Jeri Ryan

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Jeri Ryan
Filmklapper.png akteur
Jeri Ryan yn 2014.
Jeri Ryan yn 2014.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jeri Lynn Zimmermann
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 22 febrewaris, 1968
berteplak München (Dútslân)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
Flag of Germany.svg Dútsk
jierren aktyf 1991 – no
prizen Satellite Award 1999
Saturn Award 2001
offisjele webside
www.jeri-ryan.net

Jeri Ryan (berne as Jeri Lynn Zimmermann; München, 22 febrewaris, 1968) is in Amerikaansk aktrise dy't benammentlik bekend wurden is fan har rol as de befrijde Borg Seven of Nine, yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Voyager. Hja hie fierders fêste rollen yn 'e science fiction-searje Dark Skies, de dramasearje Boston Public en de plysjesearje Body of Proof. Yn 2020 kroep Ryan fannijs yn 'e hûd fan Seven of Nine foar de nije Star Trek-rige Star Trek: Picard.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ryan waard yn 1968 berne yn it (doe noch) Westdútske München, as de dochter fan Gerhard Florian "Jerry" Zimmermann, in sersjant 1e klasse yn it Amerikaanske Leger fan Dútsk etnysk komôf, dy't dêrsanne stasjonearre wie, en dy syn frou Sharon, in sosjaal wurkster. Se hat ien âldere broer, Mark. As legerbern groeide se op op in grut ferskaat oan legerbases yn 'e Amerikaanske steaten Kansas, Marylân, Hawaï, Georgia en Teksas. Doe't se alve jier wie, swaaide har heit ôf út militêre tsjinst en fêstige it gesin him yn it stedsje Paducah, yn 'e steat Kentucky.

Ryan gie nei de middelbere skoalle yn Lone Oak, en nei't se dy yn 1986 ôfrûne hie, studearre se oan 'e Noardwestlike Universiteit te Evanston, in foarstêd fan Chicago, yn Illinois. Yn har studintetiid die Ryan mei oan skientmewedstriden, en yn 1989 waard se keazen ta Miss Illinois. Yn 1990 berikte se it fjirde plak by de Miss America-ferkiezing. Datselde jiers studearre se ôf mei in bachelortitel yn teäter.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid ferfear Ryan nei Los Angeles, om in karriêre as aktrise nei te stribjen. Se makke yn 1991 har debút op 'e tillefyzje mei in gastroltsje yn 'e bekende komeedzjesearje Who's the Boss? Dêrnei folgen ferlykbere rollen yn û.m. de fantasytillefyzjesearje The Flash, it rjochtbankdrama Matlock, de detektivesearjes Murder, She Wrote en Diagnosis: Murder en de soapsearje Melrose Place. Se briek troch mei har rol as de bûtenierdske detektive Juliet Stuart yn 'e rige Dark Skies, út 1997. Hoewol't dy searje nei ien seizoen al stopset waard, hie se der de oandacht fan 'e science fiction-mienskip mei lutsen.

Jeri Ryan yn 2010.

Datselde jiers noch waard Ryan útkeazen foar har bekendste rol, dêr't se wrâldferneamd mei waard, te witten: dy fan Seven of Nine yn 'e rige Star Trek: Voyager, út 'e Star Trek-franchise. Seven of Nine is yn dy science fiction-searje in minsklike frou dy't as jong famke "assimilearre" is troch de Borg, in grizelich ras fan sybernetyske bûtenierdske wêzens. Hja is sadwaande makke ta in tuskenbeiden wêzen dat heal fleis en bloed, heal masine is. Ryan joech har yn it fjirde seizoen fan 'e searje by de fêste cast, yn har no suver ikoanyske straksittende unifoarm, en de sjochsifers fan Star Trek: Voyager yn 'e Feriene Steaten fleagen ynienen mei 60% omheech. Se fertolke de rol fan Seven of Nine fan 1997 oant de ein fan 'e searje yn 2001, en groeide út ta in wier ynternasjonaal sekssymboal. Foar har rol fan Seven of Nine waard Ryan yn 1998 en 1999 nominearre foar de Saturn Award foar bêste aktrise yn in sjenresearje en yn 2000 foar bêste byrol fan in aktrise yn in sjenresearje. Yn 1999 wûn se de Satellite Award foar bêste aktrise yn in dramasearje en yn 2001 wûn se de Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in tillefyzjesearje.

Nei't Star Trek: Voyager ôfrûn wie, spile Ryan fan 2001 oant 2004 de rol fan Ronnie Cooke yn it skoaldrama Boston Public, wylst se ek gastrollen hie yn û.m. de komeedzjesearje Two and a Half Men, de dramasearje The O.C., it rjochtbankdrama Boston Legal en de plysjesearje Law & Order: Special Victims Unit. Fierders spile se yn ferskate films, lykas de ûnôfhinklike film Men Cry Bullets (1999) en de romantyske film Down with Love (2003). Yn The Last Man (2000) spile se de lêste frou op 'e Ierde.

