Chrissy Teigen
Chrissy Teigen | ||
model | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Christine Teigen | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 30 novimber 1985 | |
berteplak | Delta (Utah) | |
etnisiteit | Noarsk Taisk | |
wurkpaad | ||
soarte model | glamourmodel, mannekên | |
jierren aktyf | 2006 – no | |
offisjele webside | ||
www.sodelushious.com |
Chrissy Teigen (folút: Christine Teigen; Amerikaanske útspr.: ['ti:ɡən], "tii-g'n"; Delta (Utah), 30 novimber 1985) is in Amerikaansk model, presintatrise en blochster fan mingd Noarsk-Taisk etnysk komôf. Hja briek yn 'e Feriene Steaten troch mei har wurk foar it tydskrift Sports Illustrated. Ynternasjonaal waard Teigen bekend as sjuerylid by it itensiedersprogramma Snack-Off en as ko-presintatrise fan 'e playbackshow Lip Sync Battle.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teigen waard yn 1985 berne yn Delta, yn 'e steat Utah, as de dochter fan in Amerikaanske heit fan etnysk Noarsk komôf en in Taiske mem. Har heit wie elektrisiên fan berop, en it gesin ferhuze gauris. Har iere jonkheid brocht Teigen sadwaande troch op Hawaï, yn Idaho en yn Seattle. Uteinlik fêstige it gesin him yn Teigen har tinerjierren yn Huntington Beach, oan 'e kust fan súdlik Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Dêr waard se 'ûntdutsen' troch in fotograaf wylst se yn in surfwinkel wurke.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2006, doe't se 21 jier wie, sette Teigen útein mei har karriêre as model, wêrby't se har fertsjintwurdigje lit troch it ympressariaat IMG Models, út New York. Hja hat meiwurke oan reklamekampanjes fan û.m. Gillette (skearmeskes), Oil of Olay (skientmesalve), Nike (sportskuon), Skullcandy (koptillefoans) en de kleanmerken XOXO, UGG Australia, Rock and Republic en Beach Bunny Swimwear. Yn it tillefyzjeseizoen 2006-2007 foel se yn foar ien fan 'e modellen dy't de kofferkes mei jild fêsthâlde yn 'e populêre Amerikaanske kwis Deal or No Deal, op 'e stjoerder NBC.
Teigen har trochbraak kaam doe't har freondinne en kollega Brooklyn Decker de makkers fan it toanoanjaande Amerikaanske sportblêd Sports Illustrated op har opmerksum makke. Neitiid stie Teigen yn 2010 mei in fotoreportaazje yn 'e jierlikse baaikleanedysje fan dat tydskrift en waard se útroppen ta 'nijynkommelinge fan it jier'. Dat waard sa'n súkses dat se foar de baaikleanedysjes fan 2011, 2012, 2013 en 2014 weromfrege waard. Yn dat lêste jier stie Teigen yn 'e mande mei har kollega's Nina Agdal en Lily Aldridge op 'e omslach fan 'e edysje.
Nei 2010 begûn Teigen njonken har modellewurk ek oan in tillefyzjekarriêre, wêrby't se û.m. te sjen wie yn realityprogramma's as Watch What Happens Live en de talintejacht America's Next Top Model. Yn 2013 presintearre se it realityprogramma Model Employee, op 'e stjoerder VH1. Yn 2014 wie se sjuerylid by de itensiederswedstryd Snack-Off, dy't útstjoerd waard op MTV, en dêr't se ek bûten de Feriene Steaten bekendheid mei krige. Fan april 2015 ôf fungearre se as de mei-presintatrise fan LL Cool J yn 'e playbackshow foar ferneamde persoanen Lip Sync Battle op 'e tillefyzjestjoerder Spike TV, dêr't se in noch folle grutter publyk mei berikte.
Yn 2013 wurke Teigen mei oan 'e fideoklip fan it nûmer All of Me fan har freon John Legend. Teigen har oare grutte leafde is iten. Hja hâldt oer har ûnderfinings op dat mêd in blôch by en mei ûnder har reizen graach nije gerjochten prebearje. Yn febrewaris 2013 wurke se mei oan in dokumintêre fan it Cooking Channel mei as titel Chrissy Teigen's Hungry. Dêryn waard it menu foar har brulloft mei John Legend útinoarset. Fan septimber 2015 oant juny 2016 hie Teigen in itensiedersrubryk yn it praatprogramma FABLife, fan Tyra Banks.
Oare projekten fan harres binne in eigen baaikleankolleksje dy't se yn 2011 tegearre mei ûntwerper DiNeila Brazil makke. Yn oktober 2017 brocht se in eigen moadekolleksje. Yn 2018 brocht se fierders in kolleksje itensiedersnedichheden op 'e merk, tagelyk mei in eigen itensiedersboek dat Cravings by Chrissy Teigen hiet. Fierders wurke se as stimaktrise mei oan it fideospultsje Need for Speed: The Run, út 2011. Yn jannewaris 2015 makke Teigen har debút as aktrise mei in gastroltsje yn 'e tillefyzjesearje The Mindy Project. Yn febrewaris 2019 waard bekend dat Teigen as sjuerylid fungearje soe foar de stand-up comedy-kompetysje Bring the Funny.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chrissy Teigen kaam yn 2007 mei sjonger John Legend yn 'e kunde by de opnamen foar de fideoklip fan syn nûmer Stereo. Nei't se fjouwer jier mei-inoar omgien hiene, ferloofden se har yn desimber 2011. Hja trouden op 14 septimber 2013 yn it Italjaanske Como. Teigen en Legend krigen twa bern, dochter Luna (april 2016) en soan Miles (maaie 2018). Beide wiene oanset troch reägearbuisbefruchting. Yn septimber 2019 rekke Teigen behelle yn in Twitterskeel tusken har man John Legend en de Amerikaanske presidint Donald Trump. Nei't Trump harren oantsjut hie as "de saaie muzikant John Legend en syn smoarchbekte frou," neamde Teigen him yn in Twitterberjocht in "pussy ass bitch", in term dy't dêrnei op 'e sosjale media in eigen libben begûn te lieden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Chrissy Teigen
- (in) Folsleine filmografy fan Chrissy Teigen yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|