Moana (film út 2016)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Moana
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Moana.svg
makkers
regisseur John Musker
Ron Clements
Don Hall (ko-regisseur)
Chris Williams (ko-regisseur)
produsint Osnat Shurer
útfierend
   produsint
John Lasseter
senario Jared Bush
basearre op ferhaal fan:
Ron Clements
John Musker
Chris Williams
Don Hall
Pamela Ribon
Aaron en Jordan Kandell
kamerarezjy Rob Dressel (lay-out)
Adolph Lusinsky (beljochting)
muzyk Mark Mancina (soundtrack en lieten)
Lin-Manuel Miranda (lieten)
Opetaia Foa‘i (lieten)
filmstudio Walt Disney Animation Studios
Walt Disney Pictures
distribúsje Disney Studios Motion Pictures
spilers
haadrollen Auli‘i Cravalho
Dwayne Johnson
byrollen Rachel House
Temuera Morrison
Jemaine Clement
Nicole Scherzinger
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 23 novimber 2016
foarm lange tekenfilm
sjenre musical, famyljefilm,
aventoerefilm, aksjekomeedzje
taal Ingelsk (ek Samoaansk
   en Tokelauaansk)
spyltiid 103 minuten
budget en resultaten
budget $150-175 miljoen
opbringst $643,3 miljoen
prizen Annie Award 2017
American Music Award 2017

Moana (yn beskate lannen en territoaria, wêrûnder Nederlân, útbrocht as Vaiana, sjoch hjirre) is in Amerikaanske jûnfoljende kompjûteranimearre tekenfilm, makke troch de Walt Disney Animation Studios en útbrocht troch Walt Disney Pictures yn novimber 2016. It wie de 56e lange Disney-tekenfilm, en kin omskreaun wurde as in musical, famyljefilm, aventoerefilm, aksjekomeedzje en coming-of-agefilm. Moana waard regissearre troch John Musker en Ron Clements, nei in senario fan Jared Bush, en mei muzyk fan Mark Mancina. It ferhaal giet oer Moana, in jong Polynezysk famke, dat lykme-allinnich ôfset oer see om har folk te rêden. Moana har stim waard ynsprutsen troch de jonge stimaktrise Auli‘i Cravalho yn har filmdebút, wylst akteur Dwayne Johnson ('The Rock') syn stim liende oan 'e healgod Maui. Moana waard nonimearre foar twa Oscars, twa Golden Globes, in Grammy, in BAFTA, in Satellite Award, in Saturn Award, twa Empire Awards en ferskate oare prizen. De film wûn in Annie Award en in American Music Award.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it Polynezyske eilân Motunui (útspr.: "mo-tû-noei") ferearje de bewenners de goadinne Te Fiti, dy't libben brocht hat yn 'e oseaan, wêrby't hja in pounamu-stien as har hert en de sit fan har macht brûkte. Mar Maui, in nei beleavjen fan stal ferwikseljende healgod en trickster, stelt it hert fan Te Fiti om 'e minskheid de macht fan skepping te jaan. Dêrtroch falt it eilân dat Te Fiti foarme, lykwols ta proai oan in foarm fan ferrotting, dy't him dêrnei almar fierder oer de oseaan útwreidet. Wylst Maui yn 'e foarm fan in hauk mei it hert fan Te Fiti útnaait, wurdt er oanfallen troch in oarenien dy't de macht fan skepping hawwe wol: de fulkaandemon Te Kā, dy't him út 'e loft slacht. Dêrby ferliest Maui net inkeld it hert fan Te Fiti, mar ek syn reuseftige fiskheak, dy't de sit fan syn macht foarmet. Beide reitsje ferlern op 'e boaiem fan 'e see. Fan Maui wurdt neitiid nea mear wat fernommen.

Tûzen jier letter spielt de oseaan it hert fan Te Fiti oan op it strân fan Motunui, dêr't de pjut Moana, de dochter fan Tui (útspr. "toei"), de haadman fan Motunui, troch de oseaan útkeazen wurdt om 'e stien nei it eilân fan 'e goadinne werom te bringen. Tui ûntdekt syn dochterke lykwols oan it strân en nimt har mei werom nei it doarp, wêrby't se it hert fan Te Fiti kwytrekket. Tui en syn frou Sina, Moana har mem, besykje har by de see wei te hâlden en har ta te rieden op it oernimmen fan it haadmanskip fan Tui. Lange tiid stiet de opgroeiende Moana yn twastriid: de see ropt har, mar har folk is har nedich. It liedt ta oanboazjende swierrichheden yn 'e relaasje mei har heit, dy't neat fan 'e see hawwe moat en har kear op kear op it hert drukt dat har takomst op it eilân leit en dat nimmen útfarre mei oant foarby it rif dat it eilân omjout. Uteinlik fertelt Sina har dochter dat se krekt is sa't har heit op har jierren wie. Tui hearde nammentlik ek de rop fan 'e see, en doe't er dêroan tajoech, en mei syn bêste freon útfear foarby it rif, waard harren boat troch de brâning stikken slein en kaam syn bêste freon te ferdrinken.

