Romantyske komeedzje

Ut Wikipedy
Marilyn Monroe en Tom Ewell yn The Seven Year Itch, in klassike romantyske komeedzje.

De romantyske komeedzje, ek wol bekend ûnder de Ingelske ôfkoarting romcom, is in filmsjenre dat romantyk tusken de haadpersoanen kombinearret mei in lichthertige, humoristyske plot. Hjirby giet it yn 'e regel om in manlike en in froulike haadpersoan dy't alderhanne (foar it publyk komyske) obstakels oerwinne moatte om inoar úteinlik te krijen. Dêrmei is it in subsjenre fan sawol de filmkomeedzje as fan 'e romantyske film, hoewol't der ek beskate eleminten binne dy't net út ien fan dy beide sjenres ôfkomstich binne. De romantyske komeedzje giet werom op soartgelikense toanielstikken, lykas William Shakespeare syn Folle Spul om Neat en In Midsimmernachtdream.

De klassike romantyske komeedzje giet oer in man en frou dy't mei inoar yn 'e kunde komme, mar nettsjinsteande in wjerssidige oantrekkingskrêft, dy't alteast foar it publyk dúdlik is (mar foar harrensels net altyd), net daliks in romantyske relaasje krije. As se op in beskaat stuit yn it ferhaal, nei ferskate komyske sênes, byinoar wei reitsje, beseft ien harren of beseffe se allebeide dat se dochs byinoar hearre, mar dan hat it ornaris noch hiel wat fuotten yn 'e ierde ear't de leafde alles oerwint en der in happy end plakfynt. Der bestiet in justjes ôfwikende fariant fan dit sjenre wêryn't de haadpersoanen oan it begjin fan 'e film al in relaasje hawwe, dy't lykwols ûnder druk komt te stean sadat se úteinoar geane. Oan 'e ein fan 'e film komme se dan wer byinoar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.