillefyzje of film)
wûn in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in fantasyfilm
2017 The Fate of the Furious Luke Hobbs nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in aksjefilm
2017 Baywatch Mitch Buchannon ek útfierend produsint
nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in komeedzjefilm
2017 Jumanji: Welcome to the Jungle dr. Smolder Bravestone ek útfierend produsint
nominearre foar in MTV Movie Award foar bêste team yn in film (mei 4 oaren)
wûn in Kids' Choice Award foar favorite filmakteur
2018 Rampage Davis Okoye ek útfierend produsint
2018 Skyscraper Will Sawyer ek produsint
2019 Fighting with My Family himsels ek produsint
2019 Hobbs & Shaw Luke Hobbs ek produsint
2019 Jumanji: The Next Level dr. Smolder Bravestone ek produsint
2019 Shazam! n.f.t. (gjin rol) produsint
2020 Jungle Cruise Frank Houghton ek produsint
2021 Black Adam Black Adam ek produsint
ûnbekend Red Notice
ûnbekend The King kening Kamehameha de Grutte fan Hawaï ek produsint
fideospultsjes
2002 The Scorpion King: Rise of the Akkadian Mathayus / Skorpioenekening as stimakteur
2006 Spy Hunter: Nowhere to Run Alex Decker as stimakteur
2018 Dreams dr. Smolder Bravestone as stimakteur
2019 Jumanji: The Video Game dr. Smolder Bravestone as stimakteur

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.