As Moana sechstjin jier is, berikt de ferrotting einlings Motunui, mei as gefolch dat de fisken de see om it eilân hinne ferlitte, de planten op it eilân ferwylje en de fruchten dêr't de eilânbewenners ôfhinklik fan binne foar harren libbensûnderhâld oantaast wurde en ferrotsje ear't se ryp genôch binne om rispe te wurden. Moana oppenearret om te besykjen en fiskje bûten it rif, mar dêr wol har heit neat fan witte. It fanke is lykwols like koppich as har heit, dat se fart sels yn in boatsje út mei inkeld har barchje Pua by har. Mar de brâning by it rif slacht har boatsje stikken, en se hellet it by de dea om 't ôf.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dan lit har beppe Tala oan Moana in geheime grot sjen dêr't in stikmannich gruttere, seeweardige katamarans ferstoppe binne. Sa ûntdekt Moana dat har folk foarhinne út reizgers bestie, nomaden fan 'e see, dy't fan it iene nei it oare eilân doarmen. Dêr kaam lykwols in ein oan doe't Maui it hert fan Te Fiti stiel, om't de oseaan doe langer net feilich wie. Tala fertelt Moana dat de ferrotting fuortkomt út 'e dieverij fan it hert fan Te Fiti, dat in tsjuster yn 'e wrâld brocht hat dy't no Motunui oanfret en stadichoan fergiftiget. Dat kin inkeld tsjinholden wurde as immen de see op giet om Maui te sykjen en it hert fan Te Fiti oan 'e goadinne werom te jaan. Tala bringt dan út dat se derby wie, de deis dat de oseaan de pjut Moana útkarde foar dy taak, en dat se it hert fan Te Fiti oppakt en al dy jierren bewarre hat. No jout se it werom oan Moana. Koarte tiid letter rekket Tala slim yn 'e minnichte, en op har stjerbêd hjit se Moana dat se daliks ôfsette moat op 'e reis om 'e wrâld te rêden.

Dyseldichste nacht noch, wylst har âlden drok binne mei de stjerrende Tala, fart Moana út op in camakau (in lyts soarte katamaran) út 'e geheime grot. Dy steviger boat wjerstiet de krêft fan 'e brâning bûten it rif. Ienris op iepen see ûntdekt Moana dat de ûnnoazele hoanne Heihei, ien fan har húsdieren, oan board slûpt is en har no op har reis beselskipje moat. Moana wit frijwol neat fan silen en hat muoite har boat op koerts te hâlden. As se inkele dagen ûnderweis is, wurdt se oerfallen troch in tyfoan. Mei Heihei en har (net bot skansearre) boat spylt se oan op in lyts, ûnbewenne eilantsje, dêr't Maui de lêste tûzen jier fêstsitten hat.

De healgod blykt in grutsprekker en sweeslagger te wêzen, dy't oanhâldend fertelt oer syn eigen heldedieden. As Moana dêr net fan ûnder de yndruk rekket en easket dat er har helpt om it hert fan Te Fiti werom te jaan, stegeret er har ôf. Ynstee slút er har op yn in grot en naait er út mei har boat. Moana wit lykwols út 'e grot te ûntsnappen, en mei help fan 'e oseaan jout se har op 'e boat by Maui. Dy lit har dêr mei tsjinnichheid ta nei't er har ferskillende kearen oerboard smiten hat, wêrnei't de oseaan har like hurd wer op it dek set.

Wylst se noch redendiele oer wêr't se hinne sille, wurde se oanfallen troch kakamora, lytse wêzentsjes dy't fan 'e seerôverij libje en harsels elts mei in kokosnút bepânsere hawwe. De wêzens wolle it hert fan Te Fiti stelle, mar troch gear te wurkjen, witte Moana en Maui harren te fluch ôf te wêzen. Neitiid wit Moana Maui te manipulearjen troch him wiis te meitsjen dat er gjin held mear is sûnt er it hert stellen en dêrmei de wrâld ferflokt hat, mar dat de minsken foar ivich syn heldedieden besjonge sille as er har helpt it hert werom te bringen en de wrâld te rêden.

