Springe nei ynhâld

Evanston (Illinois)

Ut Wikipedy
Evanston
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Illinois
County Cook County
Sifers
Ynwennertal 74.756 (2017)
Oerflak 20,21 km² (ynkl. wetter)
20,15 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 3.699,0 / km²
Stêdekloft Chicago
Hichte 182 m
Oar
Stifting 1857
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 42°02′47″N 87°41′41″W
Offisjele webside
cityofevanston.org
Kaart
De lizzing fan Evanston yn Cook County en yn 'e steat Illinois.

Evanston (útspr.: ['ɛvənstən], likernôch: "eh-vun-stun") is in stêd yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Illinois. It is in wichtige foarstêd fan Chicago, en leit oan 'e noardkant fan dy metropoal oan 'e kust fan 'e Michiganmar. Evanston stiet benammen bekend as it plak dêr't de promininte Noardwestlike Universiteit fêstige is. It is ien fan 'e rykste stêden fan noardlik Illinois. Neffens in offisjele skatting út 2017 hie Evanston doe krapoan 75.000 ynwenners. Fanwegen de sterke metodistysk-protestantske ynfloed hie Evanston foarhinne de bynamme 'Heavenston' (in wurdboarterij op 'Evanston' en heaven, "himel").

Evanston leit yn it uterste noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Illinois, op sa'n 19 km fan 'e binnenstêd fan Chicago. It grinzget yn it noarden oan Wilmette, yn it westen oan Skokie, yn it suden oan Chicago en yn it easten oan 'e Michiganmar. It heart ta de saneamde North Shore fan 'e stêdekloft fan Chicago. Evanston hat in oerflak fan 20,21 km², wêrfan't 20,15 km² út lân bestiet en 6 hektare út oerflaktewetter. De grinzen fan 'e stêd Evanston komme oerien mei dy fan it eardere distrikt Evanston Township, dat yn 2014 opheft waard nei de kiezers dêr yn in referindum foar stimd hiene.

Foarôfgeande oan 'e 1830-er jierren wie it gebiet dêr't Evanston no leit fierhinne ûnbewenne. It bestie doe út iepen moerassen en sompich wâldlân, en waard brûkt as trochgongskrite en om te jeien troch de Potawatomy-Yndianen, dy't op 'e heger leine plakken út en troch in tydlik kamp opsloegen. Iere Frânske ûntdekkingsreizgers joegen de krite de namme Grosse Pointe ("Grutte Punt") nei in lânpunt dy't likernôch 21 km benoarden de mûning fan 'e rivier de Chicago útstiek yn 'e Michiganmar. Doe't yn 1836 de earste blanke Amerikaanske kolonisten har yn it gebiet nei wenjen setten, kaam it sadwaande bekend te stean as it Grosse Point Territory. De krite bleau lykwols tinbefolke, en de kolonisten ûnderholden harsels mei buorkjen en houtkap.

Utsjoch op Fountain Square.

Yn 1850 waard in plattelânsdistrikt oprjochte mei de namme Ridgeville Township, dat rûn fan it Graceland Cemetery yn Chicago oant de súdlike grins fan wat doe it Ouilmette Reservaat wie. Neffens de Amerikaanske folkstelling fan 1850 wennen der doe yn dy oansjenlike krite noch mar in pear hûndert minsken. Yn 1851 rjochte in groep metodistyske sakelju oan 'e kust fan 'e Michiganmar op lân yn Ridgeville Township dat se kochten fan in dokter John Foster, de Noardwestlike Universiteit op. Yn 1954 tsjinnen se by it countybestjoer plannen yn foar de stifting fan in delsetting dy't 'Evanston' komme moast te hjitten, nei ien fan harren foaroanlju, John Evans.

Dêrfoar krigen se yn 1857 tastimming, en doe setten se der daliks mei útein. Evanston Township waard, tagelyk mei Lake View Township, fan Ridgeville Township ôfspjalten. De delsetting Evanston krige op 29 desimber 1863 de status fan town, mar wiisde yn 1869 it foarstel om stedsrjochten te krijen ôf, ek al hie it Steatskongres fan Illinois dêrta spesjaal in wet oannommen. Nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch begûn Evanston him út te wreidzjen, earst troch de anneksaasje fan it doarp North Evanston. Letter waard ek it doarp South Evanston anneksearre. Lykwols waard Evanston pas yn 1892 in stêd. Sûnt binne de stedsgrinzen fierhinne itselde bleaun, hoewol't yn 'e 1960-er jierren troch de Noardwestlike Universiteit 30 hektare fan 'e Michiganmar ynpoldere waard.

Yn april 1893 waard yn Evanston elektrisiteit oanlein. Yn augustus 1954 waard de twadde synoade fan 'e Wrâldried fan Tsjerken yn Evanston holden, wêrby't presidint Dwight Eisenhower as gasthear fungearre en Dag Hammarskjöld, de siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes, in taspraak hold. Fan 1858 ôf wie yn Evanston mear as 110 jier lang de drûchlizzing fan krêft. Pas yn 1972 stimde de gemeenterie yn mei in foarstel om hotels en restaurants ta te stean om alkohoalyske dranken te skinken, en dêrnei duorre it noch oant 1984 ear't it oan winkels yn Evanston tastien waard om alkohol te ferkeapjen.

