Springe nei ynhâld

Auli‘i Cravalho

Ut Wikipedy
Auli‘i Cravalho
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAuli‘i Cravalho
nasjonaliteit Amerikaansk
berne22 novimber 2000
berteplakKohala (Hawaï)
etnisiteit Iersk
Hawaïaansk
Portegeesk
Portorikaansk
Sineesk
jierren aktyf2016 – no
prizenAnnie Award 2016
Teen Choice Award 2017
offisjele webside
Auli‘i Cravalho op Twitter

Auli‘i Cravalho (útspr.: [aʊ'li:ʔi krə'vɑ:ljo:], likernôch: "au-lii-y kruh-vaal-joo"; Kohala (Hawaï), 22 novimber 2000) is in Amerikaansk aktrise, sjongster en muzikante fan Hawaïaansk komôf. Se waard benammen bekend troch har fertolking fan 'e titelrol yn 'e Disney-tekenfilm Moana, en spile letter as Lilette Suarez yn 'e dramasearje Rise, de dramafilm All Together Now fan Netflix en de romantyske komeedzje Crush.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cravalho waard yn 2000 berne yn Kohala, op it eilân Oähû yn 'e Amerikaanske steat Hawaï. Se is fan mingd etnysk komôf, mei Hawaïaansk, Portegeesk, Iersk, Portorikaansk en Sineesk bloed. Se waard yn it stedsje Mililani grutbrocht troch har mem, Puanani Cravalho, en genoat middelber ûnderwiis op 'e Kapālama-kampus fan 'e Kamehameha Schools.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2015, doe't se fyftjin jier wie, hearde Cravalho dat The Walt Disney Company op Oähû audysjes hold foar in Hawaïaanske stimaktrise dy't har stim liene koe oan it titelpersonaazje yn 'e nije jûnfoljende tekenfilm Moana. Yn 't earstoan wie se sels net fan doel om audysje te dwaan, om't se ek heard hie dat dêrfoar al withoefolle oanmeldings dien wiene fia YouTube. Mar doe't se troch in talintescout ûntdutsen waard op in goeddiedichheidsevenemint, fitere dy har oan om ek in oanmelding yn te tsjinjen. Disney befêstige letter dat Cravalho de alderlêste fan 'e hûnderten gadingmaksters wie dy't har oanmelden hiene foar de audysjes.

De kar foel lykwols op har en sa waard sy de stim fan Moana yn 'e film mei deselde namme, dy't yn 2016 yn 'e bioskopen útbrocht waard. Foar dy rol wûn Cravalho yn 2016 de Annie Award yn 'e kategory bêste stimaktrise yn in lange tekenfilm, in priis dy't se diele moast mei Ginnifer Goodwin foar dy har rol yn Zootopia. Yn 2017 wûn Cravalho foar Moana ek de Teen Choice Award foar bêste trochbraak fan in stjer.

Yn febrewaris 2017 waard bekendmakke dat Cravalho cast wie foar de fêste rol fan Lilette Suarez yn 'e dramasearje Rise. De earste ôflevering fan dy tillefyzjesearje waard op 13 maart 2018 op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder NBC útstjoerd. Op 15 maaie fan dat jier waarden de útstjoerings lykwols stopset fanwegen te lege sjochsifers.

Yn 2017 wie Cravalho op 'e nij yn rol fan Moana belutsen by de koarte tekenfilm Moana: Gone Fishing. Yn novimber fan dat jier makke se sels bekend dat se op 'e nij de stim fan Moana ynsprekke soe yn 'e tekenfilm mei deselde namme foar de earste yn it Hawaïaansk neisyngronisearre filmferzje aller tiden. De Hawaïaanske ferzje fan Moana gie op 10 juny 2018 yn 'e bioskopen op Hawaï yn premiêre. Yn 2018 hie Cravalho ek in cameo as Moana yn 'e nije Disney-tekenfilm Ralph Breaks the Internet.

Auli‘i Cravalho yn 2016.

Fierders stie Cravalho datselde jiers yn New York op 'e planken mei in rol yn it toanielstik Have a Nice Day, dat off-Broadway spile. Yn 2019 hie se in gastrol yn in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Weird City. Teffens spile se dat jiers de haadrol fan Ariel yn The Little Mermaid Live!, in live- en live-action konsertferzje fan The Little Mermaid, dy't op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard troch it tillefyzjenetwurk ABC.

Cravalho spile ek yn 'e dramafilm All Together Now, dy't yn 2020 foar Netflix makke waard. Fierders wie se yn 2022 te sjen yn 'e romantyske komeedzje Crush, dy't fia de streamingtsjinst Hulu útbrocht waard. Yn 2023 sil de tekenfilmsearje Hailey's On It! op 'e tillefyzje komme, wêryn't Cravalho de titelrol spilet.

Yn april 2020 kaam Cravalho út 'e kast as biseksueel. Yn juny 2021 makke se buorkundich dat se talitten wie ta de Universiteit fan Columbia yn New York, en dat se fan doel wie om miljeuwittenskippen te studearjen.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
2016MoanaMoanaas stimaktrise yn 'e Ingelsk- en Hawaïaansktalige ferzjes
Annie Award foar stimakteur yn in lange tekenfilm
Teen Choice Award foar bêste trochbraak fan in stjer
nom. Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in fantasyfilm
nom. Kids' Choice Award foar bêste 'frijannen' (mei Dwayne Johnson)
2017Moana: Gone FishingMoanaas stimaktrise; koarte film
2018Ralph Breaks the InternetMoanaas stimaktrise; cameo
2020All Together NowAmber Appleton
2022CrushA.J. Campos
2022Darby and the DeadCapri Donahue
20??Mean Girls: The MusicalJanis Sarkisian
tillefyzje
2018RiseLilette Suarezfêste rol
2019Weird CityRayna Perezgastrol; ôfl. Go to College
2019The Little Mermaid Live!Ariellive konsertregistraasje; tillefyzjespecial
2019Elena of AvalorVeronicaas stimaktrise; gastrol; ôfl. The Last Laugh
2022Harmonious Live!harselslive konsertregistraasje; tillefyzjespecial
2022Maui Shark Mysteryfertelster
2023Hailey's On It!Haileyas stimaktrise; fêste rol
2023The PowerJos Cleary-Lopez  fêste rol
fideospultsjes
2019The Sims 4Nalani Mahi‘aias stimaktrise; Sims 4: Island Living Gameplay Trailer
2022Disney Dreamlight Valley  Moanaas stimaktrise
2023Ark 2Meekaas stimaktrise
fideoclips
2018Live Your Storyharselsfideoclip foar Walt Disney Records

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.