Ear't Maui dat dwaan kin, moat er earste syn magyske fiskheak weromfine, dy't de sit fan al syn macht is. Nei syn konfrontaasje mei de demon Te Kā is it ding yn see fallen, dêr't it yn Lalotai bedarre is, it ryk fan 'e meunsters. Maui ornearret dat dat betsjut dat de fiskheak no yn it besit is fan syn fijân Tamatoa, in reuseftige, ynklauwerige kokoskrab. Mei Moana reizget Maui nei Lalotai, dêr't er syn fiskheak weromstelt wylst Moana Tamatoa ôfliedt. It docht lykwols bliken dat Maui syn stalferwikselingsproses net mear behearskje kin, sadat er feroaret yn dingen dy't er net wêze wol. Dêrtroch kin Tamatoa him maklik oerwinne. Troch Moana har fernimstigens wit it duo dochs noch mei de fiskheak te ûntkommen. Werom oan board fan harren boat lit Maui de moedfearren alhiel hingje, mar Moana praat him nije moed yn en drukt him op it hert dat de stalferwikseling net wat is dat him fan bûtenôf oerkomt, mar fuortkomt út wa't er is. Dat idee helpt Maui om syn stalferwikselings wer ûnder kontrôle te krijen. Ut tank ûnderrjochtet er Moana om in folleard seesiler te wurden.

As se tegearre by it eilân fan Te Fiti arrivearje, wurde se oanfallen troch de fulkaandemon Te Kā, wêrby't de fiskheak fan Maui slim skansearre rekket. As de krêften fan 'e demon en Maui inoar reitsje, folget der in ûnbidige eksploazje, dy't Moana har boat fier weromdriuwt de oseaan op. Mar Moana hat sjoen dat Te Kā fêstsit op 'e barriêre-eilannen om it eilân fan Te Fiti hinne, en dat er net oer de see dêromhinne kin, dy't syn flammen útdwêstgje. Se wol it nochris besykje, mar Maui, dy't benaud is om syn fiskheak (en dêrmei syn krêften) hielendal en foargoed te ferliezen, wegeret. Se krije spul en Maui feroaret himsels yn in hauk en fljocht fuort. Dan is Moana oan bar om 'e moedfearren hingje te litten, mar yn 'e nacht wurdt se besocht troch de geast fan har ferstoarne beppe Tala, dy no de foarm fan in opljochtsjende roch oannommen hat. Dy bringt har har ropping tebinnen en jout har dêrmei de moed om it allinnich tsjin Te Kā op te nimmen.

Moana sylt werom nei it eilân fan Te Fiti, dêr't se Te Kā te fluch ôf is en troch in kleau yn 'e barriêre-eilannen hinne sylt. Yn 'e lagune stiet se lykwols bleat oan 'e fjoerballen dy't de demon efter har oan goait. Krekt op it stuit as se rekke driget te wurden, keart Maui werom, dy't op 'e nij de striid mei Te Kā oanbynt. Sa't er al freze hie, rekket syn fiskheak dêrby ferneatige. Underwilens ûntdekt Moana op it eilân fan Te Fiti dat de goadinne dêr net is. Dan beseft se ynienen dat Te Fiti sûnder har hert ferwurden is ta in korrumpearre skym fan harsels. Se freget de oseaan dan om in paad troch de lagune te meitsjen, sadat Te Kā by har komme kin. As de demon oer it drûge sân fan 'e seeboaiem nei it eilân ta klaud is, jout Moana it hert werom, sadat Te Kā wer omfoarme wurdt ta Te Fiti.

Neitiid genêst de goadinne de oseaan en de eilannen fan 'e him stadich ferspriedende ferrotting. Maui toant syn berou en biedt syn ûntskuldigings oan Te Fiti oan, dy't dêrop syn fiskheak fernijt en oan him weromjout. Oan Moana, wa har boat fernield is troch it fjoer fan Te Kā, jout se in nije katamaran. Dêrnei jout Te Fiti har del yn djippe sliep en wurdt wer ûnderdiel fan har eilân. Maui nimt ôfskie fan Moana en fljocht fuort yn 'e foarm fan in hauk, wylst Moana weromsylt nei Motunui, dêr't de fisk weromkeard is en de planten wer wielderich groeie. Har âldelju en de oare doarpelingen wachtsje har op en jouwe har in waarm wolkom. Moana nimt har rol as haadfrou op har en jout alle kennis oangeande it besilen fan 'e see troch oan 'e oaren. De grutte katamarans wurde út 'e geheime grot sleept en it hiele folk set ôf op in reis om oare eilannen te ûntdekken en te befolkjen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Moana Auli‘i Cravalho Vajèn van den Bosch
Maui Dwayne Johnson René van Kooten