Bestjoer en polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Evanston wurdt bestjoerd troch in keazen boargemaster en in gemeenterie mei njoggen sitten. De gemeenteriedsleden fertsjintwurdigje elts ien fan 'e njoggen wiken (wards) fan Evanston, dy't as harren kiesdistrikten fungearje. Fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch oant de 1960-er jierren wie Evanston stevich yn 'e hannen fan 'e Republikeinen. By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1968 stimde de stêd noch yn mearderheid op 'e Republikeinske kandidaat Richard Nixon. Neitiid begûnen de ynwenners fan Evanston yn mearderheid op 'e Demokratyske Partij te stimmen, hoewol't se pas yn 1993 foar it earst in Demokratyske boargemaster keazen.

De yngong fan 'e kampus fan 'e Noardwestlike Universiteit.

Evanston hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Evanston is sterk ferbûn mei de Noardwestlike Universiteit, dy't mei krapoan 9.500 banen fierwei de grutste wurkjouwer fan 'e stêd is. Op ôfstân folget it NorthShore University HealthSystem, in koepelorganisaasje fan akademyske sikehuzen yn 'e stêdekloft fan Chicago, mei goed 3.700 banen. De relaasje tusken de Noardwestlike Universiteit en de gemeente Evanston is bytiden net sa noflik, om't by de oprjochting fan 'e universiteit yn 1851 yn it hânfêst opnommen is dat de Noardwestlike Universiteit gjin ûnreplikgoedbelesting hoecht te beteljen. No is dat mei guon oare universiteiten yn 'e Feriene Steaten krekt-en-gelyk, mar dy meitsje dan ek net gebrûk fan gemeentlike tsjinsten. De Noardwestlike Universiteit hat wol in eigen plysjetsjinst, mar is ôfhinklik fan 'e gemeentlike brânwacht en ambulânsetsjinst, hoewol't de ynstelling dêr dus net foar betellet. Kritisy karakterisearje de Noardwestlike Universiteit dêrom as in soarte fan parasyt, dy't folle mear fan 'e gemeente nimt as dat bydroegen wurdt.

Behalven de Noardwestlike Universiteit is yn Evanston ek it Muzyk Ynstitút fan Chicago fêstige, krekt as de haadkertieren fan Rotary International, de Woman's Christian Temperance Union (in hielûnthâldersorganisaasje fan froulju) en ferskate Amerikaanske nasjonale studinteferienings (Alpha Phi, Sigma Alpha Epsilon en Sigma Chi). Der is ien iepenbiere skoalle foar fuortset ûnderwiis, de Evanston Township High School, dêr't mear as 4.000 learlingen op sitte. Dêrnjonken is der ek in Montessoriskoalle foar fuortset ûnderwiis, de Beacon Academy. De tsien iepenbiere legere skoallen, trije iepenbiere middelskoallen, twa magneetskoallen en twa skoallen foar dreech learende bern binne ûnderbrocht by it Evanston-Skokie Community Consolidated School District 65. Ek binne der noch ferskate kristlike skoallen, benammen fan roomske sinjatuer.

De winkelstrjitte Davis Street (lofterhelte fan 'e foto, fertikaal).

Evanston hat twa sikehuzen: it Evanston Hospital, dat diel útmakket fan it NorthShore University HealthSystem, en it roomske Saint Francis Hospital of Evanston. De pleatslike bibleteek, de Evanston Public Library, waard oprjochte yn 1873 en hie yn 2013 trije fêstigings. Yn Evanston stiet ek it Mitchell Museum fan de Amerikaanske Yndiaan. Kwa berikberheid wie Evanston oarspronklik sterk ôfhinklik fan 'e treinen fan 'e Chicago & Milwaukee Railway, dy't yn 1855 in spoarstasjon by de Noardwestlike Universiteit iepene. Letter rûn de North Shore Line fan Chicago oer Evanston nei Waukegan (Illinois) en Milwaukee. Tsjintwurdich is Evanston mei Chicago ferbûn troch de Purple Line en de Yellow Line fan 'e Chicago 'L', de (boppegrûnske) metro. Foar weiferkear is Evanston út Chicago wei berikber fia de Lake Shore Drive, de Edens Expressway (Interstate 94) en McCormick Boulevard.

Evanston hat twa susterstêden, hjirûnder werjûn op folchoarder fan it oangean fan 'e stêdebân.

Yn 1880 hie Evanston 4.400 ynwenners, en oan it begjin fan 'e tweintichste iuw wie dat tal omheech gien nei rom 19.000. De grutste oanwaaks fan 'e befolking fûn yn 'e 1920-er jierren plak, doe't it ynwennertal omheech gie fan goed 37.000 yn 1920 nei goed 63.000 yn 1930, in groei fan 70,1%. Yn 1970 berikte de befolking fan Evanston syn grutste omfang mei krapoan 80.000 minsken. Dêrnei sakke it werom oant goed 73.000 yn 1990, folge troch in lichte groei nei 74.486 yn 2010. Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Evanston yn 2017 in befolking fan 74.756 minsken. De befolkingstichtens bedroech 3.699,0 minsken de km².

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Evanston 12,2% âlder as 65 jier en 19,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 37,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2011 12,1% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 14,1% fan dejingen yn 'e leeftydskategory ûnder de 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 56,6% blanken; 18,1% swarten; 9,0% Latino's; 8,6% Aziaten; 0,2% Yndianen; 7,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De iepenbiere bibleteek fan Evanston.

Berne yn Evanston

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Evanston

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Evanston hat in fochtich lânklimaat, mei fjouwer dúdlik ûnderkate jiertiden. Der binne waarme oant hjitte en faak neare simmers en kâlde snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –0,3 °C. Evanston kriget jiers trochinoar 992,9 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 94 sm snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.