Fan 2006 oant 2008 hie Ryan ien fan 'e haadrollen yn it rjochtbankdrama Shark, mei as tsjinspiler James Woods. Ek hie se fan 2009 oant 2011 sân ôfleverings lang in weromkearende rol yn 'e dramasearje Leverage. Fan 2011 oant 2013 hie se in fêste rol yn 'e medyske misdiesearje Body of Proof, njonken Dana Delany. Fan 2014 oant 2017 wie se yn in weromkearende rol te sjen yn trije ôfleverings fan 'e plysjesearje Major Crimes. As Veronica Allen spile Ryan fan 2016 oant 2019 yn tolve ôfleverings fan 'e plysjesearje Bosch.

Yn 2020 kroep Ryan fannijs yn 'e hûd fan har súksesrol Seven of Nine foar in nije Star Trek-rige, te witten: Star Trek: Picard. Yn it twadde seizoen waard se in fêst lid fan 'e cast yn dy searje. Star Trek: Picard draait om admiraal b.tsj. Jean-Luc Picard út 'e rige Star Trek: The Next Generation, út 'e 1980-er jierren. Ryan wurdt yn 'e nije searje sadwaande feriene mei sir Patrick Stewart, in oare akteur dy't wrâlferneamd wurden is troch Star Trek. Op dy wize wurde twa Star Trek-ikoanen gearbrocht. Foar har wurk yn it earste seizoen fan 'e searje waard Ryan nominearre foar de Saturn Award foar bêste gastrol yn in tillefyzjesearje.

Jeri Ryan yn 2019.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 kaam Ryan op in goeddiedichheidsevenemint yn 'e kunde mei de ynvestearringsbankier Jack Ryan, mei wa't se op 15 juny 1991 troude. Se krigen ien soan, Alex (1994). Jack Ryan wenne yn Chicago, wylst Jeri Ryan har karriêre yn Los Angeles hie. Harren hiele houlik troch reizgen se om bar op en del, oant se úteinlik op 27 augustus 1999 skieden.

Doe't Jack Ryan him yn 2003 kandidaat stelde foar de Amerikaanske Senaat, kaam er ûnder druk te stean om 'e reden foar de skieding iepenbier te meitsjen. Uteinlik bepaalde de rjochter yn juny 2004 dat alle offisjele stikken oangeande de skieding op 'e tafel komme moasten, ek al wiene sawol Jack as Jeri Ryan dêr op tsjin. Ut 'e stikken die bliken dat Jeri Ryan as direkte oanlieding foar de skieding opjûn hie dat Jack Ryan der by har op oanstien hie om seks mei him te hawwen yn iepenbiere romten en yn seksklubs yn New York, New Orleans en Parys. Jack Ryan hie al dy beskuldigings yn 1999 ûntkend, en doe't se yn 2004 iepenbier waarden, ûntstried er se op 'e nij. Hoewol't Jeri Ryan wegere hjiroer kommentaar te jaan, útsein ien koart kommunikee, soarge dizze affêre derfoar dat Jack Ryan him weromlûke moast út 'e striid om 'e senaatssit fan Illinois, wêrnei't syn wichtichste rivaal Barack Obama senator waard.

Nei har skieding fan har earste man gie Jeri Ryan yn 2000 in hoart om mei Brannon Braga, ien fan 'e produsinten fan Star Trek: Voyager. Dêrby waarden hja stalkt troch in Marlon Estacio Pagtakhan, dy't har neffens de berjochten yn 'e media brieven stjoerde wêryn't er Ryan mei ferkrêfting en Braga mei marteling bedrige. Pagtakhan waard yn maaie 2001 feroardiele foar stalking en bedriging.