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
beppe Tala Rachel House Marjolijn Touw
haadman Tui, Moana har heit Temuera Morrison
Christopher Jackson (sang)
Has Drijver
Tamatoa Jemaine Clement Kenny B
Sina, Moana har mem Nicole Scherzinger Renée van Wegberg
Moana as pjut Louise Bush Loïs Schoolmeesters
Heihei (Moana har ûnnoazele hoanne) Alan Tudyk Alan Tudyk
fisker Oscar Kightley Michiel Veenstra
doarpeling #1 Troy Polamalu Erik van der Horst
doarpeling #2 Puanani Cravalho (Auli‘i har mem) Marjolein Algera
doarpeling #3 Alan Tudyk Jan Nonhof

Untwikkeling fan it ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se foar de Walt Disney Animation Studios The Princess and the Frog regissearre hiene, in jûnfoljende tekenfilm dy't yn 2009 útkaam, begûnen John Musker en Ron Clements te wurkjen oan in adaptaasje fan 'e komyske fantasyroman Mort, fan 'e Ingelske skriuwer Terry Pratchett. Swierrichheden op it mêd fan 'e filmrjochten (dy't se net besette koene) kearden lykwols tsjin dat se mei dat projekt trochgiene. Om foar te kommen dat se wer oantangele reitsje soene mei deselde problemen, besleaten se doe om eigen ideeën foar in jûnfoljende tekenfilm út te wurkjen. Sa kamen Musker en Clements by Disney mei trije mooglike films op 'e lapen, wêrfan't ien fan 'e studiobazen it griene ljocht krige.

It oarspronklike idee foar dy film gie tebek op 2011, doe't Musker himsels begûn yn te lêzen yn it ûnderwerp fan 'e Polynezyske mytology, en sa foar it earst yn oanrekking kaam mei de heldedieden fan 'e healgod en trickster Maui. Hy rekke yntrigearre troch de rike kultuer fan Polyneezje, en begûn te tinken dat it eins skoan in gaadlik ûnderwerp foar in tekenfilm wêze koe. Tegearre mei Clements skreau Musker in treatment (in soarte fan pre-senario), dy't er by Disney foarlei oan John Lasseter. Nei't er harren wurk lêzen hie, liek it Lasseter de baas ta om 'e beide mannen mear research dwaan te litten. Sadwaande reizgen Musker en Clements yn 2012 nei Fidzjy, Samoä en Tahity, dêr't se yn 'e kunde kamen mei de minsken en kultueren fan 'e Stille Súdsee. Yn 't earstoan hie it de bedoeling west om 'e film hielendal oer Maui gean te litten, mar troch syn reis krige Clements de ynspiraasje om 'e jonge dochter fan in haadman ta haadpersoan te meitsjen.

Op harren reis learden Musker en Clements ek dat de Polyneezjers al ûntdekkingsreizgers en seefarders wiene fier foar't de earste Jeropeänen ea safier de see opfearen dat se de kust net mear sjen koene. De lânseigen befolking fan 'e Stille Súdsee, net inkeld besteande út 'e Polyneezjers, mar ek út 'e Melaneezjers en Mikroneezjers, besiet al kennis fan 'e wrâld en harren plak yn 'e wrâld ear't de earste blanken der kamen. De lânseigen Hawaïanen, bygelyks, wiene har goed bewust fan it bestean fan eilannen dy't fier fuort leine, hiene toponimen yn harren eigen taal foar sokke eilannen en plakken op dy eilannen, en hiene belangstelling foar it ferkennen fan en hannel driuwen mei sokke eilannen. De Polynezyske seefeart stipe op in systeem fan persoanlike geografyske kennis, ynstee fan it Jeropeeske systeem fan wynrjochtings en koertsberekkenings.

Tûzenen jierren lang befearen de Polyneezjers de Stille Oseaan, oant se dêr om likernôch 1000 f.Kr. hinne ynienen mei opholden. De oarsaken fan dy hommelse en yngripende kulturele omslach binne ûnbekend, mar moderne skiedkundigen tinke oan feroarings yn waarpatroanen en seestreamings. Tûzen jier letter, om it begjin fan 'e Westerske jiertelling hinne, namen de folken fan 'e Stille Súdsee ynienen harren âlde praktyk fan seefeart wer op, om redens dy't krektlyk ûnbekend binne. Musker en Clements besleaten om harren film spylje te litten op dat tiidspunt, op in fiktyf eilân midden yn 'e Stille Oseaan, dat se 'Motunui' neamden.

Foar it kulturele libben op Motunui brûkten se eleminten fan 'e kultueren fan Samoä, Tonga en (hoewol't it kultureel Melanezysk is ynstee fan Polynezysk) Fidzjy. De útwurking fan it idee fan Musker en Clements ta in film duorre fiif jier. Yn dy tiid rekrutearren se ekspêrs út it hiele gebiet fan 'e Stille Súdsee, fan Nij-Seelân oant Hawaï, om 'e saneamde Oceanic Story Trust te foarmjen. Dat wie in advysgroep oan wa't se oanhâldend harren ideeën foarleine om dy te toetsen op kulturele akuratesse en gefoelichheid. Sa woene se Maui yn 't earstoan werjaan mei in keale holle, in idee dêr't de advysgroep negatyf op reägearre. Sadwaande krige de healgod yn 'e film lang hier. Ek hiene se it idee om Moana, as se in kear goed lulk waard, mei kokosnuten goaie te litten. Dat liek de advysgroep gjin goed idee ta, dat de sêne waard skrast.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Senario[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taika Waititi wie dejinge dy't it earste senario fan Moana skreau, ear't er yn 2012 nei hûs gie yn Nij-Seelân om by syn frou en krekt berne earste bern te wêzen en him ta te lizzen op 'e horrorfilm What We Do in the Shadows. Neitiid belibbe it senario acht oare ynkarnaasjes, oant der fan it wurk fan Waititi suver neat oerbleaun wie. Yn Waititi syn senario wie Moana de iennichste dochter yn in húshâlding mei fiif of seis soannen. Yn syn ferzje fan it ferhaal moast se opbokse tsjin tradisjonele geslachtsrollen foar jonges en famkes. Neitiid waard lykwols besletten om 'e bruorren en alle geslachtsrelatearre tematyk út it ferhaal te knippen, mei't de regisseurs fan 'e film in coming-of-ageferhaal meitsje woene, oer in famke dat leare moat om fertrouwen yn harsels te hawwen.

Yn ien fan 'e folgjende ferzjes fan it senario wie it Moana har heit Tui dy't weromkeare woe nei see, mar yn 'e úteinlike ferzje waard dy rol inkeld oan Moana taparte sadat se minder yn har heite skaad stean soe. Ynstee kaam Pamela Ribon mei it idee op 'e lapen om in wize âlde beppe op te fieren dy't foar Moana as mentor fungearje koe oangeande de oerâlde tradysjes fan har folk. Noch wer in oare ferzje konsintrearre him op 'e rêding fan Tui, waans boat op see fergie, troch Moana, mar dy ferhaalline oerlibbe yn 'e úteinlike film inkeld as in subtyl elemint út it ferline fan Tui. De fulkaandemon Te Kā hiet yn eardere ferzjes fan 'e film Te Pō, in ferwizing nei de Maöary-goadinne Hine-nui-te-pō, dy't oarspronklik de libbenjaande goadinne Hine-tītama wie, mar feroare yn 'e goadinne fan 'e dea nei't se ûntdiek dat har oarehelte Tāne ek har heit wie. Yn 'e wiere myten fan Polyneezje besocht Maui har te ferslaan om 'e minskheid ûnstjerlikens te jaan, mar faalde en rekke dea yn it gefjocht mei har.

Aaron en Jordan Kandell joegen har by de senarioskriuwers om te helpen by it ferdjipjen fan 'e emosjonele opbou fan it ferhaal, doe't it projekt in kritike perioade trochmakke. Harren foarnaamste wurk omfieme de ûntjouwing fan 'e relaasje tusken Moana en Maui, de prolooch oer it stellen fan it hert fan Te Fiti troch Maui, de ûntdekking fan 'e geheime grot mei de âlde katamarans, de oanfal fan 'e kakamora, en de reuseftige krab Tamatoa. De sêne mei de oanfal fan 'e kakamora is, by wize fan earbetoan, mei opsetsin foarmjûn om 'e sfear fan Mad Max: Fury Road op te roppen.