Yn 2003 kaam Ryan, dy't hobbykok en frankofyl is, yn 'e kunde mei de Frânske sjef-kok Christophe Émé. It pear troude op 16 juny 2007 yn it Frânske departemint Maine-et-Loire, yn it fyftjinde-iuwske Château de Noirieux, ûnder Angers. Yn 2008 krigen se in dochter, Gisèle Émé, berne te Los Angeles. Tegearre wiene Ryan en Émé fierders fan 2005 oant 2010 eigner fan it restaurant Ortolan, ek yn Los Angeles.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1991 Who's the Boss? Pam gastrol; ôfl. The Unsinkable Tony Micelli
1991 The Flash Felicia Kane gastrol; ôfl. The Deadly Nightshade
1991 Top of the Heap Tyler gastrol; ôfl. The Marrying Guy
1991 Nightmare in Columbia County Dawn Elizabeth Smith tillefyzjefilm; ek bekend as Victim of Beauty
1991 Nurses Lisa gastrol; ôfl. Mother, Jugs, and Zach
1991 Reasonable Doubts Rachel Beckwith gastrol; ôfl. Graduation Day
1992 Flash III: Deadly Nightshade Felicia Kane tillefyzjefilm
1992 Just Deserts Nicole tillefyzjefilm
1993 In the Line of Duty: Ambush in Waco Rebecca tillefyzjefilm
1993 The Jackie Thomas Show Pauline Yardley gastrol; ôfl. Jackie and the Model
1993 Matlock Carrie Locke gastrol; 2 ôfl.
1994 Time Trax Lauren Sanders gastrol; ôfl. Out for Blood
1995 Murder, She Wrote Maura gastrol; ôfl. Death n' Denial
1995 Charlie Grace Claire gastrol; ôfl. Designer Knock-Off
1996 The Client Jennifer gastrol; ôfl. The Morning After
1996 Melrose Place Valerie Madison gastrol; 2 ôfl.
1996 Diagnosis: Murder Melissa Farnes gastrol; ôfl. Murder by the Book
1996 Pier 66 Beth Saunders tillefyzjefilm
1997 Dark Skies Juliet Stuart haadrol; 8 ôfl.
1997–2001 Star Trek: Voyager Seven of Nine fêste rol; 102 ôfl.
Satellite Award foar bêste aktrise yn in dramasearje (1999)
Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in tillefyzjesearje (2001)
2 × nom. Saturn Award foar bêste aktrise yn in sjenresearje (1998 & 1999)
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise yn sjenresearje (2000)
1999 The Sentinel Alexis Barnes gastrol; 2 ôfl.
1999 Dilbert Seven of Nine-wekker gastrol; ôfl. The Gift
2001–2004 Boston Public Ronnie Cooke fêste rol; 59 ôfl.
2004–2011 Two and a Half Men Sherri weromkearende rol; 3 ôfl.
2005 The Commuters Anne tillefyzjefilm
2005 The O.C. Charlotte Morgan weromkearende rol; 7 ôfl.
2006 Boston Legal Courtney Reese weromkearende rol; 2 ôfl.
2006–2009 Iron Chef America n.f.t. dielnimmer oan in reality-itensiedersprogramma; 2 ôfl.
2006–2008 Shark Jessica Devlin fêste rol; 34 ôfl.
2009 Law & Order: Special Victims Unit Patrice Larue weromkearende rol; 3 ôfl.
2009–2011 Leverage Tara Cole weromkearende rol; 8 ôfl.
2010 Dead Lines Sophie Fyne tillefyzjefilm
2010 Psych dokter Kim Phoenix gastrol; ôfl. The Head, the Tail, and the Whole Damn Episode
2010 Secrets in the Walls Rachel Easton tillefyzjefilm
2011 Law & Order: Criminal Intent Naomi Halloran gastrol; ôfl. Boots on the Ground
2011 Mortal Kombat: Legacy Sonya Blade weromkearende rol; 2 ôfl.
2011–2012 Warehouse 13 majoar Amanda Lattimer weromkearende rol; 2 ôfl.
2011–2013 Body of Proof Kate Murphy fêste rol; 42 ôfl.
2014–2017 Major Crimes Linda Rothman weromkearende rol; 3 ôfl.
2014 Helix Constance Sutton weromkearende rol; 2 ôfl.
2015 NCIS Rebecca Chase (2e eks-frou fan Gibbs) gastrol; ôfl. Check
2015 Arrow Jessica Danforth gastrol; ôfl. The Candidate
2016 Against the Wild: Survive the Serengeti Jennifer Croft tillefyzjefilm
2016–2019 Bosch Veronica Allen weromkearende rol; 12 ôfl.
2020–no Star Trek: Picard Seven of Nine fêste rol; >10 ôfl.
nom. Saturn Award foar bêste gastrol yn in tillefyzjesearje
2020 The Ready Room n.f.t. gast yn in praatprogramma; 2 ôfl.
2020 MacGyver Gwendolyn Hayes weromkearende rol; 3 ôfl.
films
1999 Men Cry Bullets Lydia
2000 The Last Man Sarah
2000 Disney's The Kid gast fan Larry King
2000 Dracula 2000 Valerie Sharpe ek bekend as Wes Craven Presents: Dracula 2000
2003 Down with Love Gwendolyn
2010 Mortal Kombat: Rebirth Sonya Blade koarte film
2019 Devil's Revenge Susan
fideospultsjes
2001 Star Trek: Voyager – Elite Force Seven of Nine as stimaktrise; yn patch 1.2 en it Expansion Pack
2014 & 2020 Star Trek Online Seven of Nine as stimaktrise

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.