Filmcrew[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moana waard regissearre troch John Musker en Ron Clements. Sa't by jûnfoljende tekenfilms fan 'e Walt Disney Animation Studios en Pixar net ûngewoan is, waarden ferskate grutte swierrichheden mei it ferhaal pas identifisearre yn 2015, doe't men al mei it kompjûteranimaasje-ekwifalint fan 'e opnamen oan 'e gong wie. Om't kompjûteranimearre films in folle koarter produksjeskema en folle gruttere teams fan animators hawwe as by tradisjonele, hântekene films it gefal is, en om't Musker en Clements al seis dagen yn wike tolve oeren deis dwaande wiene, waarden doe Don Hall en Chris Williams (dy't krekt klear wiene mei Big Hero 6) oanlutsen om as ko-regisseurs de problemen glêd te striken.

Foar it úteinlike senario wie inkeld Jared Bush ferantwurdlik, mar hy wurke dêrby op basis fan in ferhaal fan Musker, Clements, Hall, Williams, Pamela Ribon en Aaron en Jordan Kandell. Produsint wie Osnat Shurer foar de Walt Disney Animation Studios. As útfierend produsint wie John Lasseter by de film belutsen. De kamerarezjy waard dield troch Rob Dressel, dy't ferantwurdlik wie foar lay-out, en Adolph Lusinsky, dy't oer de beljochting gie. Jeff Draheim die as filmeditor de montaazje, wylst Ian Gooding as produksje-ûntwerper by de film belutsen wie. De film waard útbrocht troch Walt Disney Pictures en distribuëarre troch Walt Disney Studios Motion Pictures.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de makkers fan 'e film hûnderten audysjes holden hiene, waard úteinlik Auli‘i Cravalho, in fjirtjinjierrige learlinge oan in middelbere skoalle yn Hawaï, cast yn 'e rol fan Moana. Tsjin dy tiid wiene it uterlik en de persoanlikheid fan Moana al klear, dat Cravalho's opfallende lichaamlike likenis mei it personaazje wêrfoar't se de stim ynspriek, wie poer tafal. Nettsjinsteande dat koene de animators noch wol beskate oanwensels op it mêd fan Cravalho har hâlden en dragen yn Moana har bewegings ynkorporearje.

De mearderheid fan 'e orizjinele, Ingelsktalgie cast fan Moana wie fan etnysk Polynezysk komôf. Dat is gjin tafal. It wie Disney derom te dwaan om stimakteurs te sykjen mei de 'juste' etnisiteit. Auli‘i Cravalho (Moana) en Nicole Scherzinger (Sina) komme fan Hawaï en binne fan lânseigen Hawaïaansk komôf, krekt as Auli‘i har mem Puanani Cravalho, dy't in figuranteroltsje op har naam. Dwayne Johnson (Maui), Oscar Kightley (fisker) en Troy Polamalu (doarpeling #1) binne fan Samoaansk komôf. En Rachel House (beppe Tala), Temuera Morrison (Tui) en Jemaine Clement (Tamatoa) binne fan Maöary-komôf.

Animaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moana is de earste hast folslein kompjûteranimearre tekenfilm fan John Musker en Ron Clements. Ien fan 'e wichtichste redens dêrfoar wie dat de eftergrûnen yn Moana, lykas de oseaan, har by útstek lienden foar it gebrûk fan kompjûteranimaasje. It iennichste ûnderdiel fan 'e film dat mei de hân tekene is, wurdt foarme troch de tatoeaazjes fan Maui, dy't in eigen libben liede. Dat diel fan 'e film waard makke troch de animator Eric Goldberg.

Filmmuzyk en soundtrack[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De filmmuzyk fan Moana waard fersoarge troch Mark Mancina. Yn 'e soundtrack binne ek orizjinele lieten opnommen, dy't skreaun binne troch Mancina, Lin-Manuel Miranda en Opetaia Foa‘i. De lietteksten binne yn it Ingelsk, Samoaansk en Tokelauaansk. Samoaansk en Tokelauaansk binne allebeide Polynezyske talen, dy't sprutsen wurde yn Samoä en Amerikaansk Samoä, resp. Tokelau, dat in fan Nij-Seelân ôfhinklik gebiet is. It album mei de soundtrack fan 'e film, dat ek de titel Moana hie, waard útbrocht troch Walt Disney Records op 18 novimber 2016. It berikte it twadde plak yn 'e albumlist Billboard 200.

Premiêre, alternative nammen en oars-talige ferzjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Premiêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moana waard útbrocht troch Walt Disney Pictures en distribuëarre troch Walt Disney Studios Motion Pictures. De film waard op 14 novimber 2016 foar it earst fertoand by in galapremiêre yn it El Capitan Theatre yn Los Angeles. Op 23 novimber 2016 iepene Moana yn 'e Amerikaanske bioskopen, moai op tiid foar it krystseizoen. Yn 'e bioskoop waard de film foarôfgien troch de koarte film Inner Workings. Op 27 jannewaris waard yn mear as 2.000 bioskopen yn 'e Feriene Steaten ek in sing-alongferzje fan Moana útbrocht, wêrby't de lietteksten as ûndertiteling yn byld brocht waarden.

Op 7 maart 2017 waard Moana troch Walt Disney Studios Home Entertainment útbrocht op dvd en blu-ray, nei't de film op 21 febrewaris fan dat jier al as digitale download beskikber kommen wie. Beide kearen waard de film wer beselsskippe troch Inner Workings. De blu-rayferzje hie dêropta ek noch in koarte film oer Moana en Maui, mei as titel Gone Fishing.

Alternative nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in soad lannen en territoaria yn Jeropa, wêrûnder Nederlân, Belgje, Frankryk, Dútslân, it Feriene Keninkryk en Spanje, waard Moana útbrocht ûnder de titel Vaiana. De reden dêrfoar wie dat it auteursrjocht op 'e namme 'Moana' yn dy lannen al beset wie en dat The Walt Disney Company wegere om foar it gebrûk fan 'e namme te beteljen. Op it Ynternasjonaal Animaasjefilmfestival fan Annecy befêstige regisseur John Musker dat. Hy lei ek út dat moana yn 'e measte Polynezyske talen "oseaan" betsjut, en dat foar vaiana as alternative titel keazen is om't vai yn 'e measten fan dy talen "wetter" betsjut. Yn Itaalje, dêr't de namme Moana fuortendaliks assosjearre wurdt mei de dêr noch altyd ekstreem populêre pornoaktrise en politika Moana Pozzi (1961-1994), waard de film útbrocht ûnder de titel Oceania.

Yn in protte Jeropeeske lannen en territoaria waard Moana útbrocht ûnder de titel Vaiana.

Oars-talige ferzjes fan 'e film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa't wenst is mei jûnfoljende tekenfilms waarden ek foar Moana in protte ferzjes yn oare talen neisyngronisearre. Sa waarden foar de Nederlânsktalige merk twa ferzjes makke: ien yn it Nederlânsk en ien yn it Flaamsk.

Yn it ljocht fan 'e Polynezyske kultuer, dy't de basis fan it ferhaal fan Moana foarmet, besleat Disney ek in spesjaal neisyngronisearre ferzje yn it Tahitiaansk te meitsjen, in taal dêr't oars nea films yn neisyngronisearre wurde (Tahity heart ta Frânsk-Polyneezje en moat it ornaris dwaan mei in Frânske neisyngronisaasje). Op 25 oktober 2016 waard dat yn 'e Tahitiaanske haadstêd Papeete offisjeel bekendmakke. Moana wie de earste film ea dy't folslein yn it Tahitiaansk neisyngronisearre waard. It wie de twadde kear dat Disney in spesjale neisyngronisaasje makke hie yn in taal fan in kultuer dy't de ynspiraasje foar in film foarme hie, nei The Lion King (1994), dêr't in neisyngronisaasje yn it Sûlû fan Súd-Afrika foar makke waard.

Yn juny 2017 waard fierders bekendmakke dat der ek in neisyngronisaasje fan Moana yn it Maöary fan Nij-Seelân makke wurde soe. Dy ferzje fan 'e film gie op 11 septimber 2017 yn Auckland yn premiêre, en wie yn tritich bioskopen fergees te sjen as ûnderdiel fan 'e Wike fan de Maöary-taal. Rachel House, Temuera Morrison en Jemaine Clement, dy't etnyske Maöary binne, sprieken harren rollen ek yn dizze ferzje yn, dy't ûnder rezjy stie fan House sels. Yn novimber 2017 waard in neisyngronisaasje fan Moana yn it Hawaïaansk oankundige, dy't op 10 juny 2018 yn premiêre gie. Foar dy ferzje fan 'e film sprieken Auli‘i Cravalho en Nicole Scherzinger, dy't fan etnysk Hawaïaansk komôf binne, harren rollen op 'e nij yn it Hawaïaansk yn.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De filmkritisy hiene allinne mar lof foar Moana. Yn The Wall Street Journal skreau Joe Morgenstern dat de film "moai is op mear manearen as ik sizze kin, tanksij de genialiteit fan mear animators as ik telle kin." Op RogerEbert.com joech Christy Lemire Moana trije en in heale stjer (fan fjouwer). Hja skreau, ferwizend nei de krisis op it mêd fan 'e klimaatferoaring, dat Moana "ûnbidige fermaaklik" west hawwe soe lykfol wannear't de film útkommen wie, mar dat de publikaasje "op krekt dit momint yn 'e skiednis it in gefoel fan betsjutting jout – en fan ynspriraasje."

Yn it tydskrift Variety priizge resinsint Peter Debruge Moana, dat er omskreau as "in weromkear nei de heechtijdagen fan 'e Disney-Renêssânse." Hast alle kritisy hiene lof foar animator Eric Goldberg, waans hântekene animaasje fan Maui's tatoeaazjes neffens ferskate resinsinten "de show stiel" fan 'e eigentlike kompjûteranimearre film.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Moana in útsûnderlik heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 271 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, sei: "Mei in titelpersonaazje dat like trije-diminsjonaal is as de wielderige animaasje fan 'e film, en in ferhaal dat nije djipte jout oan Disney's troch de tiid beproefde formule, is Moana wierlik in famyljefreonlik aventoer dat beklibje sil." Rotten Tomatoes parte de film it alfde plak ta op 'e ranglist fan 'e 75 bêste kompjûteranimearre films. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Moana in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 44 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst en winst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Moana $248,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris $394,5 miljoen. Bûten Noard-Amearika wiene de lannen mei de grutste opbringsten: Japan ($45,9 miljoen), Frankryk ($35,5 miljoen), de Folksrepublyk Sina ($32,8 miljoen), it Feriene Keninkryk ($25,3 miljoen), Brazylje ($22,9 miljoen), Austraalje ($19 miljoen), Dútslân ($17 miljoen), Itaalje ($15,9 miljoen) en Súd-Koreä ($15,5 miljoen). Moana die it ek útsûnderlik goed yn Ruslân, Meksiko, Spanje, Belgje, Nederlân en Frânsktalich Switserlân. Yn it Feriene Keninkryk en Ierlân hie de film lêst fan konkurrinsje fan J.K. Rowling har Fantastic Beasts and Where to Find Them.

Yn totaal brocht Moana wrâldwiid $643,3 miljoen op. It wie de fjirde film fan 'e Walt Disney Animation Studios efterinoar dy't mear as $600 miljoen opbrocht, nei Frozen (2013), Big Hero 6 (2014) en Zootopia (2016). Hoewol't The Walt Disney Company net bekendmeitsje woe hoefolle oft Moana eins koste hie, rûsden saakkundigen de produksjekosten op $150 oant 175 miljoen. Utgeande fan it heechste bedrach soe dat in winst opsmiten hawwe fan $468,3 miljoen minus marketingkosten. It tydskrift Deadline Hollywood berekkene dat de úteinlike winst sa'n $121,3 miljoen bedrage moast. Dêrmei soe Moana de op alve nei meast winstjaande film fan 2016 west hawwe.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moana waard nominearre foar twa Oscars, foar bêste lange animaasjefilm en foar bêste orizjinele liet (How Far I'll Go fan Lin-Manuel Miranda). De film krige ek twa nominaasjes foar in Golden Globe, op 'e nij foar bêste lange animaasjefilm en foar bêste orizjinele liet (How Far I'll Go). Foar de Grammy Awards waard Moana nominearre yn 'e kategory bêste gearstalde soundtrack foar fisuële media. How Far I'll Go wûn in Grammy foar bêste liet skreaun foar fisuële media. Fierders waard Moana nominearre foar in Britske BAFTA foar bêste animaasjefilm, in Satellite Award foar bêste animaasjefilm of film mei fermongen media, in Saturn Award foar bêste animaasjefilm, en twa Britske Empire Awards foar bêste animaasjefilm en bêste soundtrack.

By de Annie Awards fan 2017 waard Moana nominearre foar bêste animaasjefilm, bêste ûntwerp fan personaazjes yn in animaasjefilm (Jin Kim en Bill Schwab), bêste storyboard foar in animaasjefilm (Normand Lemay) en bêste montaazje fan in animaasjefilm (Jeff Draheim). De film wûn de Annie Award foar bêste animaasje-effekten yn in animaasjefilm (Ian J. Coony, John M. Kosnik, Blair Pierpont, Erin V. Ramos en Marlon West). De film wûn fierders in American Music Award foar bêste soundtrack en in Billboard Music Award foar bêste soundtrackalbum. Fan 'e akteurs wûn Auli‘i Cravalho (Moana) de Annie Award foar bêste stimakteur yn in animaasjefilm, en ek de Teen Choice Award foar trochbraak fan in filmstjer. Dwayne Johnson (Maui) wûn de Teen Choice Award foar favorite fantasy-akteur en ek waard er nominearre foar in NAACP Image Award foar bêste voice-over fan in personaazje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.